Nanûm wie, neffens de Sûmearyske Keningslist, de achtste kening fan it Akkadyske Ryk, dy't yn 2191 f.Kr. op 'e troan kaam. Oer him is frijwol neat bekend. Neffens deselde boarne wie hy ien fan fjouwer rivalisearjende troanpretendinten (de oaren wiene Igigi, Ilûlû en Imi), dy't inoar bestrieden yn in trijejierrige tiid fan gaos yn it ryk. Dy snuorje is ek wol karakterisearre as in ynterregnum. Nanûm wie de opfolger fan Imi, en waard yn 2190 f.Kr. sels opfolge troch Ilûlû, mar oan 'e dusoarder kaam pas in ein doe't Dûdû yn 2189 f.Kr. oan 'e macht kaam.
Kategory:Kening fan Akkad Kategory:Kening fan Sûmearje Kategory:Akkadyske adel Kategory:Persoan berne yn de 23e iuw f.Kr. Kategory:Persoan stoarn yn de 22e iuw f.Kr.