De Tsjerke fan it Hillich Grêf, koartwei de Hillich Grêftsjerke, is in tsjerkegebou yn 'e histoaryske binnenstêd fan Jeruzalim, Israel. De tsjerke is ien fan 'e hilligste plakken fan it Kristendom en stiet op it plak dêr't, neffens tradysjes dy't yn alle gefallen op 'e fjirde iuw werom geane, Jezus fan Nazaret krusige waard èn begroeven èn opstien is. thumb|left|Diagram fan 'e tsjerke mei de lokaasje fan 'e twa hillige plakken. It grêf is troch in Aedicula, in 19e iuwsk hillichdom, omsletten. Yn 'e tsjerke binne de lêste fjouwer (of neffens guon beskriuwings fiif) staasjes fan 'e Via Dolorosa, dy't de lêste episoades fan it lijen fan Jezus ferstsjintwurdigje. Sûnt de oprjochting yn 'e fjirde iuw is de tsjerke in wichtich beafeartsplak, dêr't ek de opstanning fan Jezus plak fûn hawwe soe. Yn 'e eastersk-otterdokse tjerken wurdt it hillichdom dêrom ek mei Tsjerke fan 'e Opstanning oantsjut.
Hjoeddedei tsjinnet it gruttere kompleks om de Grêftsjerke ek as de sit fan 'e Gryksk-Otterdokse patriarch fan Jeruzalim, wylst it behear fan 'e tsjerke dield wurdt troch ferskillende kristlike denominaasjes en yn komplekse oerienkomsten regele is, dy't al sûnt 160 jier gjin feroarings yn oanbrocht binne en guon dêrfan noch folle âlder binne. De roomsk-katolike, gryksk-otterdokske en armeenske-apostoalyske tsjerken binne de wichtichste denominaasjes dy't eigendommen yn 'e tsjerke hawwe, yn mindere mate ek de koptyske, Syryske en Etiopyske otterdokse tsjerken. Protestanten binne yn 'e tsjerke net fertsjintwurdige.
Al iuwenlang binne de kaaien fan 'e tsjerke yn behear by twa islamityske famyljes: de famylje Joudeh bewarret de kaaien en de famylje Nusseibeh iepenet moarns de doar en slút dy jûns wer.
De tsjerke is ûnderdiel fan it UNESCO wrâlderfgoed fan 'e Alde Stêd yn Jeruzalim. Skiednis Rillegau nei de krúsdea fan Jezus waarden Golgota en Syn grêf foar de earste kristenen wichtige plakken fan ferearing. Yn it jier 70 nei Kristus ferneatige keizer Titus Jeruzalim. Doe't keizer Hadrianus op 'e âlde stêd Jeruzalim yn 131 de Romeinske koloanje Aelia Capitolina stifte, liede dat ta de Bar Kochba-opstân (132-136). Nei it mislearjen fan dy opstân joech keizer Hadrianus opdracht om oer de kristlike hillichdommen in grutte heidenske timpel del te setten. Dat died er mei sin om sa alle oantinkens oan Kristus te ferneatigjen.Israel en de Palestijnse gebieten, LANWB Kunstreisgids Bou thumb|left|Helena fan Konstantinopel fynt it Wiere Krús (Gerard Douffet). Nei't keizer Konstantyn in fizioen fan in krús oan 'e himel krige, bekearde er him ta it kristendom en tekene er it Edikt fan Milaan, wêrmei't de kristlike religy legalisearre waard. Hy stjoerde syn mem Helena nei Jeruzalim om dêr te sykjen nei it grêf fan Kristus. Mei de help fan 'e biskop Eusebius fan Cecerea en biskop Makarius fan Jeruzalim fûnen se trije krusen by in grêf, itjinge der ta late dat de Romeinen tochten dat se Golgota ûndutsen hiene. Konstantyn joech yn 326 opdracht om de dêr steande timpel fan Jupiter ôf te brekken. Nei it ferwiderjen fan de lêste resten waard de grûn yn 'e grot ferwidere en in tombe bleatlein, dy't Helena en Makarius identifisearren as it plak dêr't Jezus begroeven wie. Yn 327 joegen Konstantyn en Helena opdracht ta de bou fan 'e Bertetsjerke yn Betlehem ta oantinken fan 'e berte fan Jezus.
De Grêftsjerke waard as ferskate konstruksjes oer de twa hillige plakken boud: op it oarspronklike plak dêr't Jezus de krúsdea stoar in basilika en oan 'e oare kant fan in binnenhôf, op it plak dêr't Jezus begroeven waard, in rotunda, dy't de namme Anastasis (Opstanning) krige.
De tsjerke waard op 13 septimber 335 ynwijd. Alle jierren wurdt yn 'e easterske otterdoksy it jubileum fan dy wijing fierd.
Skea en ferneatiging thumb|Grûnplan fan de Grêftsjerke mei omjouwing - Chrysanthus fan Bursa - 1807. It gebou waard yn 614 troch brân ferneatige doe't de Sassaniden Jeruzalim binnenfoelen en it Wiere Krús yn besit krigen. Nei't keizer Heraklius yn 630 Jeruzalim werom ferovere liet er de tsjerke wer opbouwe. Doe't de Arabieren de stêd feroveren, bleau it gebou in kristlike tsjerke. De earste islamityske hearskers beskermen de kristlike hillige plakken yn Jeruzalim en se ferbeane it om de plakken yn wenten om te setten.
Neffens in oerlevere ferhaal soe kalyf Umar ibn al-Khattab de tsjerke besocht ha om dêr te bidden. Mar op it momint doe't it tiid wie om te bidden ferliet er de tsjerke om bûten te bidden. Hy wy benaud dat oars oare generaasjes dêryn de legitimaasje seagen om de tsjerke yn in moskee te feroarjen. Eutychius foege ta dat Umar in dekreet skreau dat moslims ferbea om yn 'e tsjerke te bidden.
Yn it jier 746 rekke de tsjerke slim skeind troch in ierdskodding. In oare ierdskodding yn 'e 9e iuw skansearre de koepel fan de Anastasis. De brân fan 841 skansearre it ynterieur fan 'e basilyk en nadere hast de rotunda. Doe't islamityske legers in Syrje ferslein waarden ûntstie der opstân. By de wraakaksjes fan 'e moslims waard patriarch Jehannes VII fermoarde en de tsjerke yn 'e brân stutsen.
Op 18 okober 1009 joech kalyf Al-Hakim bi-Amr Allah fan it kalifaat fan 'e Fatimiden (ek bekend ûnder de namme "De Nero fan 'e Islam") opdracht om de tsjerke, troch moslims spottend de "tsjerke fan 'e rûchskerne" neamd, te ferneatigjen. Dat barde yn it ramt fan in grutte kampanje om Palestina en Egypte fan alle kristlike hillichdommen te suverjen. Op in pear muorredielen nei waard de hiele tsjerke mei de grûn lyk makke. Yn kristlik Europa wie de skok op'e oanfallen op it hillichste plak ûnbidich. It makke de tiid ryp foar de oanset ta it ûnstean fan 'e lettere krústochten.
Weropbou thumb|left|Graffity fan krúsfarders yn 'e Grêftskjerke. Underhannelings tusken de Fatimiden en it Byzantynske Ryk yn 1027-1028 laten ta de tastimming fan 'e nije kalyf Ali az-Zahir (de soan fan Al-Hakim) om de tsjerke wer op te bouwen. De foltôging dêrfan fûn plak yn 1048. It wie in kostbere operaasje, dy't troch keizer Konstantyn IX Monomachos en patriarch Nicephorus fan Konstantinopel betelle waard. As konsesje foar de weropbou fan 'e Grêftsjerke moast de moskee yn Konstantinopel wer iepene wurde en de Khutbah-preken moasten tenei útsprutsen wurde yn az-Zahir's namme. Islamityske boarnen wolle ha dat in soad minsken wer it kristlike leauwe oannamen nei't se earder ûnder de ferfolgings fan Al-Hakim twongen wiene harren te bekearen ta de islam. Foar it frijlitten fan 5.000 islamityske finzenen fregen de Byzantinen ek de tastimming om it patriargaat yn Jeruzalim te herstellen en oare tsjerken op te bouwen, dy't ûnder Al-Hakim ferneatige wiene.
Hjoeddeiske boarnen neame it in fertsjinste fan 'e keizer dat er nei de oerienkomst mei az-Zahir ûnbidige bedragen útjoech om de weropbou fan 'e Grêftsjerke mooglik te meitsjen, itjinge it beskikbere jild fier te boppe gyng. It omtinken fan 'e nijbou gyng út nei de rotunda, wylst de grutte basilyk in púnbulte bleau. De nije tsjerke bestie út in iepen hôf mei oanslutend fiif kapellen eastlik fan 'e Opstanningshôf, dêr't de muorre fan 'e grutte tsjerke earder stie. De kapellen betochten de ferskate episoades út it lijen fan Kristus, lykas it finzen nimmen fan Kristus en de giseling dêrnei. Om't op it plak fan 'e grutte basilyk fierder neat barde, waarden de kapellen wol omskreaun as in soarte fan Via Dolorosa yn it lyts. Kristenen út Europa dy't yn 'e 10e iuw op beafeart nei Jeruzalim gyngen, fûnen in soad fan harren hillige plakken yn ferfal. De kontrole oer Jeruzalim en dus ek de Grêftsjerke wiksele ferskate kearen tusken de Fatimiden en de Seltsjûken, oant de krúsfarders yn 1099 harren oantsjinnen.
Krústochten thumb|left|Ynname fan Jeruzalim yn 1099 troch de krúsfarders (Émile Signol). Sawol de grutte soargen fan paus Urbanus II oer de Turkske ynfaazje yn Lyts-Aazje en de dêr fanútgeande driging foar Konstantinopel as de posysje fan Jeruzalim en de Grêftsjerke laten ta it oproppen fan 'e earste krústocht. Doe't de krústocht ienris oan 'e gong wie, waard de befrijing fan Jeruzalim fral it doel fan 'e tocht. Op 15 july 1099 feroveren de ridders fan 'e earste krústocht de tsjerke op 'e Fatimiden.
De earste krústocht waard beskôge as in wapene pylgerreis en foar gjin ien krúsfearder wie dy tocht kompleet sûnder in besite oan de hillige Grêftsjerke om dêr te bidden. Prins Godfryd fan Bouillon, de earste krúsfarderskening fan Jeruzalim, woe himsels by libben net de titel fan kening jaan en liet him Advocatus Sancti Sepulchri (ferdigener fan 'e Hillige Grêftsjerke) neame. Yn dat tiidrek gyng it praat dat de sisterne ûnder de eardere basilyk de lokaasje west hie, dêr't Helena it Wiere Krús fûn hie en sa krige de sisterne letter de namme "Kapel fan de Untdekking fan it Krús", alhoewol't in bewiis ûntbrekt.
Willem fan Tyrus, kronykskriuwer fan it krúsfarderskeninkryk Jeruzalim, docht ferslach fan in renovaasje fan 'e tsjerke yn 'e midden fan 'e 12e iuw. De krúsfarders lieten de eastlike ruïnes fan 'e lokaasje ûndersykje en by it útgraven fan it pún om by de sisterne te kommen ûntdieken se in diel fan 'e oarspronklike flier fan 'e timpel fan Hadrianus. Dy romte lieten hja wije ta de kapel fan Sint-Helena. De tsjerke waard yn romaanske styl ferboud en ek waard der in klokketoer tafoege.
Ottomaanske Ryk Yn 1545 stoarte it heechste diel fan 'e klokketoer yn. De Fransiskaanske muontsen moasten nettsjinsteande it tanimmende tal pylgers nei ferwaarloazging de tsjerke yn 1555 renovearje. Se bouden de Aedicule op 'e nij op yn in gruttere foarm, sadat der in foarkeamer ûnstie. In moarmeren skryn waard makke om de oerbliuwsels fan it grêf fan Kristus te bedekken, nei alle gedachten om tefoarren te kommen dat pylgers ta oantinken lytse stikjes fan it grêf mei nimme soene. Oer it kalkstiennen bêd dêr't it lichem fan Kristus lein hawwe soe, waard in moarmeren beklaaiing lein.
Nei de renovaasje fan 1555 wiksele it behear fan 'e tsjerke tusken de Fransiskanen en de otterdoksen. It wie mar krekt hokker mienskip op in stuit yn 'e geunst stie by de Ottomaanske oerheid. Fakentiden moast der mei jild skood wurde en gewelddiedige botsings wiene net ûngewoan. Se koene it oer dy saak mar net iens wurde, ek al waard it op it aljemint brocht yn 1699 by de ûnderhannelings oer it Ferdrach fan Karlowitz. Om in ein oan 'e tsjierderij tusken de mienskippen te meitsjen, joech de Porte yn 1767 in dekreet út dy't de tsjerke ûnder de easkers ferdielde, wêrby't de katoliken der bekaaid fan ôfkamen. thumb|260px|De ûnferweechlike leider. In slimme brân yn 1808 makke yn 'e jierren 1809-1810 in werbou fan 'e koepel fan 'e Rotunda en de Aedicule needsaaklik. Dat barde neffens it plan fan 'e arsjitekt Nikolaos Ch. Komnenos út it Grykske Mytilini yn 'e doedestiidske Ottomaanske barokke styl. Ek de skryn om de tombe hinne waard ferfongen. It ynterieur fan 'e foarkeamer, no bekend ûnder de "Kapel fan de Ingel", waard foar in part wer opboud ta in fjouwerkant grûnplan yn stee fan 'e eartiidske westlike healrûne ôfsluting. In oar dekreet fan 1863 fan 'e sultan befêstige nochris de al besteande ferdieling fan 'e tsjerke ûnder de mienskippen en dat de tsjerke yn 'e selde steat bliuwe moast. Dat lêste feroarsake wer skeel oer ek mar de lytste feroarings. Yllustratyf is de saneamde "ûnferweechlike leider" ûnder ien fan 'e ramen. Dy leider stiet útsein twa mominten fan in tydlike ferwidering al sûnt 1757 yn 'e selde posysje op it selde plak. Op syn pylgerreis nei it Hillige Lân omskreau Paus Paulus VI de leider as in sichtber symboal fan 'e ferdieldens ûnder de Kristenheid.
20e iuw