De Dormitio-basilyk' is in roomsk-katolike tsjerke op 'e berch Sion yn Jeruzalim yn Israel, súd fan 'e âlde ommuorre binnenstêd. De basilica minor is de abdijtsjerke fan 'e Dútsktalige Benediktynske Dormitio-abdij en falt ûnder de jurisdiksje fan it Latynske Patriargaat fan Jeruzalim.

Neffens de oerlevering is op it plak Jezus' mem Marije ferstoarn. Dêr komt ek de namme Dormitio Mariae wei, itjinge de ûntsliepenis fan Marije betsjut, dat in âlde oantsjutting is fan it feest fan it opnimmen fan Marije yn 'e himel.

Foargongers Al yn 'e 5e iuw stie op it plak fan 'e hjoeddeiske tsjerke de Byzantynske basilyk Hagia Sion, dy't troch de Perzyske kening Chosrau II yn 614 ferneatige waard. Yn 'e 12e iuw stiften de krúsfarders op 'e ruïnes in tsjerke ûnder de namme Sancta Maria in Monte Sion, dy't nei't de krúsfarders de slach ferlearen om 1200 hinne troch de islamityske hearskers ferneatige waard.

Skiednis thumb|left|Ynterieur. Doe't keizer Wilhelm II yn 1898 it Hillige Lân besocht foar de ynwijing fan 'e lutherske Ferlossertsjerke kocht de keizer in lape grûn foar de Dútske katoliken en droech it oan 'e Deutscher Verein vom Heiligen Lande oer. Yn 'e jierren dêrnei ûntstienen neffens de ûntwerpen fan Heinrich Renard de Dormitio-tsjerke en de Dormitio-abdij, in Dútsk Benediktynsk kleaster. De tsjerke waard op 10 april 1910 wijd oan 'e opname fan Marije yn 'e himel.

Op 19 july 1957 waard de tsjerke de status fan basilica minor ferliend.

Beskriuwing De tsjerke is sirkelfoarmich mei ferskate nissen mei alters en in koer. Twa slingertreppen liede nei de oargelgalerij en nei de krypte, it plak dêr't fan sein wurdt dat Marije dêr ferstoarn is. Fanôf de oargelgalerij binne twa fan 'e fjouwer tuorren fan 'e tsjerke tagongklik.

Ut respekt foar de tichteby lizzende tombe fan David is de klokketoer apart fan 'e tsjerke boud, sadat de klokketoer net it grêf fan David oerskaadzje kin.

Oargels It lytse koeroargel út 1979 mei twa manualen en pedaal en 8 registers en it haadoargel fan 1982 mei trije manuaelen en pedaal en 40 registers ferdield oer haadwurk, swelwurk en rêchposityf stamme fan 'e oargelbouwer Oberlinger.

Kategory:Tsjerkegebou yn Jeruzalim Kategory:Basilyk yn Israel Kategory:Bouwurk út 1910 Kategory:Beafeartstsjerke Kategory:Roomsk-katolyk tsjerkegebou