De Vliegende Hollander wie in Nederlânske útjouwerij dy't bestie fan 2009 oant 2011. It bedriuw makke diel út fan Dutch Media Uitgevers, en publisearre fertaalde stripalbums en fantasyliteratuer út 'e Feriene Steaten en it Feriene Keninkryk. Under de útjeften fan De Vliegende Hollander wiene klassike stripalbums as Watchmen, V for Vendetta en From Hell, striprigen as Hellboy en Y the Last Man, en romansearjes as The Dresden Files. Yn april 2011 waard de stekker út it min rinnende bedriuw lutsen. Guon publikaasjes waarden oerhevele nei oare ûnderdielen fan Dutch Media Uitgevers.
Keppelings om utens Offisjele webside fan De Vliegende Hollander
Kategory:Nederlânske útjouwerij Kategory:Bedriuw oprjochte yn 2009 Kategory:Bedriuw opheft yn 2011