Brief Cases is in ferhalebondel fan 'e hân fan 'e Amerikaanske skriuwer Jim Butcher. De titel is in wurdboarterij. It kin betsjutte: "Koarte Saken", mar stavere as briefcases betsjut it "aktetas". It boek befettet tolve koarte ferhalen fan it fantasysjenre, dy't hearre ta Butcher syn romansearje The Dresden Files. De ferhalebondel hat dan ek as ûndertitel: Stories from The Dresden Files. De tolve ferhalen wiene op it lêste nei allegear al earder publisearre, foar it meastepart yn ferskate blomlêzings mei wurk fan oare auteurs. Trije ferhalen wiene dêropta ek earder ferskynd yn 'e behindiger ferhalebondel Working for Bigfoot, dy't yn 2015 útjûn waard troch Subterranean Press. Brief Cases waard yn 2010 publisearre troch de New Yorkske útjouwerij Roc Books.
Ferhalen A Fistful of Warlocks (spilet yn 'e 19e iuw) B Is for Bigfoot (spilet tusken Fool Moon en Grave Peril) AAAA Wizardry (spilet tusken Proven Guilty en White Night) I Was a Teenage Bigfoot (spilet tusken Dead Beat en Proven Guilty) Curses (spilet tusken Small Favor en Turn Coat) Even Hand (spilet tusken Turn Coat en Changes) Bigfoot on Campus (spilet tusken Turn Coat en Changes) Bombshells (spilet tusken Changes en Ghost Story) Cold Case (spilet tusken Ghost Story en Cold Days) Jury Duty (spilet nei Skin Game) Day One (spilet nei Skin Game) Zoo Day (spilet nei Skin Game; eins gjin koart ferhaal, mar in novelle)
Kategory:The Dresden Files Kategory:Literêr wurk fan Jim Butcher Kategory:Fantasyferhalebondel Kategory:Ingelsktalige ferhalebondel Kategory:Ferhalebondel út 2018 Kategory:Literatuer oer fampieren Kategory:Literatuer oer wearwolven Kategory:Literatuer oer sombys Kategory:Literatuer oer elven Kategory:Literatuer oer tsjoenderij Kategory:Literatuer oer stalferwikseling Kategory:Literatuer oer tsjoenders