Storm Front is in roman fan it fantasysjenre skreaun troch de Amerikaanske auteur Jim Butcher. De titel betsjut: "Stoarmfront", of yn dit gefal "Swierwaarsfront" (yn it Ingelsk wurdt swierwaar oantsjut as in thunderstorm). It boek, dat skreaun is yn it ik-perspektyf, foarmet it earste diel fan 'e romansearje The Dresden Files, dy't ta it subsjenre fan 'e urban fantasy heart. Yn Storm Front komt de lêzer yn 'e kunde mei Harry Dresden, praktisearjend tsjoender en privee-detektive te Chicago, dy't konfrontearre wurdt mei in pear grouwélige, mei tsjoenderij útfierde moarden, wylst er tagelyk in ferdwûne man opspoare moat. Butcher skreau Storm Front wylst er yn 1996-1997 in oplieding kreätyf skriuwen folge. As titel hied er oarspronklik Semiautomagic yn 'e holle, in wurdboarterij op semiautomatic ("semy-automatysk gewear") en magic ("tsjoenderij"). It wie in hiele toer om in útjouwer foar it boek te finen, mar mei help fan 'e fêstige skriuwster Laurell Hamilton slagge dat úteinlik dochs. __TOC__ Publikaasjeskiednis Storm Front waard yn 2000 publisearre troch de New Yorkske útjouwerij Roc Books. Yn 2005 waard de roman troch de Science Fiction Book Club werpublisearre yn 'e omnibusedysje Wizard for Hire, mei it twadde en trêde diel fan The Dresden Files: Fool Moon en Grave Peril. Yn 2009 en 2011 ferskynde fierders in twadielige omwurking fan Storm Front ta in grafyske roman mei as nammen Storm Front, Volume 1: The Gathering Storm en Storm Front, Volume 2: Maelstrom. Storm Front tsjinne ek as basis foar it senario fan 'e earste ôflevering fan 'e tillefyzjesearje The Dresden Files, dy't yn 2006 útstjoerd waard op it Amerikaanske Sci Fi Channel. In Nederlânsktalige oersetting fan Storm Front (troch Lia Belt) waard yn 2009 publisearre troch De Vliegende Hollander, ûnder de titel Stormnacht.
Ynhâld Harry Dresden is praktisearjend tsjoender en privee-detektive te Chicago en stiet as sadanich fermeld yn 'e Gouden Gids. Hy is wrâlds iennichste tsjoender dy't dêr iepentlik foar útkomt. Dat kin ek skoan, want hast alle minsken tinke dat er dêrmei in grapke makket, dat it in foarm fan byldspraak is, dat er bedoelt dat er in gûchelder is, of dat er in soarte fan medium is. Mar dêr binne se mis mei: Harry kin wier tsjoene, en dat fermogen brûkt er foar it meastepart yn kombinaasje mei syn offisjele fergunning as privee-detektive, foar bygelyks it opspoaren fan weirekke foarwerpen, lykas beurzen, kaaien of trouringen. Dêrnjonken wurket er as adviseur fan 'e Spesjale Undersyksienheid fan 'e Plysje fan Chicago. Dy wurdt laat troch resjersjeur Karrin Murphy, mei wa't Harry befreone rekke is sûnt de foarfallen fan in pear jier tebek (sjoch: A Restoration of Faith).
Op in dei wurdt Harry troch Murphy nei in plak delikt yn in lúkse hotelkeamer roppen, dêr't in man en in frou ûnder it bedriuwen fan geslachtsmienskip op in grouwélige wize oan harren ein kommen binne: by beide is it hert út it boarst wei ekplodearre, dwers troch ribben en hûd hinne. Harry is der daliks wis fan dat soks inkeld troch tsjoenderij komme kin, mar hy besaut him deroer hoe't it mooglik is dat in tsjoender safolle macht hawwe kin dat er soks dwaan kinnen hat sûnder sels yn 'e hotelkeamer oanwêzich te wêzen. De frou wie Jennifer Stanton, in prostituee dy't yn it tige eksklusive bordeel The Velvet Room wurke, dat rund wurdt troch madam Bianca St. Claire, fan wa't Harry wit dat se eins in fampier is. De man wie Tommy Tomm, in liifwacht fan "Gentleman Johnny" Marcone, de iennichst oerbleaune maffiabaas fan Chicago.
Murphy stiet der by Harry tige op oan dat hy útsykje sil hoe't sa'n moard útfierd wurde kin, mar dêrfoar soed er ûndersyk dwaan moatte nei ferbeane magy en dêr is Harry frijwat huverich foar. Wat Murphy net wit, is dat der in bestjoersorgaan foar tsjoenders bestiet, de Wite Ried fan Tsjoenderij, en dat Harry net op al te bêste foet mei dy ynstelling stiet. Nei't er as bern wees wurden wie, is er nammentlik yn 'e hannen fallen fan in warlock, in boaze tsjoender, dy't Justin DuMorne hiet. Dy brocht Harry de begjinsels fan 'e tsjoenderij by, en doe't bliken die dat Harry dêr in grut talint foar hie, besocht er him te ferlieden ta it beoefenjen fan swarte magy. Harry wegere, en doe't Justin him besocht om te bringen, deade Harry ynstee Justin. Om't er dêrfoar tsjoenderij brûkte, briek er doe de Earste Wet fan de Wite Ried, dy't stelt dat tsjoenderij nea brûkt wurde mei om in minske te om te bringen. Harry waard dêrop foar de Ried brocht (dêr't er oant dy tiid noch nea fan heard hie). Hoewol't op it brekken fan 'e Earste Wet de deastraf stiet, waard besletten dat der yn Harry syn gefal sprake wie fan fersêftsjende omstannichheden (hy wie jong, ûnbeleard en hannele út klearebare selsferdigening). Lykwols waard er ûnder skerp tafersjoch steld, en as er nochris ien fan 'e wetten fan 'e Wite Ried brekt, wurdt syn deastraf likegoed noch útfierd. It ferskerpe tafersjoch oer Harry, dat oant op 'e dei fan hjoed duorret, is troch de Ried tabetroud oan 'e erchtinkende 'warder' Donald Morgan, mei wa't Harry beslist net kin.
Hoewol't Harry Murphy dus graach helpe wol, moat er op syn tellen passe. Murphy, dy't alhiel gjin aan hat fan it bestean fan 'e Wite Ried en noch minder fan Harry syn persoanlike swierrichheden mei dy ynstelling, hat dêr gjin begryp foar. Uteinlik ûnthjit Harry har dat er dwaan sil wat er kin om har te helpen by it oplossen fan 'e moard. Hy is lykwols fan doel om earst ris te sjen watfoar ynformaasje oft er loskrije kin út Bianca St. Claire. Underweis werom nei syn kantoar wurdt Harry troch in trijetal poatige liifwachten twongen yn te stappen yn in limûsine, dêr't er in ûnderhâld hat mei "Gentleman Johnny" Marcone. Dy wol dat Harry foar him komt te wurkjen, sadat er him helpe kin by it oplossen fan 'e moard. Marcone is nammentlik wisberet om wraak te nimmen op 'e moardner fan syn liifwacht Tommy Tomm. Harry kriget fan Marcone de yndruk dat it in bienhurde keardel is, mar lykwols net ûnreedlik yn 'e omgong. Hy stegeret Marcone syn oanbod ôf.
Werom yn syn kantoar wurdt er opwachte troch in frou, Monica Sells, dy't syn help ynropt by it opspoaren fan har man Victor, dy't spoarleas ferdwûn is. Se fertelt dat har man de lêste tiid o sa'n belangstelling hie foar tsjoenderij, en dat dat de reden is dat se Harry ynskeakelje wol. Harry fermoedet dat de fint gewoan útnaaid is mei in oar frommes, mar om't er tige krap by kas sit, kin er it jild dat Monica him biedt net ôfslaan, dat hy nimt de saak oan. Se jout him ek in talisman, dy't har man makke hat fan it útdrûge kadaver fan in skorpioen. Harry berget it sjarmante ding op yn in laad fan syn buro. As er dy jûns in hapke yt yn syn stamkroech MacAnally's, wurdt er oerfallen troch Susan Rodriguez, in kreaze sjoernaliste fan de Arcane, in krantsje dat alderhanne boppenatuerlike foarfallen beskriuwt (of betinkt). Sy hat lucht krigen fan 'e dûbele moard en wit dat Harry dêrby roppen is. Harry jout neat priis, mar dan ferrast se him wer troch him te freegjen kommende sneontejûn mei har út te gean. Om't er freedtejûn al reservearre hat foar in besykje oan The Velvet Room, om Bianca St. Claire út te kloarkjen, betsjut dat dat Harry fan 'e jûn noch om 'e súdein fan 'e Michiganmar hinne ride moat nei Lake Providence, yn Michigan. Dêr hawwe Victor en Monica Sells nammentlik in twadde hûs dêr't Harry by nacht ris om him hinne sjen wol.
By it hûs yn Lake Providence binne alle doarren op 't slot en der is nimmen thús, of alteast, der wurdt net iependien. Harry fynt der bûtendoar in plastic kokerke foar in filmroltsje. As er mei in miks fan sjantaazje en omkeaperij de help ynropt fan Toet-toet, in elfke, fertelt dy him dat der justerjûn wol deeglik lju yn it hûs oanwêzich wiene, dy't seks bedreaune en dêrby fan bûtenôf, troch it rút hinne, filme waarden troch in strúnjeier. Harry sjocht dêryn syn fermoeden befêstige dat Victor Sells by de frou wei gien is om mei oare froulju om te slaan. As er fuort sil, komt Donald Morgan him oer it mad, de warder dy't Harry foar de Wite Ried yn 'e rekken hâldt. Dy makket him op net mis te fersteane wize dúdlik dat er Harry derfan fertinkt efter de dûbele moard op Tommy Tomm en Jennifer Stanton te sitten. Sadree't er útfigelearre hat hoe't Harry de moarden bewurkmastere hat, sil er Harry foar de Wite Ried slepe, sadat er dan einlings en te'n lêsten de deastraf krije sil. Werom yn Chicago is Harry troch de konfrontaasje mei Morgan te lulk en senuweftich om te sliepen, dat hy bringt it grutste part fan 'e nacht troch yn syn laboratoarium, yn 'e kelder ûnder syn appartemint yn it sûterrên fan in flatgebou. Dêr brout er toverdrankjes mei help fan Bob, in elemintêre geast fan 'e lucht mei in yngeande kennis fan magy, dy't dêr op 'e boekeplanke in minsklike skedel bewennet.
De oare jûns set Harry nei The Velvet Room ta, dêr't er in ûnderhâld mei Bianca St. Claire hat. Dat rint út op in nije konfrontaasje, wêrby't Harry mar krekt it faaie libben derôf rêdt. Bianca sjocht him nammentlik ek as de dieder fan 'e dûbele moard, mei't hy, ynsafier't sy wit, de iennichste tsjoender yn Chicago is. Harry wit oan har klauwen te ûntkommen trochdat er yn in skjinne bûsdoek wat sinneljocht mei nei binnen nommen hat. As se him oanfalt, skoddet er de bûsdoek út, en dan ferliest Bianca, dy't as fampier net oer sinneljocht kin, har uterlik fan in seksy frou alhiel en kriget Harry har wiere meunsterlike uterlik te sjen. Hoewol't Harry it spul neitiid wit del te bêdzjen en Bianca him sels trochwiist nei in Linda Randall, dat de bêste freondinne fan Jennifer Stanton wie, beseft Harry dat er in fijân makke hat, want de fampier sil it him nea ferjaan dat er har yn har wiere foarm sjoen hat.
As er it bordeel ferlitten hat, siket Harry kontakt mei Linda Randall. Dy wurket no net mear as prostituee, mar as sjauffeur foar de Beckitts, in ryk troud pear dat ridlik bekend is. (In pear jier lyn is harren dochterke troch in ferdwaalde kûgel omkommen by in binde-oarloch tusken Marcone syn mannen en in Jamaikaanske strjitbinde.) Linda Randall seit oan 'e tillefoan dat se Harry net helpe kin. Ek as er har opspoart en oansprekt, hâldt se dat fol, al kin er oan har stim wol hearre dat se liicht. Hy kin lykwols net oars as har syn fisitekaartsje jaan en hoopje dat se fan gedachten feroaret en him opskillet. Om't it spoar by Linda Randall dearûn is, sit der no neat oars mear op as te dwaan wat Murphy fan him frege hat en út te finen hoe't in tsjoender mei magy twa minsken fermoardzje kin op 'e wize dêr't Jennifer Stanton en Tommy Tomm op ombrocht binne. As Harry dy jûns let thúskomt, wurdt er by syn foardoar opwachte troch in poatige keardel dy't him mei in honkbalkneppel op 'e plasse slacht en him warskôget dat er de saak rêste litte moat, of oars... Sokke dingen wurdt Harry lykwols allinnich mar koppiger fan, en hy is wisberet om net ta te jaan oan Marcone, dy't perfoarst efter de warskôging sit.
Harry wurket dy hiele nacht troch yn syn laboratoarium en fynt op 't lêst út hoe't de ûnbekende tsjoender de dûbele moard dien hat. Mar hy skrikt him dea fan 'e magyske krêft dy't dêrfoar nedich is. Bang dat se de moardner oant no ta slim ûnderskat hawwe, bejout Harry him daliks nei it plysjeburo ta, dêr't Murphy lykas gewoanlik ek op sneon trochwurket. Wylst er wachtet oant se oan him ta is, sjocht Harry dêr in drugsferslaafde dy't ûnder de ynfloed is fan ThreeEye, in nij soarte drugs, wêrfan't sein wurdt dat it jin in djipper ynsjoch yn 'e wrâld jout. Harry hie dat altyd opfet as ûnsin en de fizioenen dy't brûkers krije as hallusinaasjes, mar dizze drugsferslaafde ropt him dingen ta dy't nimmen oars wit, oer in oanfal fan in demon dy't Harry mar nauwerneed oerlibbe hat. Dêrtroch begjint er him ôf te freegjen oft der dochs net mear oan 'e hân is mei ThreeEye. As Murphy him einlings deryn ropt, fertelt Harry har wat er ûntdutsen hat, wêrnei't er abrupt ynstoart. Murphy, dy't in lichte harsensskodding fan 'e klap mei de honkbalkneppel by him fêststelt, bringt him thús en stoppet him op bêd.