Roelof (Roel) Otter (De Jouwer 28 desimber 1892 - dêre, 18 juny 1966) wie in Fryske keunstskilder en tekenlearaar. Roel wie de soan fan Anne Otter (1862-1943) en Tytsje van der Werf (1857-1917). Hy troude yn 1916 mei Doetsje (Dora) Rood.

Roel Otter skildere yn syn atelier by syn hûs oan de Hobbe fan Baerdtstjitte neist gewoane skilderijen in soad Fryske klokken.Histoarysk Wurkferbân Hy skildere in soad doarpsgesichten as bygelyks de Jouster toer en wie de ûntwerper fan it logo/segel fan kofjefabrikant Douwe Egberts. Otter sinjearde syn wurk as R. Otter en sette dêrby in streek troch de dûbele 'tt'.

Yn 1921 krige er in ynliste diploma foar it dielnimmen oan in priisfraach fan it "Geïllustreerd Schildersblad''. Hy krige it diploma foar syn ynstjoering foar de priisfraach "Gongfersiering".Kolleksje Nederlân Nei syn ferstjerren skonk syn frou in soad wurk fan syn hân oan Museum De Jouwer.

In learling fan him wie Walter de Graaf.

Kategory:Frysk keunstskilder Kategory:Frysk ûnderwizer Kategory:Persoan berne op De Jouwer Kategory:Persoan berne yn 1892 Kategory:Persoan stoarn op De Jouwer Kategory:Persoan stoarn yn 1966