De 1900-er jierren wiene in desennium fan 'e 20e iuw neffens de Gregoriaanske kalinder. Rekkenkundich sjoen begûn it op 1 jannewaris 1901 en duorre it oant en mei 31 desimber 1910, mar yn 'e regel wurdt ornearre dat it duorre fan 1 jannewaris 1900 oant en mei 31 desimber 1909. Dit desennium hearde ta de Belle Époque. It waard behearske troch de oanrin nei de Earste Wrâldoarloch, wat ta utering kaam yn 'e krises dy't om 'e safolle tiid útbrieken tusken de Jeropeeske grutmachten, dy't yn dizze snuorje de ynternasjonale polityk dominearren. Benammen ûnder de Bosnyske Krisis fan 1908-1909 balansearre de wrâld op it rântsje fan in grutte oarloch, mar úteinlik waard it skeel bylein en soe it noch fiif jier duorje ear't de Earste Wrâldoarloch útbriek. __TOC__ Oersjoch De 1900-er jierren makken diel út fan 'e Belle Époque, de tiid tusken de Frânsk-Dútske Oarloch (1871-1872) en de Earste Wrâldoarloch (1914-1918). Oan it begjin fan dit desennium kaam yn it Feriene Keninkryk in ein oan it lange regear fan keninginne Fiktoaria en dêrmei oan it nei har ferneamde Fiktoriaanske Tiidrek. It dêropfolgjende Edwardiaanske Tiidrek (1901-1910), dat de regearperioade fan har soan en opfolger Edwert VII besloech, foel frijwol gear mei de 1900-er jierren.

Yn dit desennium waard de wrâld noch behearske troch de Jeropeeske grutmachten: it Feriene Keninkryk, Frankryk, Dútslân, Ruslân, Itaalje, Eastenryk-Hongarije en it Osmaanske Ryk. Tsjin 1900 hiene dy riken sa'n bytsje alle beskikbere lân ta koloanje makke en wie dêrmei de Wedrin om Afrika beëinige, dy't it lêste haadstik wie fan it tiidrek fan it ekspansjonistysk kolonialisme. Wat oerbleau wie in sitewaasje wêrby't de grutmachten inoar it ljocht yn 'e eagen net gunden en allegeduerigen besochten en stek inoar foar eigen gewin de loef ôf. Dat soarge om it hoartsje foar in grutte krisis, wêrby't de spannings soms gefaarlike heech oprûnen. De wrâld sette op dy manear ûntsjinkearber ta op in grutte oarloch, dy't úteinlik yn 1914 ek wier útbrekke soe. Punten op it paad dêrhinne wiene yn 'e 1900-er jierren de Fenezolaanske Krisis fan 1902-1903; it sluten fan 'e Britsk-Frânske Entente Cordiale, de "Hoflike Oerienkomst", yn 1904; de Earste Marokkaanske Krisis fan 1905-1906; de Britsk-Russyske Konvinsje fan 1907; en de Bosnyske Krisis fan 1908-1909.

Fan 'e sân Jeropeeske grutmachten stie it Osmaanske Ryk bekend as de 'Sike Man fan Jeropa'. Al sûnt de iere njoggentjinde iuw krommele dat ryk stadichoan mear ôf. Sa snie yn 1908 it Keninkryk Bulgarije alle bannen troch mei it regear fan 'e sultan yn Konstantinopel, wylst Eastenryk-Hongarije datselde jiers de Osmaanske gebietsdielen Bosnje en Hertsegovina anneksearre. Ruslân hie yn deselde tiid almar mear te krijen mei ynterne swierrichheden, dy't feroarsake waarden trochdat fral de fabryksarbeiders yn 'e stêden har net mear deljaan woene ûnder it autokratyske bewâld fan 'e tsaar. It belied fan ûnmeilydsume ûnderdrukking fan eltse foarm fan opposysje, dat yn it ferline altiten fertuten dien hie, wie net mear ôfdwaande om 'e status quo te hanthavenjen en wurke boppedat de opkomst fan radikale ideologyen yn 'e hân, lykas it anargisme en it kommunisme.

Underwilens kamen ek inkele oare grutmachten op. De Feriene Steaten, mei harren polityk fan isolasjonisme, wiene in slommerjende reus allyk, dy't inkeld acht sloech op wat der yn 'e widere wrâld barde as syn belangen yn 'e knipe kamen, sa't mei de Fenezolaanske Krisis it gefal wie. Oan 'e oare kant fan 'e wrâld hie Japan him stilwei ûntjûn ta in modern lân mei in sterke kriichsmacht. Dat waard de rest fan 'e wrâld op minder as subtile wize ûnder de noas wreaun doe't de Japanners yn 'e Russysk-Japanske Oarloch fan 1904-1905 de flier oanfagen mei de Russen.

Wichtichste foarfallen 1900 17 jannewaris - De Feriene Steaten anneksearje it ûnbewenne eilân Wake, yn 'e Stille Oseaan, om as stienkoalstasjon te fungearjen op 'e skipfeartrûte tusken Noard-Amearika en de Filipinen. 23-24 jannewaris - Yn it ramt fan 'e Twadde Boere-oarloch bringe troepen fan 'e Súdafrikaanske Republyk ûnder lieding fan generaal Louis Botha de Britten fan sir Redvers Buller yn Natal yn 'e Slach by Spionkop in swiere nederlaach ta. 13 febrewaris - De Dútske Ryksdei ratifisearret it ferdrach mei de Feriene Steaten en it Feriene Keninkryk oangeande de ferdieling fan Samoä yn in Dútske koloanje en in Amerikaansken-ien. 18-27 febrewaris - De Slach by Paardeberg, útfochten yn it ramt fan 'e Twadde Boere-oarloch, draait út op in klinkende oerwinning foar de Britten. De Boeregeneraal Piet Cronjé moat him mei 4.000 man oerjaan. 28 febrewaris - Yn it ramt fan 'e Twadde Boere-oarloch wurdt it Belis fan Ladysmith troch troepen fan 'e Súdafrikaanske Republyk en de Oranje Frijsteat brutsen troch in Britsk ûntsettingsleger. 14 maart - De Nederlânske wittenskipper Hugo de Vries bringt de lang negearre erflikheidslear fan 'e Eastenrykske botanikus Johann Mendel fannijs ûnder de oandacht. 12 april - De Westerske grutmachten Frankryk, Dútslân, Ruslân en it Feriene Keninkryk stelle Sina in ultimatum: der moat binnen twa moannen in ein komme oan 'e útbarstings fan geweld tsjin bûtenlanners dy't yn noardlik Sina, yn it ramt fan 'e Bokseropstân, plakfine. Oars sil der militêr yngrepen wurde. 26 april - By de Grutte Timmerhoutbrân yn 'e Kanadeeske haadstêd Ottawa en Hull (Kebek) falle 7 deaden en reitsje 15.000 minsken dakleas. 19 maaie - It Feriene Keninkryk makket it Keninkryk Tonga, yn 'e Stille Oseaan, ta in Britsk protektoraat. 31 maaie - Yn it ramt fan 'e Twadde Boere-oarloch feroverje Britske troepen de wichtige stêd Jehannesburch, yn 'e Súdafrikaanske Republyk. 5 juny - Yn it ramt fan de Twadde Boere-oarloch wurdt Pretoria, de haadstêd fan 'e Súdafrikaanske Republyk, ynnommen troch Britske troepen. It regear fan presidint Paul Kruger is op 'e tiid út 'e stêd evakuëarre. 21 juny - Cixi, de keizerinne-dûairiêre fan Sina, ropt yn it ramt fan 'e oangeande Bokseropstân de oarloch út tsjin alle bûtenlânske grutmachten. De bûtenlânske legaasjes yn Peking wurde belegere troch de Boksers. 30 juny - By de Havenbrân yn it Amerikaanske plak Hoboken (Nij-Jersey) geane û.m. de Dútske passazjiersskippen de Saale, de Main, de Bremen en de Kaiser Wilhelm der Große yn flammen op. Der komme 326 minsken om. 2 july - Greve Ferdinand von Zeppelin beävensearret de earste flecht mei in loftskip by it Dútske Friedrichshafen, oan 'e Bodenmar. 11 july - Generaal Christiaan de Wet begjint yn it ramt fan 'e Twadde Boere-oarloch in guerriljastriid tsjin 'e Britske besettingstroepen yn 'e Oranje Frijsteat en de Súdafrikaanske Republyk. 14 july - In ynternasjonaal ekspedysjeleger besteande út 55.000 Japanske, Russyske, Dútske, Britske, Frânske, Amerikaanske, Italjaanske en Eastenryksk-Hongaarske troepen giet yn Sina oan lân en nimt de havenstêd Tianjin yn. Doel fan 'e ekspedysje is om 'e ynternasjonale legaasjes yn Peking te ûntsetten en in ein oan 'e Bokseropstân te meitsjen. 29 july - By in oanslach yn Monza wurdt kening Umberto I fan Itaalje fermoarde troch de anargist Gaetano Bresci. 1 augustus - De Amerikaanske presidint William McKinley stelt in fiifkoppige kommisje ûnder foarsitterskip fan William Howard Taft yn, dy't bepale moat hoe't de Filipinen it bêst (troch de Feriene Steaten) regearre wurde kinne. 14 augustus - Nei 55 dagen wurdt it Belis fan de Ynternasjonale Legaasjes yn 'e Sineeske haadstêd Peking troch de Boksers opbrutsen troch in ynternasjonale troepemacht fan 'e Alliânsje fan de Acht Naasjes. 8 septimber - De orkaan fan Galveston makket de stêd Galveston, yn 'e Amerikaanske steat Teksas, mei de grûn lyk. Der falle tusken de 6.000 en 12.000 deaden. 19 oktober - Paul Kruger, de yn ballingskip ferkearende presidint fan 'e troch Britske troepen besette Súdafrikaanske Republyk, giet yn Lourenço Marquez oan board fan it Nederlânske marineskip de Gelderland, dat him nei Jeropa ta bringe sil om 'e saak fan 'e Boeren dêr te bepleitsjen. 6 novimber - Yn ferbân mei de oanboazjende yntinsiteit fan 'e guerriljastriid dy't yn it ramt fan 'e Twadde Boere-oarloch troch de Boeren fierd wurdt tsjin 'e Britske besetters, nimt generaal Herbert Kitchener it beslút om 'e froulju, bern en âlderein fan 'e Boeren yn konsintraasjekampen fêst te setten, dêr't se ûnder erbarmlike omstannichheden libje moatte.

1901 1 jannewaris - Austraalje ûntstiet trochdat de Britske koloanjes West-Austraalje, Súd-Austraalje, Queenslân, Nij-Súd-Wales, Fiktoaria en Tasmaanje in federaasje oangeane, dy't selsbestjoer kriget binnen it Britske Ryk. 22 jannewaris - Nei in regearperioade fan 63 jier komt yn Osborne House, op it Britske eilân Wight keninginne Fiktoaria te ferstjerren yn 'e âlderdom fan 81 jier. Dêrmei komt in ein oan it Fiktoriaanske Tiidrek. 23 jannewaris - Edwert VII, de âldste soan fan keninginne Fiktoaria, folget syn mem op as kening fan it Feriene Keninkryk. 3 febrewaris - Troepen fan it Keninklik Nederlânsk-Yndysk Leger (KNIL) ûnder luitenant-generaal J.B. van Heutsz nimme yn it ramt fan 'e Atjee-oarloch de fêsting Batu Iliq yn. 7 febrewaris - Keninginne Wilhelmina fan 'e Nederlannen trout yn De Haach mei de Dútske hartoch Hindrik fan Meklenburch-Schwerin. 2 maart - It Amerikaanske Kongres nimt it saneamde Platt-amendemint oan, dat yntsjinne is troch senator Orville Platt. Dat beheint de frijheid fan in takomstich 'ûnôfhinklik' Kubaansk regear om ferdraggen mei oare lannen as de Feriene Steaten te sluten. 6 maart - De Dútske keizer Willem II oerlibbet yn Bremen in oanslach op syn libben. 23 maart - De Filipynske opstannelingelieder Emilio Aguinaldo jout him oer oan 'e Amerikanen, dy't dêrmei in grutte oerwinning boeke yn 'e Filipynsk-Amerikaanske Oarloch. 3 maaie - By de Grutte Brân fan 1901 komme yn Jacksonville, yn 'e Amerikaanske steat Floarida, 7 minsken om en gean 2.368 gebouwen yn flammen op. 12 juny - Under swiere Amerikaanske druk giet de Kubaanske Konvinsje, dy't de grûnwet skriuwt foar it takom jier ûnôfhinklik te wurden Kuba, akkoart mei it Platt-amendemint. Dêrtroch sil Kuba yn 'e praktyk in Amerikaansk protektoraat wurde. 4 july - It foech fan it Amerikaanske militêr bestjoer fan 'e Filipinen wurdt beheind. Der komt no njonken it militêr bewâld ek in boargerlik gesach. De lieder dêrfan wurdt de politikus William Howard Taft. 6 septimber - By in oanslach op 'e Panamerikaanske Tentoanstelling yn Buffalo (New York) wurdt de Amerikaanske presidint William McKinley delsketten troch de anargist Leon Czolgosz. 7 septimber - Yn Sina komt in ein oan 'e Bokseropstân troch de ûndertekening fan it Ferdrach fan Peking. Dêrby moat Sina oansjenlike territoriale konsesjes dwaan oan 'e Westerske grutmachten, en kriget it dêropta ek noch flinke ferhelbetellings oplein. 14 septimber - De Amerikaanske presidint William McKinley komt te ferstjerren oan 'e ferwûnings dy't er oprûn hat by de oanslach op syn libben fan acht dagen earder. Hy wurdt opfolge troch syn fise-presidint Theodore Roosevelt. 18 novimber - De Feriene Steaten en it Feriene Keninkryk slute in ferdrach oer it behear fan in takomstige Panamakanaalsône. 10 desimber - Yn 'e Sweedske haadstêd Stokholm wurde foar it earst de Nobelprizen útrikt, dy't ynsteld binne troch en ferneamd wurde nei de yndustrieel Alfred Nobel.

1902 15 jannewaris - Abdûlazyz ibn Saûd, de lieder fan it ferballe Hûs fan Saûd, feroveret de stêd Ar-Riaad, yn it hert fan it Arabysk Skiereilân, dat de âlde sit fan syn famylje is. Dizze Slach om Ar-Riaad is it begjin fan 'e Trêde Saûdyske Steat, dy't úteinlik útgroeie sil ta Saûdy-Araabje. 30 jannewaris - Yn Londen slút it Feriene Keninkryk foar fiif jier in militêr bûnsgenoatskip mei Japan. 1 febrewaris - Yn Sina ferbiedt it Keizerlik Hôf it ynbinen fan fuotten fan froulju. 18 febrewaris - De Amerikaanske presidint Theodore Roosevelt kundiget anty-trustwetjouwing oan tsjin 'e koartby foarme Northern Securities Company, in kombinaasje fan spoarweimaatskippijen dy't it monopoalje op spoarferkear yn 'e noardlike Feriene Steaten yn 'e hannen hat.