It Chicago Police Department (Ingelsk foar: "Plysjekorps fan Chicago"), gauris ôfkoarte as Chicago P.D. of CPD, is de gemeentlike plysjetsjinst fan 'e stêd Chicago yn 'e Amerikaanske steat Illinois. It korps is ferantwurding skuldich oan en operearret ûnder de ferantwurdlikheid fan de gemeenteried fan Chicago. Mei 13.500 plysjeminsken en 1.925 oare wurknimmers yn ûnderstypjende funksjes is it Chicago Police Department de op ien nei grutste pleatslike plysjetsjinst fan 'e Feriene Steaten, nei it NYPD fan New York. It Chicago Police Department waard yn 1835 oprjochte, en is dêrmei ek ien fan 'e âldste moderne plysjetsjinsten yn 'e wrâld. Lykwols leit it korps net op in al te bêste namme, en hat it Amerikaanske Ministearje fan Justysje krityk utere op it Chicago P.D. omreden fan minne training, gebrek oan tafersjoch en it rûtinemjittige gebrûk fan eksessyf geweld tsjin boargers.
Skiednis Njoggentjinde iuw Yn 1825, foar't Cook County oprjochte waard, lei de krite fan it lettere Chicago yn Putnam County. Dat jiers waard in Archibald Clybourn oansteld as plysje (constable) fan it gebiet tusken de rivier de DuPage en de Michiganmar. Nei't yn 1833 Chicago in eigen bestjoer krigen hie, waard Clybourn in ynfloedryk boarger fan dat plak, en de diagonale Clybourn Avenue is nei him ferneamd. Yn 1835 waard de plysje fan Chicago as organisaasje oprjochte, dêr't Clybourn oan it haad fan kaam te stean. Doe't Chicago yn 1837 stedsrjochten krige, waard it ferkiesbere amt fan 'e high constable ynsteld, dy't oan it haad fan 'e plysje kaam te stean en foar elts fan 'e seis wards (wiken) fan 'e stêd in common constable beneamde.
Yn 1855 krige de plysje fan Chicago de namme 'Chicago Police Department'. Tagelyk dêrmei waard de stêd ferdield yn trije plysjedistrikten (precincts), dy't elts betsjinne waarden troch in eigen plysjeburo. Foar wa't plysje wurde woe, wie it yn dy tiid benammen wichtich om politike konneksjes te hawwen; feardichheden en training diene der oant 1895 net folle ta. Nei 1856 waarden in protte ymmigranten oannommen, yn 't bysûnder (Ingelsksprekkende) Ieren. De earste Afro-Amerikaanske plysje waard yn 1872 beneamd, mar swarte plysjes krigen doedestiden gjin unifoarm, en se waarden inkeld ynset foar surveillânse yn buerten dy't troch oare Afro-Amerikanen bewenne waarden. De earste froulju waarden yn 1885 troch it Chicago Police Department oannommen; hja tsjinnen yn 't earstoan inkeld as matroanes (matrons), dy't as taak hiene om froulike arrestanten en finzenen te fersoargjen. De earste wiere froulike plysje fan Chicago, en nei alle gedachten fan 'e hiele Feriene Steaten, wie Marie Owens, dy't yn 1891 oansteld waard. Hja waard spesifyk ynset om tafersjoch te hâlden op it ferbod op berne-arbeid en op regels oangeande bernewolwêzen, en gie yn 1923 mei de rang fan sergeant mei pinsjoen.
Yn 1860 waarden de earste resjersjeurs oansteld om misdriuwen te ûndersykjen en op te lossen. In jier letter naam de Algemiene Assimblee fan Illinois in wet oan dy't in ried fan tafersjoch foar it Chicago Police Department ynstelde, sadat de plysjetsjinst autonoom waard fan 'e boargemaster fan Chicago. Dat waard trouwens benammen dien om 'e machtige boargemaster te koartwjukjen. It gesach oer de plysje kaam telâne by trije plysjekommissarissen, dy't in superintendent oanstelden as it haad fan it Chicago Police Department. Yn 1875 stelde de Algemiene Assimblee fan Illinois fêst dat de trije plysjekommissarissen net by steat wiene om 'e rûnombywêzige korrupsje yn it Chicago Police Department oan te pakken. Dêrom waarden se út harren funksje set, wêrnei't it gesach oer de plysje wer weromskood waard nei de boargemaster. Dy beneamde neitiid yn gearspraak mei de gemeenteried ien inkelde plysjekommissaris.
De captains fan 'e ferskate plysjedistrikten wiene yn 'e njoggentjinde iuw fierhinne autonoom fan it sintrale haadkertier fan it Chicago Police Department. Se tanken harren posysje faak oan konneksjes mei pleatslike politisy út harren buerten. De desintralisearre opset fan 'e plysje fan Chicago makke it korps fleksibeler op it mêd fan kwestjes dy't inkeld yn beskate wiken of buerten spilen, mar it makke de plysje ek kwetsberder foar korrupsje. Yn 1895 fierde Chicago standertprosedueres yn foar it oannimmen fan amtners, en fan dy tiid ôf moast men earst in skriftlike test ôflizze om by de plysje oannommen of befoardere te wurden. Dat soarge derfoar dat it nivo fan 'e plysjeminsken omheech gie, hoewol't it net folle feroare oan 'e kultuer fan korrupsje. Yn 1896 wie in parade fan plysjes fan it Chicago Police Department it ûnderwerp fan 'e earste film dy't ea yn Chicago opnommen waard.
Tweintichste iuw Yn 1906 rjochte it Chicago Police Department in ôfdieling plysje te pearde op, de saneamde Mounted Patrol, dy't benammen ynset waard foar it yn 'e stringen hâlden fan grutte kloften folk. Yn 1948 waard dy ôfdieling ôfskaft, mar der wie noch fol ferlet fan, dat yn 1974 waard er op 'e nij ynsteld, doe ûnder de namme fan 'e Mounted Unit. De earste trije auto's waarden yn 1908 troch it Chicago Police Department yn gebrûk nommen, folge troch de earste motorfytsen en motorboaten yn 1910. Froulike plysjes waarden op strukturele basis fan 1913 ôf yn it korps opnommen, en de earste swarte froulike plysje fan nei alle gedachten de hiele Feriene steaten wie in Grace Wilson, dy't yn 1918 oansteld waard. Yn 1917 waarden fierders de Chicago Police Reserves oprjochte, in soarte fan reserveplysje dy't ynset waard by grutte eveneminten, lykas op Memorial Day, en by rampen, lykas de útbraak fan 'e Spaanske gryp, yn 1918. Yn 1920 waarden de Reserves lykwols wer fuortbesunige troch de gemeenteried fan Chicago. It Falentynsdeibloedbad fan 1929 (in ôfrekken yn it kriminele sirkwy) late ta de oprjochting fan 'e earste ôfdieling technyske resjerzje fan 'e Feriene Steaten. Yn 't earstoan waard dy funksje ferfolle troch it laboratoarium fan 'e Noardwestlike Universiteit, mar dat waard yn 1938 oankocht troch it Chicago Police Department.
In yngeande herfoarming fan it korps liet lykwols op him wachtsje oant 1960, doe't it saneamde Summerdale-skandaal útbriek. Dêrby kaam oan it ljocht dat acht plysjes fan it plysjedistrikt Summerdale, yn 'e North Side fan Chicago, op grutte skaal ynbraken diene by partikulieren. Fan gefolgen stelde boargemaster Richard J. Daley in kommisje yn dy't besjen moast hoe't it korps herfoarme wurde koe. Datselde jiers noch waard de kriminolooch Orlando W. Wilson as earste boarger oansteld as superintendent fan it Chicago Police Department. Hy yntrodusearre in stikmannich fernijings, lykas in nij en ynnovatyf kommunikaasjesintrum, in fermindering fan it tal plysjeburo's, in earliker befoarderingsproseduere en in klam op motorisearre surveillânse yn it neidiel fan surveillânse te foet. De plysje-auto's krigen blauwe en wite kleuren mei blauwe swaailjochten, de plysjepetten krigen bannen mei blauwe en wite blokjes (it saneamde silitoe tartan) en it offisjele biedwurd fan it korps waard We Serve and Protect ("Wy Tsjinsje en Beskermje"). Wilson bleau superintendent oant er yn 1967 mei pinsjoen gie.
De plysje fan Chicago kaam wrâldwiid min yn it nijs troch syn oanpak fan 'e protesten by de Demokratyske Nasjonale Konvinsje fan 1968. Dat barren waard dat jiers fan 26 oant 29 augustus yn Chicago holden en loek in protte demonstranten oan dy't op 'e Amerikaanske belutsenens by de Fjetnamoarloch tsjin wiene. Nettsjinsteande it feit dat in diel fan 'e demonstranten aktyf de konfrontaasje mei de plysje socht, stie de reäksje fan 'e plysje, dy't dêrby stipe waard troch de Nasjonale Garde, bol fan it eksessyf geweld. Net inkeld demonstranten waarden bespuite mei triengas en yninoar slein mei houtene kneppels, mar ek freedsume hippys, dissidinte leden fan 'e Demokratyske Partij, sjoernalisten, fotografen, tafallige foarbygongers, predikanten en teminsten ien handicapte. Under de slachtoffers fan it plysjegeweld wiene Hugh Hefner, de útjouwer fan it neakenblêd Playboy; sjoernalist Dan Rather, dy't yninoar slein waard yn it gebou dêr't de konvinsje plakfûn, doe't er dêr fan it barren ferslach dwaan woe; en Anne Kerr, in lid fan it Britske Parlemint dy't op yn Chicago op fakânsje wie en by de doar fan har hotel mei triengas besproeid en yn 'e boeiens slein waard. It rapport fan 'e neitiid ynstelde Kommisje-Walker lei de ferantwurdlikheid foar de gaos en it geweld fjouwerkant by it Chicago Police Department del.
In oare saak út 'e jierren sechstich dy't de plysje fan Chicago op minne wize yn it nijs brocht, wie de sjitpartij op 4 desimber 1969, wêrby't Fred Hampton en Mark Clark, twa lieders fan 'e aktivistyske Afro-Amerikaanske Black Panther Party, troch plysjeminsken deasketten waarden. It Chicago Police Department hold út dat de plysjes oanfallen wiene troch swierbewapene Black Panthers, mar neitiid die út ûndersyk bliken dat hast alle kûgels ôffjurre wiene út plysjewapens. De djipdrôven fan 'e beide slachtoffers wûnen úteinlik in rjochtsaak tsjin 'e gemeente Chicago, wêrby't se miljoenen dollars oan skeafergoeding tawiisd krigen. Foar in grut diel fan 'e swarte befolking fan 'e stêd bewiisde dizze saak wat se al wisten: dat it fierhinne blanke Chicago Police Department ynstitúsjoneel rasistysk wie en gjin selsbehearsking hie yn 'e omgong mei swarte boargers. Foar in diel as reäksje op dy krityk besocht it korps mear plysjes út etnyske minderheden oan te lûken. Yn augustus 1983 waard Fred Rice oansteld as de earste Afro-Amerikaanske superintendent fan it Chicago Police Department. Yn 1992 wie Matt L. Rodriguez de earste superintendent fan Latino-komôf.
Dat die lykwols net folle om it imago fan it Chicago Police Department te feroarjen, mei't der oanhâldend nije skandalen útbrieken. Sa wie der commander Jon Burge, dy't fan 1972 oant 1991 mear as twahûndert almeast Afro-Amerikaanske manlju mishannele om harren te twingen ta bekentenissen. Dêrby waarden se troch Burge en in groep mandélige ûnderhearrigen slein, smoard en mei brânende sigaretten en stroomstjitwapens behannele. Fan 'e iere 1980-er jierren ôf waarden der ferskate ûndersiken nei Burge ynsteld, mar pas yn 1993 waard er ûntslein. Yn 'e simmer fan 2006 sleaten inkele spesjale oanklagers in fjouwer jier duorjend ûndersyk nei Burge en syn trewanten ôf mei de konklúzje dat se no genôch bewiis hiene om harren te ferfolgjen, mar dat it dêrfoar spitigernôch te let wie om't de misdriuwen ferjierre wiene. Yn jannewaris 2008 krigen fjouwer slachtoffers fan Burge-en-dy in skeafergoeding fan 'e Gemeente Chicago taparte ter hichte fan $19,8 miljoen. Yn maaie 2015 waard nochris $5,5 miljoen oan skeafergoeding oan oare slachtoffers fan Burge útkeard. Burge sels genoat fan syn plysjepinsjoen oant er yn oktober 2008 troch ofsier fan Justysje Patrick J. Fitzgerald oanklage waard foar meineed en obstruksje fan de rjochtsgong. Datoangeande waard er yn juny 2010 skuldich befûn en yn jannewaris 2011 feroardiele ta fjouwer en in heal jier finzenisstraf.
In nij skandaal ûntstie doe't op 28 july 1998 in alvejierrich famke, Ryan Harris, ferkrêfte en fermoarde waard yn 'e buert Englewood. Tolve dagen dêrnei arrestearre de plysje nammentlik twa jonkjes fan sân en acht jier, dy't foar de ferkrêfting en moard ferantwurdlik wêze soene. Ut DNA-tests ferrjochte op it sperma dat op it lichem fan it slachtoffer oantroffen wie, die lykwols bliken dat de dieder de folwoeksen man Floyd Durr wie, dy't ek al earder feroardiele wie foar seksueel misbrûk. Dyselde joech ta dat er Harris ferkrêfte hie, hoewol't er altyd ûntstried dat er har ombrocht hie. De âldelju fan 'e beide jonkjes spanden rjochtsaken tsjin 'e gemeente Chicago oan, dy't úteinlik skikt waarden foar miljoenen dollars.