De Tsjerke fan 'e Giseling is in roomsk-katolike tsjerke en in kristlik beafeartsplak yn Jerusalim. De tsjerke stiet net fier fan 'e Liuwepoarte yn 'e islamityske wyk fan 'e âlde stêd en is ûnderdiel fan it Fransiskaner kleaster fan 'e Giseling, dêr't ek de Feroardielingskapel stiet. It kleaster stiet op 'e twadde staasje fan 'e Via Dolorosa.
Tradysje Neffens de oerlevering stiet de tsjerke op it plak dêr't de Romeinske soldaten Jezus giselen ear't Jezus syn tocht oer de Via Dolorosa nei Golgota makke. De tradysje is basearre op 'e fynst fan in romeinske flier, ûntdutsen ûnder de oangrinzgjende Feroardielingskapel en it Kleaster fan de Susters fan Sion, wêrfan't oannommen waard dat it Gabbatha wie, it plak dêr't Jezus neffens it evangeelje fan Jehannes (19:13) foar Pontius Pilatus ferskine moast.
Skiednis thumb|left|Ynrjochting. De oarspronklike tsjerke waard boud troch de krúsfarders. Yn 'e Ottomaanske tiid (foar Palestina sûnt 1516) waarden de oarspronklike tsjerke mei de gebouwen der omhinne brûkt as stâl en letter as wenningen.
It hiele kompleks waard yn 1838 troch Ibrahim Pasja fan Egypte, dy't tusken 1831-1841 dielen fan it Ottomaanske Syrje ûnder Egyptysk bestjoer brocht, oerdroegen oan 'e Fransiskanen. Hartoch Maximilian Joseph fan Beieren makke in werbou fan 'e tsjerke oer de midsiuwske ruïnes mooglik.
De hjoeddeiske tsjerke waard tusken 1928-1929 foltôge en is in troch de Italjaanske Antonio Barluzzi ûntwurpen rekonstruksje yn 'e styl fan 'e 12e iuw. De tsjerke wurdt beheard troch de Fransiskaanske Kustoady fan it Hillige Lân.
Beskriuwing De ienskippige tsjerke hat trije brânskildere ramen, dy't elts in aspekt fan it bibelske ferhaal fan 'e rjochtsaak tsjin Jezus ôfbyldzje. It noardlike raam lit Pontius Pilatus sjen, dy't de hannen yn ûnskuld wasket (Mattéus 27:24), it sintrale raam efter it alter de giseling fan Jezus (Markus 15:15, Jehannes 19:1) en it súdlike raam de frijlitting fan Barabbas (Mattéus 27:26, Markus 15:15, Lukas 23:24–25). Ek de gouden koepel mei syn mozayk en trochskinende eleminten is it besjen wurdich. It is ûntwurpen as in toarnekroan.
Giseling Kategory:Bouwurk út 1929 Kategory:Roomsk-katolyk tsjerkegebou Kategory:Beafeartstsjerke