Christiaan Kuitwaard (Snits, 9 jannewaris 1965) is in Nederlânsk learaar en keunstner út Aldeberkeap.

Op syn sechttjinde oant syn tweintichste wie hy beropsmilitêr by de Keninklike Marine. Yn 1985 en 1986 folge hy in keunstnersoplieding oan de Akademy Minerva yn Grins en oan de keunstakademy Constantijn Huygens yn Kampen. Sûnt 1997 jout er les yn Kreativiteitssintrum It Hearrenfean (de Cirkel, A7, Ateliers Majeur). Yn 2015 ûntfong er de Hannie Mein Keunstpriis.

Yn syn skilderijen, tekeningen en akwarellen ûndersiket hy benammen de wurking fan ljocht en skaad. De sjenres binne konseptueel, mar ek figuratyf of abstrakt. By syn skilderjen tinkt er yn trijen: wyt (ljocht), swart (dûnker) en it griis dat dêr tusken sit. De ekspresje bart benammen troch weilitten, want skilderjen is relativearjen. Faak binne it ferstille objekten en ferstille lânskippen lykas kontoeren fan beamstammen by yn de bosk wyls de foar- en eftergrûn yn elkoar oergean.Melklokaal oer it wurk fan CK It binne faak de ienfâldige dingen dy't by skilderjen ferwûndering en ferstilling oproppe. Kuitwaard wurket gear mei dichters as Eeltsje Hettinga en Jan Kleefstra. Mei Jan Kleefstra wurket hy oan in boek oer it Fryske lânskip.Ljouwerter Krante, 17 febrewaris 2019 - Veldwerk, bijzonder boek over het verdwijnen biodiversiteit in Friese natuur (2020); Utjouwerij Wijdemeer, ISBN 9789492052629

White paintings Al sûnt 2011 makket Kuitwaard alle wiken in White Box Painting. Foar in grut finster fan syn atelier yn Aldeberkeap set er in selsmakke wytfarve kistke dêr't de boppe- en foarkant fan iepenlitten binne. Yn it kistke set er in foarwerp (bygelyks in tûke, in dea fûgeltsje, in hoed of wat oars. Dy foarwerpen binne ek wyt skildere om de ultime stilte op te roppen. Fan dy komposysje makket er dan in oaljeferveskilderij fan 28 by 20 sm.Oer de white paintings De earste rige fan dy skilderijen waard yn 2014 eksposearre. Yn 2019 folge de eksposysje 128 White Box Paintings yn Museum More yn Gorssel dy't ek yn boekfoarm ferskynde.Christiaan Kuitwaard schildert de stilte maar ook beklemming; Frysk Deiblêd, 29 maaie 2019

Eksposysjes Solo 2019 - Schilder van de stilte, oersjochtentoanstelling - Galery Vis, Harns 2017 - Licht en stilte - museum Belvedêre 2008 - Kester + Bles (Londen) 2006 - galery Frank Welkenhoven & Steven Sterk (Utert) 2006 - galary Iewâl (Ljouwert) Groepseksposysje 2019 - 128 White Box Paintings, tagelyk mei wurk fan de Britske skilder Euan Uglo; Museum More, Gorssel 2006 - Wehe den Hoorn, Galery Wijk 2005 - Karmelkleaster (Drachten) Literatuer - Christiaan Kuitwaard, licht en stilte, in oersjoch fan syn wurk; (2017) ISBN 9789071139284

Kategory:Frysk keunstskilder Kategory:Akademy Minerva Kategory:Persoan berne yn Snits Kategory:Persoan berne yn 1965