Summer Knight is in roman fan it fantasysjenre skreaun troch de Amerikaanske auteur Jim Butcher. De titel betsjut: "Simmerridder" of "Ridder fan 'e Simmer", mar it is in Ingelske wurdboarterij, mei't "knight", "ridder", mei de stomme k itselde útsprutsen wurdt as "night", "nacht". Kwa útspraak klinkt de titel dus as "Simmernacht". It boek, dat skreaun is yn it ik-perspektyf, foarmet it fjirde diel fan 'e romansearje The Dresden Files, dy't ta it subsjenre fan 'e urban fantasy heart. It folget as sadanich op Grave Peril. Yn Summer Knight rekket Harry Dresden, praktisearjend tsjoender en privee-detektive te Chicago, tsjin wil en tank behelle yn 'e yntriizjes tusken it Winterhôf en it Simmerhôf fan 'e ierdgeasten. It boek waard yn 2002 publisearre troch de New Yorkske útjouwerij Roc Books. Yn 2006 waard Summer Knight troch de Science Fiction Book Club werpublisearre yn 'e omnibusedysje Wizard for Hire, yn 'e mande mei Death Masks, it fyfde diel fan The Dresden Files. __TOC__ Ynhâld Summer Knight begjint trijefearns jier nei de foarfallen yn it foargeande diel yn 'e searje, Grave Peril. Harry Dresden, praktisearjend tsjoender en privee-detektive te Chicago, hat de lêste moannen suver dei en nacht socht nei in magysk genêsmiddel foar syn freondinne Susan Rodriguez. Hja is nammentlik troch de fampieren fan it Reade Hôf heal ta fampier makke en moat inkeld noch bloed drinke en dêrby in minske ombringe om 'e metamorfoaze te foltôgjen (sjoch: Grave Peril). Neitiid hat se har relaasje mei Harry ferbrutsen, om't se bang is dat se ûnder it bedriuwen fan 'e leafde har selsbehearsking ferlieze en him deadzje sil. Tramtearre troch skuldgefoelens en gedachten fan "hie ik mar", hat Harry himsels ferslûnzje en syn wurk fertuteazje litten, oant er safier efter rekke is mei de hier dat er sawol út syn kantoar as út syn appartemint set driget te wurden.

Dêropta komt noch de oarloch yn 'e boppenatuerlike wrâld, tusken it Reade Hôf fan 'e fampieren en de Wite Ried fan 'e tsjoenders, dy't Harry feroarsake hat om Susan te rêden. De oare leden fan 'e Wite Ried fan Tsjoenderij binne dêr, om it sêft út te drukken, net bliid mei, en der is in algemiene gearkomste belein yn Chicago om oer Harry syn hâlden en dragen te oardieljen. Underwilens besykje de fampieren fan it Reade Hôf en harren bûnsgenoaten, lykas de ghouls fan 'e LaChaise-clan, oanhâldend en romje Harry út 'e wei. As Summer Knight iepenet, hat Harry in moeting mei Billy Borden, de lieder fan 'e Alpha's, in ridel jonge wearwolven foar wa't Harry as in soarte fan mentor fungearret. Wylst Billy Harry ta it besef besiket te bringen dat it libben trochgiet en dat de hier betelle wurde moat, ûntkomme se op ljochtskyndei yn in park mar nauwerneed oan in moardoanslach troch in froulike ghoul en in groepke minsklike trewanten.

Neitiid beseft Harry dat Billy miskien wol gelyk hat, en dat hy him de lêste moannen yndie tefolle fan 'e wrâld ôfsûndere hat. Billy hat in moeting regele mei in frou Sommerset, dy't Harry as privee-detektive ynhiere wol, mar as Harry mei har yn petear giet, docht al rillegau bliken dat er net mei in minske, mar mei in ierdgeast fan dwaan hat. Ta Harry syn skrik jout 'frou Sommerset' ta nimmen oars te wêzen as de Mab, de monarch fan it Winterhôf, keninginne fan Lucht en Tsjuster. Hja is in hege sídhe en ien fan 'e machtichste ierdgeasten dy't der binne, mar justjes minder machtich as in godheid. Hja fertelt Harry dat se de skuld oernommen hat dy't er hie by syn peetmuoike, de Leanansidhe (sjoch: Grave Peril). Se wol in oerienkomst mei him slute: Harry moat trije kear wat foar har dwaan om 'e skuld ôf te lossen, en hy mei ûnbeheind dingen wegerje sûnder dat syn skuld dêrtroch oprint. Om't er gjin oare kar hat, giet Harry dêrmei akkoart. Mab freget him dan as earste fan 'e trije dingen om as har offisjele gesant de moard op in minske, de keunstner Ronald Reuel, te ûndersykjen. Harry wegeret, mar foar't se har ôfjout, seit Mab dat se der wis fan is dat er him betinke en har har sin jaan sil.

Neitiid hastiget Harry him nei de gearkomste dy't de Wite Ried fan Tsjoenderij yn Chicago hâldt. Dêr moetet er syn âlde pleechheit en mentor wer, Ebenezar McCoy, in Skot dy't al sûnt de Frânske en Yndiaanske Oarloch yn Noard-Amearika tahâldt (tsjoenders libje tige lang) en de lêste pear iuwen yn it heuvellân fan Missoery wennet. Dyselde ferteld him dat it tige faai mei him stiet: Arthur Langtry, de Merlyn (de foarsitter fan 'e Hege Ried fan 'e Wite Ried fan Tsjoenderij), wol fan Harry ôf. Dêrom hat Ebenezar twa leden fan 'e Hege Ried meibrocht om mei Harry yn 'e kunde te kommen, de Afro-Amerikaanske tsjoenster Martha Liberty, en de Yndiaanske medisynman Joe Listens-to-Wind. In trêde lid dat mooglik sympatyk foar Harry oer stean soe, de Rus Simon Pietrovich, blykt lykwols by in oanfal fan 'e reade fampieren op syn wente yn Archangelsk omkommen te wêzen. As fuort nei it begjin fan 'e gearkomste de Merlyn it frijkommen plak yn 'e Hege Ried opfolje wol mei ien fan syn meistanners, stekt Ebenezar dêr in stokje foar en nimt er sels dat plak yn, dêr't er omreden fan syn senioriteit rjocht op hat. Hy hat in grouwéligen hekel oan it wurk dat mei sa'n posysje mank giet, en docht dit inkeld om Harry te rêden.

Der folget in útinoarsetting troch Donald Morgan, it haad fan 'e warders fan 'e Wite Ried, oer de oarlochssitewaasje mei it Reade Hôf. De Wite Ried is yn it neidiel yn in moderne striid, mei't tsjoenderij fan natuere moderne technology sabotearret. Tsjoenders kinne harren dêrtroch bygelyks net yn fleantugen ferpleatse. Om dat neidiel op te heffen is it fan it grutste belang dat de Wite Ried in oerienkomst slút mei ien fan 'e keninginnen fan 'e ierdgeasten, sadat se har fluch nei oare parten fan 'e wrâld ferpleatse kinne fia de parallelle boppenatuerlike wrâld fan it Nevernever. De boadskipper dy't útstjoerd wie nei keninginne Titania, is weromkommen mei it beskie dat it Simmerhôf neutraal bliuwe sil yn 'e oarloch tusken de Wite Ried en it Reade Hôf. De boadskipper dy't útstjoerd wie nei keninginne Mab is noch net weromkeard.

Dan komt de kwestje fan Harry oan 'e oarder. De Merlyn en in oar lid fan 'e Hege Ried, Aleran LeFortier, hawwe swiere krityk op Harry syn hâlden en dragen as fertsjintwurdiger fan 'e Wite Ried fan Tsjoenderij, wêrmei't er de oarloch mei it Reade Hôf útlokke hat (sjoch: Grave Peril). LaFortier makket bekend dat in gesant fan it Reade Hôf, don Paolo Ortega, oanjûn hat dat it Reade Hôf mei gragens frede slute wol, sadree't de Wite Ried Harry útlevere hat, dy't de reade fampieren beskôgje as in moardner dy't de deastraf krije moat. Salang't Harry lykwols de rang fan tsjoender fan 'e Wite Ried hat, kin fan útlevering gjin sprake wêze. Dêrom pleatst de Merlyn fraachtekens by it punt oft Harry dy rang wol ea wier fertsjinne hat. Hy wol de hiele gearkomste stimme litte oer de fraach oft Harry syn rang as tsjoender ôfnommen wurde moat, mar dêr leit Ebenezar McCoy it near op troch in berop te dwaan op syn rjocht as lid fan 'e Hege Ried om 'e stimming te beheinen ta inkeld de sân leden fan 'e Hege Ried.

As dêrnei de stimming holden wurdt, binne de Merlyn, LaFortier en Oerâlde Mai, in Easterske tsjoenderesse, foar it ôfnimmen fan Harry syn rang as tsjoender, wylst Ebenezar, Martha Liberty en Joe Listens-to-Wind dêrop tsjin binne. De beslissende stim is oan it sânde lid fan 'e Hege Ried, de mysterieuze Middeneastlike tsjoender dy't bekendstiet as 'de Poartewachter'. Dyselde jout oan dat er earst hearre wol wat de boadskipper te sizzen hat. Wylst de oare oanwêzigen har yn betizing ôffreegje wêr't er it oer hat, wurde de doarren fan 'e seal iepensmiten en wurdt de heal beferzen boadskipper binnenbrocht dy't de Wite Ried nei keninginne Mab stjoerd hie. Ear't er it bewustwêzen ferliest, wit de man út te bringen dat it Winterhôf fan 'e ierdgeasten de leden fan 'e Wite Ried frije trochtocht jout troch syn diel fan it Nevernever op it betingst dat foldien wurdt oan it fersyk dat keninginne Mab al dien hat. Net ien dy't wit hokker fersyk dat is, behalven Harry, dy't beseft dat Mab him moai fêstset hat. Hy jout foar de Ried oer ta dat Mab him earder dy deis opsocht hat mei it fersyk om as har offisjele gesant in moard te ûndersykjen. De Poartewachter stelt foar om dat in test wêze te litten foar Harry: as er foar de Wite Ried de meiwurking fan keninginne Mab wit te winnen, sil er syn rang fan tsjoender behâlde; slagget him dat net, dan ferliest er syn rang en wurdt er útlevere oan it Reade Hôf.

Om't er no twongen is om dochs ûndersyk te dwaan nei de moard op Ronald Reuel, giet Harry jûns let noch del by syn freondinne Karrin Murphy, it haad fan 'e Spesjale Undersyksienheid fan 'e Plysje fan Chicago. Hy komt har wat oer it mad, en ûntdekt dan wat dat se al trijefearns jier foar him geheim holden hat: dat se in trauma oerholden hat oan 'e magyske oanfal op har troch de warlock Leonid Kravos (sjoch: Grave Peril). Dy krong har nammentlik har geast binnen en liet har de ferskriklikste dingen sjen, en al is Kravos al lang dea en begroeven en hat Harry Kravos syn spûk útinoarskuord dat it weiwaard, dochs lijt Murphy noch altyd ûnder oanhâldende nachtmerjes en sliepeleasheid.

As Harry har freget om it plysjedossier oer de dea fan Ronald Reuel ynsjen te meien, giet Murphy dêrmei akkoart op betingst dat sy by it ûndersyk belutsen wurde sil. Hoewol't Harry har it leafst sa folle mooglik beskermje en dus sa fier mooglik by Mab-en-dy wei hâlde soe, beseft er dat dat net kin, en dat it foar Murphy sels miskien wol it bêste is as se har eangsten ûnder eagen sjocht. Dat, hy stimt yn mei har betingst, en Murphy printet dy dielen fan it plysjedossier foar him út dy't se thús fia de kompjûter besette kin. Ronald Reuel, in keunstner fan yn 'e santich, is thús ûnder oan 'e trep fûn mei in brutsen nekke en ferwûnings dy't oerienkomme mei in fal. De plysje hat dêrom ornearre dat syn dea in ûngelok wie. Mab neamde it lykwols in moard, en Harry hat gjin reden om datoangeande oan har kennis fan saken te twifeljen. Yn it plysjerapport ûntdekt er boppedat oanwizings dy't derop wize dat immen troch in poarte út it Nevernever wei de wente fan Reuel ynkrongen is. As dat sa is, is it ek gjin wûnder dat de befeiligingskamera's om it hûs hinne neat ûngewoans registrearre hawwe.

Nei syn besyk oan Murphy komt Harry te neare nacht thús, dêr't er opwachte wurdt troch de offisjele gesant dy't troch keninginne Titania fan it Simmerhôf fan 'e ierdgeasten oansteld is om 'e moard op Reuel te ûndersykjen. Dat blykt nimmen oars te wêzen as Elaine Mallory, Harry syn earste leafde. Elaine is in tsjoenster dy't tegearre mei Harry fan tsien- oant en mei sechstjinjierrige leeftyd yn 'e gryp fan 'e warlock Justin DuMorne ferkeard hat. Meitiid rekken se fereale opinoar en krigen se ferkearing. Doe't DuMorne Harry ferliede woe ta it kwea, en Harry him ôfstegere, besocht DuMorne Harry syn frije wil te ûntnimmen. Harry focht werom en troch mear gelok as wiisheid wist er de warlock te ferslaan en deadzjen yn in brân dy't it hiele hûs ferwuostge. By dy konfrontaasje waard Harry ferret troch Elaine, dy't him bûn mei magyske bannen, sadat DuMorne oer him gear koe. Harry hat altyd miend dat Elaine krekt as DuMorne ek yn 'e flammen omkommen wie dy't hy oproppen hie, en om har sûn en wol werom te sjen is foar him dan ek in grutte skok.