Matthijs fan Vierssen (± 1660 - 27 febrewaris 1689) wie grytman fan Haskerlân tusken 1681 en 1689. Hy wie meunsterkommissaris en folmacht op de lândei.

Matthijs fan Vierssen wie in soan fan Arnold fan Vierssen en Sibilla fan Jongestal. Biographisch woordenboek der Nederlanden. Diel 19 (1876) troch A.J. van der Aa Yn 1683 troude hy op De Jouwer mei Ava Sophia, in dochter fan Berthold fan Nijsten, grytman fan Raarderhim. Se krigen twa bern. Fan 30 april 1681 oant 30 april 1683 wie hy kommitearre fan de Generaliteitsrekkenkeamer. Dêrnei waard er oant 30 april 1686 lid fan deputearre Steaten fan Fryslân foar Sânwâlden en Haskerlân.

Matthijs stoar jong. Yn 1689 waard hy as grytman fan Haskerlân opfolge troch Hessel Vegelin fan Claerbergen.

Sjoch ek List fan grytmannen fan Haskerlân

Kategory:Frysk politikus Kategory:Grytman fan Haskerlân Kategory:Frysk persoan fan Dútsk komôf Kategory:Persoan berne yn Fryslân (berteplak ûnbekend) Kategory:Persoan berne yn 1660 Kategory:Persoan stoarn yn 1689