De 2000-er jierren, ek oantsjut as de jierren 2000, wiene in desennium fan 'e 21e iuw neffens de Gregoriaanske kalinder. Rekkenkundich sjoen begûn it op 1 jannewaris 2001 en duorre it oant en mei 31 desimber 2010, mar yn 'e regel wurdt ornearre dat it duorre fan 1 jannewaris 2000 oant en mei 31 desimber 2009. Dit desennium waard fierhinne behearske troch de terroristyske oanslaggen op 11 septimber 2001 yn New York en Washington, D.C., en de ûntjouwings dy't dêrút fuortkamen, lykas de Oarloch yn Afganistan, de Irakoarloch en de wrâldwide Oarloch tsjin it Terrorisme. Dêrnjonken kamen yn 'e 2000-er jierren foar it earst de sosjale media en it ferskynsel realitytillefyzje op. De lêste trije jier stiene boppedat sterk yn it teken fan 'e Bankekrisis, de slimste ekonomyske krisis sûnt de Grutte Depresje fan 'e 1930-er jierren. __TOC__ Oersjoch De 2000-er jierren foarmen it begjin fan ienentweintichste iuw en it trêde milennium. Wat begûn mei algemien optimisme, waard al rillegau bedoarn troch de ekonomyske depresje dy't feroarsake waard troch de dot-comkrisis. It waard noch helte minder doe't islamistyske terroristen yn 2001 de oanslaggen fan 11 septimber diene op it World Trade Center yn New York en it Pentagon yn Washington, D.C., dêr't 2.996 deaden by foelen. Doe't it Taliban-regear fan Afganistan wegere en leverje Osama bin Laden út, dy't as it brein efter de oanslaggen sjoen waard, begûnen de Feriene Steaten en harren bûnsgenoaten de Oarloch yn Afganistan, wêrby't it Taliban-rezjym al rillegau de macht ûntnommen waard. Nei dy oerwinning ûntjoech him lykwols in oanhâldende guerriljastriid fan 'e Taliban dy't harren yn it ûnherberchsume binnenlân fan Afganistan weromlutsen hiene, tsjin it troch it Westen stipe nije demokratysk keazen regear fan it lân en de Westerske troepen dy't dat regear oerein holden.

De Westerske ynfal yn Afganistan wie ek it begjin fan 'e Oarloch tsjin it Terrorisme, dy't benammen rjochte wie tsjin 'e dieders fan 'e oanslaggen op 11 septimber. De wichtichste terroristyske islamistyske organisaasje wie yn 'e 2000-er jierren al-Qaida, dat laat waard troch Osama bin Laden. De striid tsjin al-Qaida en dêrmei ferbûne groepen wie beslist net iensidich, mei't de terroristen it hiele desennium troch oanslaggen op Westerske doelen diene, wêrby't faak tsientallen en soms hûnderten minsken de dea fûnen. De slimste terroristyske oanslaggen wiene de bomoanslaggen op Baly (2002), de bomoanslaggen yn Istanbûl (2003), de bomoanslaggen yn Madrid (2004), de bomoanslaggen yn Londen (2005), de bomoanslaggen yn Amman (2005), de bomoanslaggen op de Jezidyske mienskippen (2007) yn noardlik Irak en de oanslaggen yn Bombay (2008).

Op 'e falske beskuldiging dat de Iraakske diktator Saddam Hoessein bannen ûnderhold mei al-Qaida en fanwegen de bewearing dat er massaferneatigingswapens hie, wat letter ek net wier bliek te wêzen, fierden de Feriene Steaten en harren bûnsgenoaten yn 2003 in ynvaazje fan Irak út, wêrby't it ûnmeilydsume Baätrezjym fan Saddam Hoessein ûnder fuotten helle waard. Dat bliek lykwols noch mar it begjin te wêzen fan 'e Irakoarloch, dy't it hiele fierdere desennium duorje soe, mei guerriljastriid en soms iepen oarlochfiering tsjin soennityske rebellen dy't stipe waarden troch al-Qaida en soartgelikense terroristyske organisaasjes.

De Oarloch tsjin it Terrorisme wie ekstreem kontroversjeel yn it Westen, mei't sawol binnen de Feriene Steaten as dêrbûten kanttekenings pleatst waarden oangeande de rjochtfeardiging foar dizze 'oarloch', dy't eins foar it meastepart yn it ferburgene fierd waard troch feilichheidstsjinsten. Ditte en de botte wize fan hâlden en dragen dy't it Amerikaanske regear fan George W. Bush foar de moade hie, laten ta in grut ferlies oan stipe en oansjen yn 'e wrâld foar de Feriene Steaten. Dat boaze allinnich noch mar fierder oan doe't de beskuldigings fan it besit fan massaferneatigingswapens oan it adres fan it rezjym fan Saddam Hoessein nearne op basearre blieken te wêzen, en doe't it regear-Bush it marteljen (waterboarding) fan finzennommen terroristen besocht goed te praten.

Oare wapene konflikten yn 'e 2000-er jierren omfiemen de oanhâldende striid yn it Midden-Easten, tusken Israel en de Arabieren. De Twadde Intifada, in folksopstân yn 'e besette Palestynske gebieten tsjin 'e Israelyske militêre oerhearsking, duorre fan 2000 oant 2005. Yn 2006 briek de Libaneeske Oarloch út tusken Israel en de sjiïtyske milysje Hezbollah. En yn 2008-2009 focht Israel de bloedige en folslein nutteleaze Gaza-oarloch út yn 'e Gaza-stripe, mei de militante Palestynske groepearring Hamas.

Yn 'e Kaukasus einige de Twadde Tsjetsjeenske Oarloch yn 2000 mei de werovering troch it Russyske leger fan 'e opstannige dielrepublyk Tsjetsjeenje, mar dêrnei briek der yn it gebiet in guerrilja-oarloch út. Yn 2008 late in Georgysk besykjen om 'e separatistyske regio Súd-Osseesje te weroverjen ta de koarte Russysk-Georgyske Oarloch, wêrby't Georgje oertsjûgjend ferslein waard. Yn Afrika kaam yn 2000 in ein oan 'e Eritreesk-Etiopyske Oarloch, yn 2002 oan 'e Sierraleöanske Boargeroarloch en yn 2003 oan 'e ektreem bloedige Twadde Kongoleeske Oarloch. Datselde jiers briek lykwols de Oarloch yn Darfoer út, dy't mank gie mei de Genoside yn Darfoer fan it Sûdaneeske regear tsjin 'e boargerbefolking fan dy westlike regio. Presidint Omar al-Basjir waard dêrfoar yn 2009 troch it Ynternasjonaal Strafhôf oanklage.

Op it mêd fan natoerrampen wie de Aziatyske Tsûnamy, dy't nei in seebeving op Twadde Krystdei 2004 de kusten fan lannen oan 'e Yndyske Oseaan trof, de grutste ramp dy't de wrâld yn lange tiid oerkommen wie. Dêrby fûnen mear as 250.000 minsken de dea, wylst teminsten 1 miljoen oaren dakleas rekken. In oare grutte natoerramp wie de orkaan Katrina, dy't yn 2005 de Amerikaanske stêd New Orleans ûnder wetter sette. Doe't it regear fan 'e Republikeinske presidint George W. Bush neitiid faalde om fluch en effektyf yn te gripen, rûn it dêrtroch slimme skea op yn 'e Amerikaanske publike opiny. Dat spile beslist mei doe't by de presidintsferkiezings fan 2008 de Demokratyske Partij wer oan 'e macht brocht waard, yn 'e persoan fan Barack Obama, de earste negroïde presidint fan 'e Feriene Steaten.

Ekonomysk sjoen wie de wichtichste feroaring yn 'e 2000-er jierren de langferwachte trochbraak fan 'e Folksrepublyk Sina, dy't hast it hiele desennium troch in ekonomyske groei fan dûbele sifers trochmakke. Yn mindere mjitte belibben ek lannen as Yndia en Brazylje in ekonomyske oplibbing. Dat flugge byheljen troch eardere ûntwikkelingslannen fan ekonomyen dy't foarhinne de wrâld dominearre hiene, late oan 'e ein fan it desennium ta it oanwaaksen fan proteksjonisme yn 'e Westerske wrâld. Fierders droech de groei fan it ynternet yn 'e 2000-er jierren sterk by oan 'e globalisearring, dy't fluggere kommunikaasje tusken ferskillende parten fan 'e wrâld mooglik makke. Ek it húsriem wurden fan mobile tillefoans en de opkomst fan 'e sosjale media spilen dêrby in rol. It lêste trêdepart fan 'e 2000-er jierren waard behearske troch in ekonomyske depresje, dy't yn it neijier fan 2007 as in kredytkrisis begûn yn 'e Feriene Steaten, en him dêrwei as in oaljeplak oer de rest fan 'e wrâld útwreide. Dy saneamde Bankekrisis wie de slimste ekonomyske krisis sûnt de Grutte Depresje fan 'e 1930-er jierren, en soe yn Jeropa tsien jier oanhâlde.

Wichtichste foarfallen 2000 14 jannewaris - Op it hichtepunt fan 'e Ynternetbûl (dot-com bubble) slút de Dow Jones-yndeks op 11.722,98 punten. 30 jannewaris - It ferkearsfleantúch Kenya Airways-flecht 431 stoart foar de kust fan Ivoarkust del yn 'e Atlantyske Oseaan, wêrby't 169 minsken omkomme. 31 jannewaris - It ferkearsfleantúch Alaska Airlines-flecht 261 stoart foar de kust fan 'e Amerikaanske steat Kalifornje del yn 'e Stille Oseaan, wêrby't 88 minsken omkomme. 9 febrewaris-maart - By de slimste wettersneed yn Mozambyk yn 50 jier komme 800 minsken om. 12 maaie - Yn it Fryske Drachten ûntstiet in grutte brân by ôffalferwurker ATF, wêrby't 400 ton gemyske smoargens yn reek opgiet. 13 maart - Ekwador skaft de Ekwadoraanske sucre ôf en fiert de Amerikaanske dollar yn as offisjele en iennichste muntienheid. 22 april - Yn in oerfal dy't foar moarnsdage útfierd wurdt, helje aginten fan 'e Amerikaanske federale oerheid de 6-jierrige Elián González út it hûs fan syn omke yn Miami, mei as doel om him te werienjen mei syn heit op Kuba. Dêrmei komt in ein oan ien fan 'e bekendste en meast problematyske fâdijsaken út 'e Amerikaanske skiednis. maaie - De Twadde Tsjetsjeenske Oarloch einiget mei de ferovering troch Russyske troepen fan 'e opstannige dielrepublyk Tsjetsjeenje. 4 maaie - It earste foarkommen fan it ILOVEYOU-kompjûterfirus op 'e Filipinen, dat him dêrnei hiel fluch wrâldwiid ferspriedt. 4 maaie - By in ierdbeving fan 7,6 op 'e skaal fan Richter op it Yndonezyske eilân Selebes komme 46 minsken om. 11 maaie - De befolking fan Yndia berikt de grins fan 1 miljard. 13 maaie - By de Fjoerwurkramp yn Ynskedee giet in opslachplak foar fjoerwurk de loft yn, wat liedt ta in geweldige ûntploffing en in grutte brân. Der komme 23 minsken om en der wurdt foar ƒ1 miljard oan skea oanrjochte. 18 maaie - Chen Shui-bian, de kandidaat fan 'e Demokratysk-Progressive Partij, wurdt keazen as presidint fan Taiwan. Dêrmei komt in ein oan in heale iuw fan Guomintang-bestjoer op it eilân. 25 maaie - It Israelyske leger beëiniget nei 22 jier de besetting fan syn 'feilichheidssône' yn súdlik Libanon. 4 juny - By in ierdbeving fan 7,9 op 'e skaal fan Richter op it Yndonezyske eilân Sumatra komme 103 minsken om. 18 juny - De twajierrige Eritreesk-Etiopyske Oarloch einiget yn in Etiopyske oerwinning. 1 july - De Øresundbrêge oer de Sont tusken Denemark en Sweden wurdt iepene foar ferkear. 1-22 july - Yn Fryslân wurdt it festival Simmer 2000 holden, mei de Grutte Friezereüny foar Friezen om utens. 7 july - In foarriedige fêstlizzing fan it minsklik genoom, as ûnderdiel fan it Human Genome Project, wurdt foltôge. De prestaasje wurdt bekendmakke troch de Amerikaanske presidint Bill Clinton. 8 july - Yn Fryslân wurdt de Slachtemaraton foar de earste kear holden, as ûnderdiel fan it festival Simmer 2000. 10 july - By de ûntploffing fan in lekkende ierdoaljepiiplieding yn súdlik Nigearia komme likernôch 250 minsken om dy't fergees oan branje besykje te kommen. 14 july - In krêftige sinneflam feroarsaket in geomagnetyske stoarm op 'e Ierde. Dit komt letter bekend te stean as it Foarfal fan Bastilledei. 25 july - In Concorde, Air France-flecht 4590, stoart fuort nei it opstiigjen yn Parys del op in hotel yn Gonesse, wêrby't alle 109 ynsittenden en 4 minsken yn it hotel omkomme. Dizze fleanramp betsjut it begjin fan 'e ein foar de Concorde, it iennichste ferkearsfleantúch dat troch de lûdsbarriêre giet. 12 augustus - De K-141 Koersk, in Russyske dûkboat, sinkt yn 'e Barentssee, wêrby't alle 118 bemanningsleden de dea fine. 14 augustus - De lêste tsaar fan Ruslân, Nikolaas II, en syn húshâlding, yn 1918 fermoarde troch de bolsjewiken, wurde hillich ferklearre troch de Russysk-Otterdokse Tsjerke. 26 septimber - De Grykske fearboat MS Express Samina sinkt foar de kust fan it eilân Paros yn 'e Egeyske See. Fan 'e mear as 500 opfarrenden komme 80 om it libben. 28 septimber - Yn 'e besette Palestynske gebieten begjint de Twadde Intifada, in folksopstân tsjin 'e Israelyske oerhearsking. 5 oktober - By de Joegoslavyske Revolúsje wurdt yn 'e Federale Republyk Joegoslaavje de diktator Slobodan Milošević ôfset. 12 oktober - By de bomoanslach op de USS Cole, troch islamistyske terroristen op in Amerikaanske marineskip yn 'e haven Aden, yn Jemen, komme 19 minsken om, ynkl. 2 dieders. 30 oktober - De lêste dei sûnder in minsklike oanwêzichheid yn 'e romte. 31 oktober - Fan dizze dei ôf wurdt it Ynternasjonaal Romtestasjon (ISS) oan ien wei troch bemanne.