The Dresden Files is in fantasy-romansearje fan 'e hân fan 'e Amerikaanske skriuwer Jim Butcher, dy't ta it subsjenre fan 'e urban fantasy heart. De titel betsjut: "De Dresden-dossiers". De rige, dy't yn it ik-perspektyf skreaun is, giet oer de ûndersiken yn 'e wrâld fan it boppenatuerlike troch de tsjoender en privee-detektive Harry Dresden út Chicago. De earste roman, Storm Front, waard yn 2000 publisearre by de Amerikaanske útjouwerij Roc Books, dat de oarspronklike útjouwer fan 'e rige is. Anno 2019 bestie de searje út fyftjin romans en trije ferhalebondels. Dielen fan 'e rige binne adaptearre ta grafyske romans, en yn 2007 waard op basis fan 'e earste romans in tillefyzjesearje makke, dy't ek The Dresden Files hiet.

Oersjoch Yn 'e wrâld fan The Dresden Files besteane alderhanne boppenatuerlike dingen, lykas tsjoenderij, fampieren, demoanen, spûken, ierdgeasten, wearwolven, ingels, ensfh. De oergrutte mearderheid fan 'e minsken hat der lykwols alhiel gjin aan fan wat yn 'e skaden fan 'e maatskippij om en ta giet. Tsjoenders, lykas Harry Dresden, binne feriene yn 'e Wite Ried fan Tsjoenderij, dy't behalven boppenatuerlike ek in oansjenlik ekonomyske macht útoefenet. Wat oarsoartige wêzens oanbelanget, dy hawwe harren eigen sosjale regels en politike organisaasjes. Sa kinne ierdgeasten behearre ta it Simmerhôf of ta it Winterhôf of ta net ien fan beiden, wylst der fjouwer ûnderskate soarten fampieren besteane, dy't allegear in eigen hierargy hawwe en dêropta fjouwer ferskillende soarten wearwolven.

Harry Dresden, dy't yn Chicago wennet, wurket as wrâlds iennichste 'riejaande tsjoender' en akseptearret yn dy hoedanichheid it ûndersyk nei boppenatuerlike saken fan sawol minsklike as net-minsklike klanten. Ek wurket er frij geregeldwei gear mei de Spesjale Undersyksienheid fan 'e Plysje fan Chicago. Geandewei de romanrige rekket Dresden yn almar wichtiger saken behelle, mei as gefolch dat er in hieltyd foaroansteander plak yn 'e boppenatuerlike wrâld komt yn te nimmen. Om't hege beammen no ienris in protte wyn fange, liedt dat der oanhâldend ta dat der noch wer gruttere swierrichheden op syn paad komme. Dêrtroch wurdt it hieltyd dreger om as wurkjend tsjoender en privee-detektive syn brea te fertsjinjen, wylst it ek almar nuodliker gefolgen hat foar syn freonen en famyljeleden.

Personaazjes haadpersoanen Harry Dresden, tsjoender en privee-detektive yn Chicago. Malcolm Dresden (†), syn heit, in gûchelder. Margaret Gwendolyn LeFay McCoy Dresden (†), syn mem en de mem fan Thomas Raith, in tsjoenster en de dochter fan Ebenezar McCoy. Margaret Angelica Mendoza Dresden, syn dochter by Susan Rodriguez. Mouse, syn hûn, in timpelhûn of Tibetaanske mastyf, dy't ôfstammet fan in godlike beskermgeast en in stjerlike hûn. Mister, syn kat. It Argyf, ek bekend as Ivy, in jong famke wa har holle it bewarplak is fan alle minsklike kennis en wiisheid. Hanna Ascher, in tsjoenster en lid fan it Genoatskip fan Sint Gilles. Mike Atagi, de monteur dy't Harry syn gauris skansearre auto oan 'e gong hâldt Meditrina Bassarid, in mainade, tsjoenster en ferliedster. Bob, in elemintêre geast fan 'e lucht mei in yngeande kennis fan magy, dy't in skedel bewennet op de boekeplanke yn it geheime laboratoarium fan Harry Dresden. William Borden, in studint en letter yngenieur dy't ek in wearwolf is. De lieder fan 'e 'Alphas', in ridel wearwolven, en de freon en letter man fan Georgia Borden. Georgia Borden, syn freondinne en letter frou, in studinte psychology dy't ek in wearwolvinne is. Waldo Butters, in patolooch-anatoom en polka-fan yn Chicago. Ron Carmichael, in plysjeresjersjeur fan 'e Spesjale Undersyksienheid fan 'e Plysje fan Chicago, de partner fan Karrin Murphy. Michael Carpenter, in timmerman yn Chicago, dy't ien fan 'e Ridders fan it Krús is. De heit fan û.o. Molly Carpenter. Charity Carpenter, syn frou, in amateur-smid en de mem fan û.o. Molly Carpenter. Molly Carpenter, de learling-tsjoenster fan Harry Dresden, dochter fan Michael en Charity Carpenter. Nick Christian, in privee-detektive yn Chicago, eigner fan Ragged Angel Investigations, en Harry Dresden syn eardere baas. Gregori Cristos, in tsjoender en lid fan 'e Hege Ried fan 'e Wite Ried fan Tsjoenderij. Demongryp (Demonreach), in natoergeast en de bewekker fan in boppenatuerlike finzenis. Justin DuMorne (†), in swarte tsjoender en fallen warder fan 'e Wite Ried fan Tsjoenderij, master fan Harry Dresden en Elaine, oant Harry him deade. de Erlkönig, hearsker oer de Wylde Ierdgeasten en lieder fan 'e Wylde Jacht. Ferrovax, in draak. Anthony Forthill, de pastoar fan St. Mary of the Angels. de Genoskwa, in kweageast út 'e ûnderwrâld. Goodman Grey, in hierling dy't de soan is fan in minsklike frou en in hûdrinner. Hades, de Grykske god fan 'e ûnderwrâld. Hy Dy't Foarút Rint, in bûtensteander, in wêzen fan oarekant de Bûtenste Poarten. Hy Dy't Efternei Rint, in bûtensteander, in wêzen fan oarekant de Bûtenste Poarten. de Hûdrinner (of Naagloshii), in kweadaardich healgodlik wêzen yn 'e tsjinst fan 'e Swarte Ried. Jared Kincaid, ek bekend as de Hellehûn, in heal-minsklike, heal-demoanyske hierling dy't iuwen âld is en noch wurke hat foar Vlad II Dracul, de heit fan Vlad de Speetser, op wa't Bram Stoker letter it personaazje fan greve Dracula basearre. Kirby, in wearwolf en in lid fan 'e Alphas. Krêft-fan-in-Rivier-yn-Syn-Skouders, in sasquatch en de heit fan Irwin Pounder. Aleran LaFortier, in tsjoender en lid fan 'e Hege Ried fan 'e Wite Ried fan Tsjoenderij. Arthur Langtry, ek bekend as de Merlyn, in tsjoender en de lieder fan 'e Wite Ried fan Tsjoenderij. Polonius Lartessa, in fallen ingel en in lid fan 'e Oarder fan 'e Swartbrânde Denaarje. Lasciel, byneamd 'de Ferliedster', in fallen ingelinne en in lid fan 'e Oarder fan 'e Swartbrânde Denaarje. Lash, in skym fan 'e fallene ingelinne Lasciel, bestiet inkeld yn it ferstân fan Harry Dresden. Martha Liberty, in tsjoenster en lid fan 'e Hege Ried fan 'e Wite Ried fan Tsjoenderij. De Likenimmer (Corpetaker) of Capiocorpus, in (minsklike) boaze tsjoenster dy't it fermogen hat om 'e liken fan 'e resint ferstoarnen oer te nimmen en ek om 'e lichems fan de libbenen te besetten. Mortimer Lindquist, in medium. sir Stuart Winchester, de beskermgeast fan syn ôfstammeling Mortimer Lindquist. Joseph Listens-to-Wind, ek bekend as 'Injun Joe', in Yndiaanske medisynman en lid fan 'e Hege Ried fan 'e Wite Ried fan Tsjoenderij. Anastasia Luccio, de kaptein fan 'e warders fan 'e Wite Ried fan Tsjoenderij. Mab, de keninginne fan it Winterhôf, in hege Sidhe dy't oer de ierdgeasten hearsket dy't tradisjoneel as kweadaardich beskôge wurde. Maeve, de frouwe fan it Winterhôf, in hege Sidhe dy't as opfolchster fan Mab ornearre is. Lloyd Slate, de Winterridder, in minsklike man dy't troch Mab mei grutte boppenatuerlike macht bejeftige is. Cat Sith, in gefaarlike ierdgeast fan it Winterhôf yn 'e foarm in hûskat ter grutte fan in poema. Jenny Greenteeth, in ierdgeast fan it Winterhôf en in tsjinster fan Maeve. Lacuna, in elfke fan it Winterhôf. de Leanansidhe, ek bekend as Lea, in machtige ierdgeast en in ealfrouwe fan it Winterhôf, dy't Harry Dresden syn peetmuoike is. de Readkap, in ierdgeast fan it Winterhôf en tsjinner fan Maeve. Andi Macklin, in wearwolvinne en in lid fan 'e Alphas. Oerâlde Mai, in Aziatyske tsjoenster en lid fan 'e Hege Ried fan 'e Wite Ried fan Tsjoenderij. Elaine Mallory, in tsjoenster dy't Harry Dresden syn earste leafde wie, doe't se beiden as bern yn 'e gryp fan Justin DuMorne ferkearden. "Gentleman Johnnie" Marcone, sakeman en gangster te Chicago. Hendricks, syn liifwacht. Miss Gard, eins de walkuere Sigrún, dy't as boppenatuerlik adviseur fan Monoc Securities ynhierd is troch Marcone. Martin, in heal-minsklike fampier fan it Reade Hôf en in lid fan it Genoatskip fan Sint Gilles. Mavra, ien fan 'e lêste machtige fampieren fan it Swarte Hôf. "Mac" McAnally, de eigner fan Harry Dresden syn stamkroech McAnally's, dy't trochgiet foar in minske, mar dat net is. Ebenezar McCoy, in tsjoender en lid fan 'e Hege Ried fan 'e Wite Ried fan Tsjoenderij. Hy is fan Skotsk komôf fia Missoery en is al yn Noard-Amearika aktyf sûnt de Frânske en Yndiaanske Oarloch. Hy is ek Harry Dresden syn âlde learmaster en pake. Mem Winter en Mem Simmer, de beide âldste keninginnen fan it Winter- en Simmerhôf fan 'e ierdgeasten. Hja binne hege Sidhe en sa machtich dat se mei in gedachte immen deadzje kinne. Donald Morgan, in tsjoender en de fjildkommandant fan 'e warders fan 'e Wite Ried fan Tsjoenderij. Karrin Murphy, plysjeresjersjeur en haad fan 'e Spesjale Undersyksienheid fan 'e Plysje fan Chicago. Collin J. Murphy, byneamd Jack, har heit, by libben in plysjeman, dy't no as geast lieding jout oan 'e "tuskenyn"-ienheid fan Plysje fan Chicago, dy't yn 'e geastewrâld de saken behannelet fan minsken dy't net oan natuerlike oarsaken stoarn binne. My Shadow, in timpelhûn of Tibetaanske mastyf, dy't ôfstammet fan in godlike beskermgeast en in stjerlike hûn, de âldere en gruttere broer fan Mouse. Nicodemus Archleone, in tige machtige fallen ingel en de lieder fan 'e denarianen, de leden fan 'e Oarder fan 'e Swartbrânde Denaarje. Tessa, ek bekend as Imariel, syn frou, in lid fan 'e Oarder fan 'e Swartbrânde Denaarje. Deirdre, syn dochter by Tessa, in lid fan 'e Oarder fan 'e Swartbrânde Denaarje. don Paolo Ortega, in fampier, de hartoch en oarlochslieder fan it Reade Hôf, dy't him nei de bûtenwrâld ta foardocht as in ûndersiker en ûntkrêfter fan boppenatuerlike ferskynsels. Samuel Peabody, in tsjoender en de argivaris fan 'e Wite Ried fan Tsjoenderij. Simon Pietrovich, in tsjoender en lid fan 'e Hege Ried fan 'e Wite Ried fan Tsjoenderij. dr. Helena Pounder, in argeologe dy't by it ferrjochtsjen fan fjildwurk de sasquatch Krêft-fan-in-Rivier-yn-Syn-Skouders mette en swier fan him rekke. Irwin Pounder, har soan, dy't heal minske en heal sasquatch is. Thomas Raith, in fampier fan it Wite Hôf, dy't op in stuit Harry Dresden syn healbroer blykt te wêzen. Justine, syn grutte leafde, in minsklike frou. Lara Raith, syn âldere suster, in eardere pornoaktrise en de wiere hearskeresse fan it Wite Hôf. Inari Raith, syn jongste suster, dy't neat ôfwit fan har fampieryske erfskip. Carlos Ramirez, in tsjoender en de regionale kommandant fan westlik Noard-Amearika foar de warders fan 'e Wite Ried fan Tsjoenderij. Henry Rawlins, in plysjeresjersjeur fan 'e Spesjale Undersyksienheid fan 'e Plysje fan Chicago. Rashid, ek bekend as de Poartewachter, in Middeneastlike tsjoender en lid fan 'e Hege Ried fan 'e Wite Ried fan Tsjoenderij. Susan Rodriguez, oarspronklik in minsklike sjoernaliste en Harry Dresden syn freondinne, letter in fampier fan it Reade Hôf en in aginte foar it Genoatskip fan Sint Gilles. Barry Rudolph, in resjersjeur fan de ôfdieling Ynterne Saken fan 'e Plysje fan Chicago. Sanya, in negroïde Rus dy't ien fan 'e Ridders fan it Krús is. Shiro Yoshimo, in ôfstammeling fan 'e keningen fan 'e Rjûkjû-eilannen en in Ridder fan it Krús. John Stallings, in plysjeresjersjeur fan 'e Spesjale Undersyksienheid fan 'e Plysje fan Chicago. Bianca St. Claire, in fampier en ealfrouwe fan it Reade Hôf en de madam fan it bordeel The Velvet Room. Barry Tilly, in agint fan de FBI. Titania, de keninginne fan it Simmerhôf, in hege Sidhe dy't oer de ierdgeasten hearsket dy't tradisjoneel as goeddaardich beskôge wurde. Aurora, de frouwe fan it Simmerhôf, in hege Sidhe dy't as opfolchster fan Titania ornearre is. Lily, in healbloed-ierdgeast en model, en de opfolchster fan Aurora as frouwe fan it Simmerhôf. Sarissa, de heal-minsklike dochter fan Mab, de keninginne fan it Winterhôf, dy't troch omstannichheden úteinlik de opfolchster wurdt fan Lily as frouwe fan it Simmerhôf. Ronald Reuel, de Simmerridder, in minsklike man dy't troch Titania mei grutte boppenatuerlike macht bejeftige is.