Asse Obbes of Aesse Obbesoan wie grytman fan Haskerlân fan 1582 oant 1601. Asse Obbes wie jierrenlang folmacht op de Lândei fan Fryslân en waard yn 1594 earste âlderling by de gemeente op De Jouwer, yn de tiid dêrfoar waarden diakens keazen. Hy troude mei Aaltsje Terwisgha, en hie mei har yn elk gefal ien soan, Obbe Obbes. Van der Aa e.o., Biographisch Woordenboek der Nederlanden diel 14 (Van der Aa) Obbes wie fan 1594 - 1596 ôffurdige by Deputearre Steaten fan Fryslân foar Sânwâlden en Haskerlân.

Assema Asse Obbes komt nei alle gedachten út it laach fan de Assema's. It begjin fan it laach Assema leit op de Assemastate yn Aldeouwer oan de noardlike igge fan de Tsjûkemar, yn de eardere gemeente Doanjewerstâl. Om 1580 hinne blykt dat dizze âldste laach fan de Assema's, ôfstamjend fan Obbe Asses, herfoarme wurden is. Dy kar fersekere harren plak yn de boppelaach fan de Fryske mienskip yn de tiid fan de Republyk. Dat hja dêr sosjaal besjoen diel fan útmakken blykt út de houliken mei leden fan de grytmansfamyljes Terwischa, Wyckel, Crack en Haersma en it juristelaach Boner. It blykt ek út it gegeven dat Asse Obbes en Obbe Obbes grytman fan Haskerlân en Gaasterlân waarden. Yn de earste helte fan de santjinde iuw liket dizze takke fan de famylje, foar safier bekend, út te stjerren. Genealogysk Jierboek 1993 Genealogysk Wurkferbân fan de Fryske Akademy yn Ljouwert

Sjoch ek List fan grytmannen fan Haskerlân

Kategory:Frysk politikus Kategory:Grytman fan Haskerlân Kategory:Lid fan de Steaten fan Fryslân Kategory:Persoan berne yn Fryslân (berteplak ûnbekend) Kategory:Persoan berne yn de 16e iuw Kategory:Persoan stoarn yn Fryslân (stjerplak ûnbekend) Kategory:Persoan stoarn yn de 17e iuw