Gijsbertus Martinus Wilhelmus Franciscus (Martin) van Waning (De Haach, 4 septimber 1887 – Dokkum, 7 july 1972) wie in Nederlânsk byldhouwer en skilder.
Libben en wurk Van Waning wie in soan fan Gijsbertus Martin van Waning en Maria Cornelia Johanna Trijssenaar. Syn heit wie referindaris by de Ried fan Steat en amateur-akwarelskilder; ek syn omke Kees van Waning skildere. Van Waning studearre wurktúchkunde yn Delft, mar wijde him nei syn stúdzje hielendal oan it skilderjen; hy wie doe 21 jier."Martin van Waning 60 jaar", Nieuwsblad van het Noorden, 31 augustus 1949 Hy folge lessen by keunstners lykas Charles Dankmeijer, Jan van Rhijnnen en Willem de Zwart en gie letter nei it keunstsintrum yn Wiesbaden. Yn Dútslân moete er de Russyske grutfoarst Orlov en waard dy syn partikuliere sekretaris. Tegearre mei Orlov reizge er ûnder oare troch Frankryk, Italië, Spanje en Noard-Afrika. Yn 1917 festige Van Waning him wer yn Nederlân. Hy wenne earst yn De Haach en fan 1925 ôf op de Feluwe.RKD id 82817
Yn 1937 ferhuze er nei it waadeilân Skiermûntseach, dêr't er syn atelier yn de eardere seefeartskoalle festige. Yn de Twadde Wrâldoarloch waard het atelier bombardearre en gie in grut part fan syn wurk ferlern.
Yn Van Waning syn skilderwurk is de ynfloed fan de Haachske Skoalle te fernimmen. Hy skildere ûnder mear wettergesichten en lânskippen. Neist skilder wie Van Waning ek byldhouwer, grafikus en medaljeur. Van Waning hat trije kear troud west en skiede ek trije kear. Hy liet trije soannen en in dochter nei.Nederlân's Patrysjaat 86 (2005)
Wurk yn de iepenbiere romte Smekende handen (1955), oarlochsmonumint yn Kampen De Schiere Monnik (1961), Skiermûntseach
Publikaasjes oer Van Waning , De schilder Martin van Waning (1953) , Martin van Waning 1887-1972 (1978)
Kategory:Nederlânsk byldhouwer Kategory:Nederlânsk keunstskilder Kategory:Nederlânsk grafikus Kategory:Skiermûntseach Kategory:Persoan stoarn yn Dokkum Kategory:Persoan berne yn 1887 Kategory:Persoan stoarn yn 1972