thumb|Kleefstra by in optreden mei it Alvaret Ensemble op it State X New Forms Festival yn De Haach op 10 desimber 2016. Efter him syn broer Jan Kleefstra Romke Kleefstra (Akkrum, 28 july 1972) is in Fryske muzikant dy't yn 2019 spilet yn Piiptsjilling, Transtilla, The Alvaret Ensemble en Tsjinlûd. Ek is hy fjildûndersiker, redakteur en koördinator fûgeltellings by Sovon Vogelonderzoek Nederland.https://www.sovon.nl/nl/content/romke-kleefstra
Biografy Romke Kleefstra wie fan 1992 oant 2007 sjonger en songwriter yn de indiebands Shatterhole (1992-1995), Seascape Painters (1995-2000) en Polaroyd (2003-2007) https://www.youtube.com/channel/UCdU45e4kxfxn_Xde35CUU1w. Yn 2008 rjochte Kleefstra Piiptsjilling op mei syn broer Jan Kleefstra (dichter), Rutger Zuydervelt (Machinefabriek) en Mariska Baars (Soccer Committee). Sûnttiids hat er in soad gearwurkings en projekten dien mei syn broer, wêryn't syn muzyk eleminten hie fan ambient, post-rock, minimalisme, drone, moderne klassike muzyk oant en mei frije ymprovisaasje-jazz. Nei it útbringen fan it earste album fan Piiptsjilling yn 2008 folge in rige CD's, LP's, DVD's en kassettes op labels s Experimedia, Hybernate, Home Normal, Spekk, Low Point, Monotype, Denovali, Midira en Tombed Visions. Mei Anne-Chris Bakker foarmt Kleefstra de groep Transtilla https://transtilla.bandcamp.com/.
As lid fan Piiptsjilling wie Kleefstra mei ferantwurdlik foar it film- en muzykprojekt Seeljocht foar it Into The Great Wide Open festival yn 2011 op Flylân, mei Piiptsjilling, Peter en Heather Broderick, Nils Frahm en Greg Haines. It projekt waard opfolge troch it heal-Yslânske projekt Skeylja foar it Oerol Festival 2012 (mei The Alvaret Ensemble en Kira Kira, Eríkur Ólafsson, Ingi Erlendsson en Borgar Magnason).denovali.com Yn 2015 toerde it Fryske kollektyf Tsjinlûd troch Nederlân mei Japanske filmkeunstners fan it + Project út Tokio.makinotakashi.netTsjinlûd Yn 2016 diene de Kleefstra's itselde mei in soartgelikens projekt mei de namme Ljerke, mei ynbegryp fan de Noarske muzikanten Alexander Rishaug, Hilde Marie Holsen en Michael Duch.Ljerke Yn 2018 wurke Piiptsjilling gear mei Sylvain Chaveau, Joacim Badenhorst en Annelies Monseré yn it projekt Fean.Projeklt 'Fean' Fisuele keunstners dy't gearwurken yn projekten mei de Kleefstra's binne 33one3rd, Haraldur Karlsson, Kei Shichiri, Marco Douma, Rei Hayama, Sabine Bürger, Shinkan Tamaki en Takashi Makino.
Diskografy Shatterhole Mental Paradox (kassette, Bogmen Inc., 1993) Swell Life (kassette, Bogmen Inc., 1994)
Seascape Painters Seascape Painters (cd ep, Homebase Records, 1996) Polder EP (kassette, Craneland Music, 1998)
Polaroyd Thaw (3 "cd, eigen útjefte, 2003) Underworld (3 "cd, eigen útjefte, 2003)
Piiptsjilling Piiptsjilling (cd, Onomatopee, 2008) Wurdskrieme (lp/cd, Experimedia, 2010) Molkedrippen (cd, Spekk, 2014) Moarntiids (cd, Midira, 2014) Slieperswaar (3 "live-cd, eigen útjefte, 2015) Kjeld (3 "live-cd, eigen útjefte, 2017) Fiif (cd, Peter Foolen Editions, 2017)
Kleefstra | Bakker | Kleefstra Wink (cd, Appollolaan, 2009) Griis (lp, Low Point, 2012) Nacht en Dei (DVD, eigen behear, 2012) Live maart 2012 (kassette, Northern Twilights, 2012) Sinne op 'e Wangen (DVD, Galery Vayhinger, 2014) Dage (kassette, Low Point, 2016) Desimber (kassette, Tombed Visions, 2016) Dize (cd, Midira Records, 2017)
Gareth Davis, Jan Kleefstra, Romke Kleefstra Sieleslyk (3 cd, Rural Colors, 2011) Tongerswel (cd, Home Normal, 2011)
Kleefstra | Pruiksma | Kleefstra Deislieper (cd, Hibernate, 2011)
Kleefstra | Pruiksma | Kuitwaard | Kleefstra Sinneplakken (cd, Time Released Sound, 2012)
The Alvaret Ensemble The Alvaret Ensemble (2lp / 2 cd, Denovali, 2012) Skeylja (lp / cd, Denovali, 2014) Ea (2lp/cd, Laaps, 2020)
CMKK GAU (cd, Monotype, 2013)
Tsjinlûd Tsjinlûd (boek + cd, eigen behear, 2016)
Ljerke Ljerke (cd, Eilean Records, 2018)
Fean Fean (cd, Moving Furniture Records, 2018) Fean II (lp/cd, Laaps, 2020)
Kleefstra Bros It Goeshoes (download, eigen behear, 2018)
Transtilla
Transtilla I (cd, Opa Loka Records, 2019) Transtilla II (cd, Midira Records, 2019)
Ferskaat That It Stays Winter Forever (cd, White Box, 2010), mei Kleefstra | Bakker | Kleefstra Mort Aux Vaches (cd, Staalplaat, 2011), mei Kleefstra | Bakker | Kleefstra Seeljocht (cd, Into The Great Wide Open, 2011), mei Piiptsjilling Elements IV (5 cd, Home Normal, 2014), mei Piiptsjilling Stay Tuned (cd, Baskaru, 2014) Past verdwijnt (download, Dronarivm, 2014) mei Piiptsjilling Moving Noises II (download, Midira, 2015), mei Piiptsjilling Into The White (download, Dronarivm, 2016), mei Kleefstra | Bakker | Kleefstra Eilean 92 (cd, Eilean Records, 2018), mei Ljerke
Projekten Seeljocht; artist in residence foar Into The Great Wide Open Festival 2011 (Flylân), ek op it Explore The North Festival yn Ljouwert en Le Guess Who? ym Utert Skeylja; artist in residence foar it Oerol Festival op Skylge Duif, film fan Dinanda Luttikhedde en muzykprojekt mei de Kleefstra's en Mike Kramer, foar Cultura Nova Festival (Heerlen) en Noorderzon Performing Arts Festival (Grins), ek op Explore The North Festival (Ljouwert) Klanklânskippen Japan; toer film- en muzykprojekt, ek op Noardlik Film Festival (Ljouwert) Ljerke; toerproject en muzykprojekt, ek op Le Guess Who? Festival (Utert en Noardlik Film Festival yn Ljouwert)
Kategory:Frysk muzikant Kategory:Frysk sjonger Kategory:Frysk lietsjeskriuwer Kategory:Sjonger yn it Frysk Kategory:Persoan berne yn 1972 Kategory:Persoan berne yn Akkrum