The Good, the Bad and the Ugly (Italjaansk: Il Buono, il Brutto, il Cattivo) is in Italjaansk-Westdútsk-Spaansk-Amerikaanske westernfilm út 1966 ûnder rezjy fan Sergio Leone. De titel betsjut: "De Goede, de Minne en de Lilke" (mar ugly hat mear as ien betsjutting, dat de titel kin ek lêzen wurde as "De Goede, de Minne en de Gemiene"). It is in spagettywestern, dy't ek ta it subsjenre fan 'e refizjonistyske western heart. De haadrollen waarden fertolke troch Clint Eastwood, Lee Van Cleef en Eli Wallach as trije skatsikers dy't middenmank de gaos fan 'e Amerikaanske Boargeroarloch op 'e sneup binne nei in Konfederearre goudskat dy't neffens de geroften earne bedobbe wêze moat. De filmmuzyk waard fersoarge troch Ennio Morricone. The Good, the Bad and the Ugly markearre de trêde kear dat Leone, Eastwood en Morricone gearwurken, nei A Fistful of Dollars, út 1964, en For a Few Dollars More, út 1965. Dy beide films waarden letter mei weromwurkjende krêft yn 'e mande mei The Good, the Bad and the Ugly ûnder de Dollars Trilogy beflapt. Hoewol't The Good, the Bad and the Ugly yn 'e Feriene Steaten oarspronklik mingde reäksjes krige, wurdt de film tsjintwurdich, krekt as de oare beide dielen fan 'e trilogy, rûnom beskôge as ien fan 'e bêste westerns út 'e filmskiednis.

Plot De film iepenet ûnder de Amerikaanske Boargeroarloch, as de hierling Angel Eyes de eardere Konfederearre soldaat Stevens ûnderstiet oer in Bill Carson, dy't in skat oan Konfederearre goud stellen hawwe soe. Angels Eyes is troch in Baker ynhierd om Stevens út 'e wei te romjen, mar Stevens biedt him $1.000 oan om Baker om te bringen. Angel Eyes akseptearret dat oanbod, mar deadet Stevens likegoed ear't er ôfset. Dêrnei keart er werom nei Baker om betelle te wurden foar de moard op Stevens, wêrnei't er Baker deasjit, sadat er sizze kin dat er him oan 'e ôfspraken mei beide mannen holden hat.

Underwilens wurdt de Meksikaanske bandyt Tuco Ramírez fan trije preemjejagers rêden troch de Man sûnder Namme, dy't himsels oansprekke lit as 'Blondie'. Mar ynstee dat er de man op frije fuotten stelt, leveret er him sels út oan 'e pleatslike sheriff, om 'e priis fan $2.000 te ynjen dy't op Ramírez syn holle set is. Op it stuit dat Tuco ophongen wurde sil, sjit de Man sûnder Namme lykwols it tou midstwa, sadat de bandyt mei de skrik frijkomt. De beide mannen naaie tegearre út en diele de preemje. Yn it folgjende stedsje dat se oandogge, fiere se deselde trúk nochris út en ynkassearje se op 'e nij beide $1.000.

Meitiid kriget de Man sûnder namme lykwols syn nocht fan Ramírez syn geklaach, en hy lit de bandyt sûnder hynder of wetter yn 'e midden fan 'e woastyn efter. In op wraak beluste Ramírez oerlibbet dat lykwols en folget it spoar fan 'e Man sûnder Namme nei in stedsje dat ûntromme wurdt troch Konfederearre troepen. As er risselwearret om 'e Man sûnder Namme te twingen en hingje himsels op, begjint der lykwols in bombardemint fan it stedsje troch de Noardlike artillery. Dat stelt de Man sûnder Namme by steat om te ûntkommen. Nei in drege syktocht spoart Ramírez syn fijân lykwols wer op, nimt him jitris finzen en twingt him om geandefoets sûnder wetter de woastyn troch.

As de Man sûnder Namme úteinlik fan útdrûging derhinne falt, risselwearret Ramírez om him dea te sjitten. Krekt op dat stuit, lykwols, sjocht er in koets wêrfan't de hynders op 'e rin gien binne. As er de bisten ta hohâlden bringt, ûntdekt er yn 'e koets ferskate deade soldaten en Bill Carson, dy't ek de dea it neist is. Carson ûnthjit Ramírez $200.000 oan Konfederearre goud, dat er bedobbe hat yn in grêf op Sad Hill Cemetery. De bandyt wol witte hokker grêf oft it om giet, mar ear't Carson dat sizze kin, falt er derhinne fan 'e toarst. Ramírez skuort de man út 'e koets en leit him njonken de Man sûnder Namme del. Dêrnei giet er om wetter, mar as er weromkomt, blykt Carson al de geast jûn te hawwen. De Man sûnder Namme fertelt him lykwols dat Carson him de namme fan it grêf ynflústere hat ear't er stoar. Dat soarget derfoar dat Ramírez fan dat stuit ôf sterk motivearre is om 'e Man sûnder Namme yn libben te hâlden. Hy jout him wetter en nimt him mei nei in missypost deunby, dêr't er him fersoargje lit.

Nei't de Man sûnder Namme opbettere is, sette hy en Ramírez ôf, klaaid yn 'e Konfederearre unifoarmen fan 'e soldaten yn 'e koets fan Carson. Dat pakt lykwols ferkeard út as se kriichsfinzen nommen wurde troch Noardlike soldaten en fêstsetten wurde yn it kriichsfinzenekamp fan Batterville. As dêr appèl holden wurdt, brûkt Ramírez de skûlnamme 'Bill Carson', wat de oandacht lûkt fan Angel Eyes, dy't ek yn it kamp omhinget yn 'e momkape fan in Noardlike sersjant. Neitiid martelet de hierling Ramírez om ynformaasje oer de Konfederearre goudskat te krijen, en Ramírez moat de namme fan it begraafplak priisjaan. Hy fertelt ek dat de Man sûnder Namme de iennichste is dy't de namme fan it krekte grêf wit. Mei't er foar it ferstân hat dat de Man sûnder Namme út oar hout snien is as Ramírez, en net tajaan sil oan tramtaasje, biedt Angel Eyes him in gelikens diel fan it goud oan. De Man sûnder Namme stimt dêrmei yn en set ôf mei Angel Eyes en dy syn trewanten. Ramírez wurdt op 'e trein set nei in plak dêr't er terjochtsteld wurde sil, mar hy wit te ûntsnappen.

De Man sûnder Namme arrivearret mei Angel Eyes-en-dy yn in útstoarn stedsje, wêrfan't de befolking evakuëarre is. De ûntsnapte Ramírez is sûnder dat er it wit nei itselde stedsje flechte, dêr't er daliks in bad nimt yn in rynkrank hotel. De preemjejager Elam, dy't him siket, komt him dêr oer it mad, mar Ramírez wit him dea te sjitten. De Man sûnder Namme heart de skotten en giet op ûndersyk út. As er Ramírez ûntdekt, beslute de beide mannen harren âlde partnerskip wer op te pakken en twaresom op 'e siik te gean nei it grêf mei it goud. Earst weve se lykwols ôf mei Angel Eyes syn trewanten, mar nei't se dy allegearre deasketten hawwe, komme se ta de ûntdekking dat Angel Eyes sels útpykt is.

As Ramírez en de Man sûnder Namme fierder reizgje nei it Sad Hill Cemetery, docht bliken dat it paad harren tichtset is troch Konfederearre en Noardlike troepen, dy't in útsichtleaze striid leverje om in strategysk sitewearre brêge oer in rivier. Se bedarje yn it Noardlike legerkamp, dat oan 'e iene kant fan 'e rivier leit, wylst de Súdliken har oan 'e oare kant fan 'e rivier ophâlde. De Noardlike kaptein Clinton is in man dy't oan 'e drank rekke is en der geastlik suver oan ûndertroch giet dat er eltse dei wer manskippen opofferje moat yn in striid dy't net wûn wurde kin. Hy fertelt oan Ramírez en de Man sûnder Namme dat er de brêge opblaasd hie as er mar mear lef hân hie, sadat der op dit plak neat mear wie om om te fjochtsjen.

Dat bringt de Man sûnder Namme op in idee, en tegearre mei Ramírez stelt er dynamyt út it arsenaal fan it Noardlike legerkamp. As in nije wraam fan 'e Konfederearre troepen op 'e brêge troch de Noardliken bloedich ôfslein is, en beide kanten harren deaden en ferwûnen fan it slachtjild helje, dogge de Man sûnder Namme en Ramírez harren foar as in pear brankardiers om deunby de brêge te kommen. Wylst se it dynamyt oan 'e pylders fan 'e brêge befêstigje, suggerearret Ramírez dat se harren ynformaasje útwikselje, foar it gefal ien fan harren stjert foar't se it plak fan 'e goudskat berikke. Hy fertelt de Man sûnder Namme hoe't it begraafplak hjit, en de Man sûnder Namme seit dat de namme op 'e grêfsark "Arch Stanton" is.

Nei't de brêge opblaasd is, jouwe de beide legers har al rillegau ôf, sa't de by de lêste oanfal omkommen kaptein Clinton al foarsein hie. Ramírez naait út, stelt in hynder en riidt nei it Sad Hill Cemetery om alle goud foar himsels te hâlden. Hy fynt it grêf fan Arch Stanton en begjint te graven. De Man sûnder Namme dûkt fuort letter op en fiteret him ûnder bedriging mei in revolver oan om troch te gean mei it wurk. Dan komt Angel Eyes harren allebeide oer it mad. Hy twingt de Man sûnder Namme en Ramírez om tegearre fierder te graven, mar as se de deakiste iepenmeitsje, leit dêr inkeld in skelet yn. De Man sûnder Namme jout dan ta dat er liigd hat oer de namme fan it grêf. Hy biedt oan om 'e wiere namme op in stien te skriuwen, dy't er dêrnei mei de namme oan 'e ûnderkant yn 'e midden fan it sintrale pleintsje fan it begraafplak delleit. Dêrop daget er Ramírez en Angel Eyes út ta in trijefâldich duël: dejinge dy't de oare beiden deasjit, kriget alle goud.

Dat liedt ta in Mexican standoff, wêrby't it trijetal inoar in skoft oanstoarret, wêrnei't se allegearre op itselde stuit har revolvers lûke. De Man sûnder Namme is it fluchst en sjit Angel Eyes dea, wylst Ramírez ûntdekt dat der gjin patroanen yn syn revolver sitte, mei't de Man sûnder Namme altyd al fan doel wie om it op in duël oankomme te litten, en dêrom de nachts tefoaren, doe't Ramírez sliepte, syn revolver lege hat. De Man sûnder Namme lit de ûnderkant fan 'e stien sjen, dêr't neat op stiet: it grêf dat se hawwe moatte, is dan ek it grêf njonken dat fan Arch Stanton, dat inkeld it opskrift "Unbekend" draacht. Ramírez is bûten himsels as se dêr yndie it goud fine, mar de Man sûnder Namme lûkt syn revolver en ûntwapenet de bandyt. Hy bynt syn hannen op 'e rêch fêst en lit him boppe-op in wiffe grêfsark stean mei in strûpe om 'e hals dy't fêstmakke is oan 'e grouwe tûke fan in beam boppe him. Dêrop nimt de Man sûnder Namme de helte fan it goud mei en riidt fuort en ferdwynt oer in heuvel. As Ramírez úteinlik om genede ropt, ferskynt de Man sûnder Namme wer en sjit mei syn gewear út 'e fierte wei it tou troch. Dêrtroch falt Ramírez, libben mar fêstbûn, mei it gesicht op syn diel fan it goud. Wylst de Man sûnder Namme diskear foargoed oer de hoarizon ferdwynt, flokt Ramírez him lûd razend út.

Rolferdieling haadrollen personaazje akteur/aktrise de 'Man sûnder Namme' (of Blondie) Clint Eastwood Angel Eyes Lee Van Cleef Tuco Ramírez Eli Wallach

byrollen personaazje akteur/aktrise kaptein Clinton Aldo Giuffrè korporaal Wallace Mario Brega pastoar Pablo Ramírez Luigi Pistilli Elam Al Mulock Stevens Antonio Casas Bill Carson / Jackson Antonio Casale kaptein Harper Antonio Molino Rojo Maria Rada Rassimov winkelman Enzo Petito frou fan Stevens Chelo Alonso sheriff John Bartha Baker Livio Lorenzon Meksikaanske gernier #1 Claudio Scarchilli Meksikaanske gernier #2 Sandro Scarchilli lid fan 'e binde fan Angel Eyes Benito Stefanelli lid fan 'e binde fan Angel Eyes Aldo Sambrell mûnts Angelo Novi

Produksje Preproduksje Nei it súkses dat For a Few Dollars More yn 'e Jeropa behelle hie, stelden de studiobazen by United Artists (UA) oan 'e senarioskriuwer fan dy film, Luciano Vincenzoni, foar om alfêst mar in kontrakt ôf te sluten foar de folgjende film. Hy, produsint Alberto Grimaldi en regisseur Sergio Leone hiene dêr op dat stuit noch gjin plannen foar, mar nei oerlis mei Grimaldi en Leone stelde Vincenzoni oan UA in film foar oer trije smjunten dy't nei de iene of oare skat sochten tsjin 'e eftergrûn fan 'e Amerikaanske Boargeroarloch. Dat liek de filmstudio skoan ta. Lykwols woe men al foarút witte hoefolle oft dat kostje moast. Tegearre mei Grimaldi sleat Vincenzoni doe in kontrakt mei UA wêrby't foar de kommende film in budget fan $1 miljoen ôfsprutsen waard. UA levere dêr de helte fan, $500.000, en soe dêr de helte fan 'e opbringst yn 'e bioskopen bûten Itaalje foar weromkrije. De rest fan it budget waard byinoarbrocht troch de Italjaanske studio Produzioni Europee Associati (PEA), it Spaanske Arturo González Producciones Cinematográficas (AGPC) en it Westdútske Constantin Film. Dêrmei waard de nije film in ynternasjonale ko-produksje, dy't úteinlik $1,2 miljoen kostje soe.