Gauke Kootstra (De Koaten, 9 july 1874 – Grins, 27 novimber 1942Dea-akte gemeente Grins) wie in Nederlânsk bestjoerder fan Frysk komôf.
Biografy Kootstra wie in soan fan in pelmûnder yn De Koaten. Hy krige in oplieding op it gemeentehûs yn Bûtenpost en waard amtner oan de sekretary yn Dantumadiel; yn 1904 waard er gemeentesekretaris fan Eaststellingwerf. Fan 1913 ôf wie er ûnôfhinklik frijsinnich boargemaster fan, efterelkoar yn Eaststellingwerf (1913-1917), Emmen (1917-1927) en Gorkum. Yn Emmen kaam er telâne yn in rûzige perioade; de gemeente wie hast fallyt en der wie slimme earmoed ûnder de befolking "Een bijna failliete gemeente"- Het Volk, 14 augustus 1920. Hy wie dêr belutsen by de emigraasje fan hûnderten gesinnen, dy't op syn minst út fiif persoanen bestienen, nei Twinte (benammen nei de Drentse buurt yn de Ynskedeeske wyk Pathmos) dy't dêr kâns op in better bestean yn de tekstylyndustry hawwe moatte soene.
Yn 1936 waard Kootstra beneamd ta offisier oarder fan Oranje Nassau."Koninklijke onderscheidingen" - Leeuwarder Nieuwsblad, 21 oktober 1936
Sjoch ek List fan boargemasters fan Eaststellingwerf
Kategory:Frysk politikus Kategory:Boargemaster fan Eaststellingwerf Kategory:Frysk liberaal Kategory:Nederlânsk politikus Kategory:Nederlânsk boargemaster Kategory:Nederlânsk liberaal Kategory:Nederlânsk persoan fan Frysk komôf Kategory:Persoan berne yn Koatstertille Kategory:Persoan berne yn 1874 Kategory:Persoan stoarn yn 1942