In filmsearje, filmrige of filmfranchise is in rige byinoar hearrende films, dy't yn deselde wrâld spylje, en faak deselde haadpersoan(en) hawwe. It ferskil tusken in filmsearje en in tillefyzjesearje is dat by in tillefyzjesearje in yn 't foar fêststeand oantal ôfleverings makke wurdt foar in hiel tillefyzjeseizoen. By in filmsearje komme de dielen út yn 'e bioskoop (en net yn it foarste plak op 'e tillefyzje), en boppedat is der in tuskentiid tusken de dielen fan oer it algemien teminsten in jier en soms wol fiif jier of noch langer. As men poer sjocht nei bruto-opbringst yn Amerikaanske dollars, is de superheldefilmrige fan it Marvel Cinematic Universe de meast súksesfolle filmsearje aller tiden. As lykwols de opbringsten oanpast wurde oan 'e ynflaasje, is de Star Wars-rige it meast súksesfol.
Foarm In filmrige kin fan it begjin ôf oan pland wurde, bygelyks as in trilogy. Men kin dan tinke oan The Lord of the Rings-trilogy fan 'e Nijseelânske regisseur Peter Jackson (The Lord of the Rings: The Fellowship of the Ring, The Lord of the Rings: The Two Towers en The Lord of the Rings: The Return of the King). In oar foarbyld is de filmtrilogy Trois Couleurs, fan 'e Poalske regisseur Krzysztof Kieślowski, mei de films Trois Couleurs: Bleu, Trois Couleurs: Blanc en Trois Couleurs: Rouge. Soms docht de earste film it yn 'e bioskopen net goed genôch, en wurdt de rest fan 'e searje skrast. Soks barde bgl. mei The Golden Compass.
It komt lykwols ek in protte foar dat in film it sa goed docht yn 'e bioskopen, dat de makkers beslute om ien of mear ferfolchfilms (sequels) te meitsjen. Dat wie bgl. it gefal by films as Dirty Harry, Die Hard en American Pie. Soms kiest men derfoar om in prequel te meitsjen, in film dy't spilet foarôfgeande oan 'e oarspronklike film. Dat wie bgl. sa mei Butch Cassidy and the Sundance Kid, dy't einige mei de dea fan 'e beide haadpersoanen. Doe't dy film in grut súkses waard, besleat men om Butch and Sundance: The Early Days te meitsjen, dy't de jonge jierren fan 'e beide haadpersoanen sjen lit.
List fan súksesfolste filmsearjes De list hjirûnder jout (nei de stân fan saken fan 16 oktober 2018) alle filmsearjes wer dy't mear opbrocht hawwe as $500 miljoen.
Dizze kleur jout filmsearjes oan dy't hearre ta in grutter gehiel (sa makket Harry Potter diel út fan J.K. Rowling's Wizarding World). Ynsafier't ek it gruttere gehiel yn 'e ûndersteande list opnommen is, krije dizze 'dielsearjes' gjin rang.
rangfilmsearje opbringsttalfilmsgemiddeldeopbringstbêst prestearjende filmopbr. bêstprest. film1Marvel Cinematic Universe $6.869.400.00021$343.500.000Black Panther $700.100.0002Star Wars $4.220.700.00011$383.700.000Star Wars: Episode VII – The Force Awakens $936.700.0003J.K. Rowling's Wizarding World $2.624.100.00010$291.500.000Harry Potter and the Deathly Hallows 2 $381.000.000 Harry Potter $2.390.100.0008$298.700.000Harry Potter and the Deathly Hallows 2 $381.000.0004X-Men $2.362.700.00011$214.800.000Deadpool $363.100.0005Batman $2.222.500.0008$277.800.000The Dark Knight $533.300.0006James Bond $2.112.900.00024$84.500.000Skyfall $304.400.0007Spider-Man $1.912.900.0006$318.800.000Spider-Man $403.700.0008Middle Earth $1.846.700.0006$307.800.000The Lord of the Rings: The Return of the King $377.000.0009Avengers $1.761.200.0003$587.100.000Avengers: Infinity War $678.800.00010DC Extended Universe $1.588.100.0005$317.600.000Wonder Woman $412.600.00012The Fast and the Furious $1.516.800.0008$189.600.000Furious 7 $353.000.00013Transformers $1.455.200.0006$242.500.000Transformers 2 $402.100.00014Pirates of the Caribbean $1.451.800.0005$290.400.000Pirates of the Caribbean: Dead Man's Chest $423.300.00015The Hunger Games $1.451.500.0004$362.900.000The Hunger Games: Catching Fire $424.700.00016Shrek $1.419.600.0005$283.900.000Shrek 2 $441.200.00017Star Trek $1.401.000.00013$107.800.000Star Trek $257.700.00018Twilight $1.363.500.0005$272.700.000The Twilight Saga: Eclipse $300.500.00019Despicable Me $1.220.200.0004$305.100.000Despicable Me 2 $368.100.000 The Dark Knight Trilogy $1.186.800.0003$395.600.000The Dark Knight $533.300.00020Mission: Impossible $1.155.000.0006$192.500.000Mission: Impossible 6 $220.100.00021Superman $1.139.500.0007$162.800.000Batman v Superman: Dawn of Justice $330.400.000 The Lord of the Rings $1.060.700.0004$265.200.000The Lord of the Rings: The Return of the King $377.000.000 Iron Man $1.039.900.0003$346.600.000Iron Man 3 $409.000.00022Indiana Jones $906.400.0004$226.600.000Indiana Jones and the Kingdom of the Crystal Skull $317.100.00023Toy Story $883.400.0004$220.800.000Toy Story 3 $415.000.00024The Incredibles $868.900.0002$434.500.000Incredibles 2 $607.500.000 Captain America $844.500.0003$281.500.000Captain America 3 $408.100.00025Finding Nemo $826.000.0002$413.000.000Finding Dory $486.300.000 The Hobbit $816.500.0003$272.200.000The Hobbit: An Unexpected Journey $303.000.00026Bourne $801.000.0005$160.200.000The Bourne Ultimatum $227.500.00027Planet of the Apes $794.000.0009$88.200.000Dawn of the Planet of the Apes $208.500.00028Ice Age $793.700.0005$158.700.000Ice Age 3 $196.600.00029Avatar $749.800.0001$749.800.000Avatar $749.800.000 Star Wars Anthology $745.900.0002$373.000.000Rogue One $532.200.000 Guardians of the Galaxy $723.000.0002$361.500.000Guardians of the Galaxy Vol. 2 $389.800.000 Thor $702.500.0003$234.200.000Thor: Ragnarok $315.100.000 Deadpool $681.600.0002$340.800.000Deadpool $363.100.00030Rocky $675.400.0007$96.500.000Rocky IV $127.900.00031Madagascar $673.300.0004$168.300.000Madagascar 3: Europe's Most Wanted $216.400.00032Alvin and the Chipmunks $662.700.0005$132.500.000Alvin and the Chipmunks 2 $219.600.00033The Hangover $644.000.0003$214.700.000The Hangover $277.300.00034Men in Black $620.100.0003$206.700.000Men in Black $250.700.00035Terminator $608.700.0005$121.700.000Terminator 2: Judgment Day $204.800.00036Fockers $593.900.0003$198.000.000Meet the Fockers $279.300.00037The Matrix $592.400.0003$197.500.000The Matrix Reloaded $281.600.00038Alien $590.200.0008$73.800.000Prometheus $126.500.00039Cars $588.400.0003$196.100.000Cars $244.100.00040Teenage Mutant Ninja Turtles $583.600.0006$97.300.000Teenage Mutant Ninja Turtles $191.200.00041Ocean's $565.500.0004$141.400.000Ocean's Eleven $183.400.00042The Mummy $550.900.0004$137.700.000The Mummy Returns $202.000.00043The Conjuring Universe $542.300.0005$108.500.000The Conjuring $137.400.00044Night at the Museum $541.900.0003$180.600.000Night at the Museum $250.900.000 Wolverine $538.700.0003$179.600.000Logan $226.300.00045The Chronicles of Narnia $537.700.0003$179.200.000The Chronicles of Narnia: The Lion. the Witch and the Wardrobe $291.700.000 Planet of the Apes (2011–2017)$532.200.0003$177.400.000Dawn of the Planet of the Apes $208.500.00046Monsters. Inc. $524.400.0002$262.200.000Monsters University $268.500.00047Kung Fu Panda $524.200.0003$174.700.000Kung Fu Panda $215.400.00048Rush Hour $507.500.0003$169.200.000Rush Hour 2 $226.200.00049Die Hard $502.400.0005$100.500.000Live Free or Die Hard (Die Hard 4.0) $134.500.000
Kategory:Film