Igigi wie, neffens de Sûmearyske Keningslist, de sechsde kening fan it Akkadyske Ryk, dy't nei it ferstjerren fan Sjar-Kali-Sjarri yn 2193 f.Kr. op 'e troan kaam. Oer him is frijwol neat bekend. Neffens deselde boarne wie hy ien fan fjouwer rivalisearjende troanpretendinten (de oaren wiene Ilûlû, Imi en Nanûm), dy't inoar bestrieden yn in trijejierrige tiid fan gaos yn it ryk. Dy snuorje is ek wol karakterisearre as in ynterregnum. Igigi waard yn 2192 f.Kr. opfolge troch Imi, mar oan 'e dusoarder kaam pas in ein doe't Dûdû yn 2189 f.Kr. oan 'e macht kaam.
Kategory:Kening fan Akkad Kategory:Kening fan Sûmearje Kategory:Akkadyske adel Kategory:Persoan berne yn de 23e iuw f.Kr. Kategory:Persoan stoarn yn de 22e iuw f.Kr.