Hijke Adriana (Hyke) Koopmans (Akkrum, 28 juny 1924 - Bunnik, 22 augustus 2010) wie in Frysk byldzjend keunstner dy't aktyf wie as tekstylkeunstner en galeryhâlder. Dêrneist wie hja aktyf as wever en dosint.

Biografy Troch de oarloch koe Koopmans net studearje. Troch selsstúdzje learde hja harsels it weven oan. Koopmans is oplieden oan it "Instituut voor Kunstnijverheidsonderwijs"yn Amsterdam. Se wurke yn Amsterdam en as galeryhâlder fan galery en hânweverij "Het Kapelhuis" yn Amersfoart. Dêrneist joech se les oan de keunstakademy yn Amersfoart.

De galery foar tapaste keunst krige yn 1985 in ûnderskieding fan de "Stichting Françoise van den Bosch" foar de befoardering fan de belangstelling foar it hjoeddeiske sieraad.Oer de hjoeddeiske sieraden

Yn de galery waarden eksposysjes makke mei wurk fan sieraadûntwerpers en edelsmidden as Gijs Bakker, Nicolaas van Beek, Françoise van den Bosch, Jo Citroen, Archibald Dumbar, Joke Gallmann, Marion Herbst, Emmy van Leersum, Riet Neerincx, Anneke Schat, Robert Smit en Chris Steenbergen. De galery droech sa by oan de ûntwikkeling en de erkenning fan it fak sieraadûntwerper.

Koopmans ûntwurp ûnder mear (klean)stoffen. Fan 1950 oant har dea libbe hja mei Margje Blitterswijk. Blitterswijk hie mei Hyke Koopmans it hânweefatelier 'Kunst in het Ambacht'.

Bibliografy (kar-út) (2003) Galerie Kapelhuis: dertig jaar vernieuwing in de toegepaste kunst 1960-1990. Sieraad 1975 (1975). Amersfoort: galery Het Kapelhuis.

Kategory:Frysk keunstskilder Kategory:Frysk tekstylkeunstner Kategory:Frysk ûnderwizer Kategory:Persoan berne yn Akkrum Kategory:Persoan berne yn 1924 Kategory:Persoan stoarn yn 2010