Working for Bigfoot is in ferhalebondel fan 'e hân fan 'e Amerikaanske skriuwer Jim Butcher. De titel betsjut: "Oan 't Wurk foar Bigfoot". It boek befettet trije koarte ferhalen fan it fantasysjenre, dy't hearre ta Butcher syn romansearje The Dresden Files. De ferhalebondel hat dan ek as ûndertitel: Stories from The Dresden Files. De trije ferhalen hawwe gemien dat se allegear oer in sasquatch (bigfoot) geane. Se waarden alle trije yn 2012 earder publisearre yn trije ûnderskate blomlêzings mei wurk fan oare auteurs. Working for Bigfoot waard yn 2015 yn in frij beheinde oplaach publisearre troch de útjouwerij Subterranean Press, yn Burton (Michigan). Yn 2018 waarden de trije ferhalen werpublisearre as ûnderdiel fan 'e gruttere ferhalebondel Brief Cases.

Ferhalen B Is for Bigfoot (spilet tusken Fool Moon en Grave Peril) I Was a Teenage Bigfoot (spilet tusken Dead Beat en Proven Guilty) Bigfoot on Campus (spilet tusken Turn Coat en Changes)

Kategory:The Dresden Files Kategory:Literêr wurk fan Jim Butcher Kategory:Fantasyferhalebondel Kategory:Ingelsktalige ferhalebondel Kategory:Ferhalebondel út 2015 Kategory:Literatuer oer tsjoenderij Kategory:Literatuer oer sasquatches Kategory:Literatuer oer tsjoenders