The Ten Thousand is in fantasy-roman fan 'e hân fan 'e Noardierske skriuwer Paul Kearney. De titel betsjut: "De Tsientûzen", en is in ferwizing nei de Tsientûzen út 'e Grykske Aldheid. It boek fertelt it ferhaal fan in leger hierlingen dat ynhierd wurdt om yn in frjemd lân te fjochtsjen, en harren epyske tocht om wer thús te kommen as harren opdrachtjouwer sneuvelet. De Ten Thousand foarmet it earste diel fan Kearney syn trilogy The Macht, mar stiet as ferhaal fierhinne op himsels en kin dêrom skoan lêzen wurde sûnder de oare beide dielen te lêzen (dy't folle nauwer mei-inoar ferbûn binne). It boek waard yn 2008 publisearre troch de Britske útjouwerij Solaris Books. The Ten Thousand waard yn 2009 nominearre foar de David Gemmell Legend Award for Best Fantasy Novel. __TOC__ Histoaryske eftergrûn Hoewol't The Ten Thousand in fantasyroman is, mei haadpersoanen, in wrâld en in protte omstannichheden dy't allegear troch de skriuwer út 'e tomme sûgd binne, is de plot yn grutte linen basearre op 'e histoaryske fjildtocht fan 'e Tsientûzen, yn 401-399 f.Kr. Dy histoaryske Tsientûzen wiene in út Grykske hierlingen besteande karkloft, dy't ynhierd waard troch de Perzyske prins Syrus de Jongere as ûnderdiel in legermacht dy't er gearbrocht om syn broer Artakserkses II fan 'e troan te stjitten. Yn 'e Slach by Kûnaksa, yn Mesopotaamje, it hert yn it Perzyske Ryk, kaam Syrus lykwols te sneuveljen, wêrnei't syn Perzyske troepen útnaaiden en de Grykske hierlingen djip yn fijannich gebiet fêst kamen te sitten. Harren helske weromtocht nei de kust (fan 'e Swarte See) waard neitiid beskreaun yn 'e Anabasis troch de Aldgrykske legeroerste en histoarikus Ksenofon (±430-354 f.Kr.), dy't it sels meimakke hie. It is in ta de ferbylding sprekkend ferhaal, dat yn 'e moderne tiid ferskate kearen imitearre en adaptearre is.
Ynhâld The Ten Thousand iepenet yn 'e Harukush, in lân dat neffens de skriuwer "oan 'e râne fan 'e wrâld" leit. Dêr wenje al sûnt minskewitten de minsklike Macht, in taai en frijheidsleavjend folk dat ferdield is oer tsientallen lytse en allegeduerigen ûnderling oarlochfierende stêdsteatsjes. Alle sûne en frije folwoeksen manlike boargers fan dy steatsjes wurde achte om yn tiden fan oarloch yn it pleatslike legerke te tsjinjen en harren mei helm en wapenris by de falanks te jaan, in tige dissiplinearre ynfanteryformaasje fan hopliten tarist mei skylden en tige lange spearen. Njonken sokke dieltiidsoldaten binne der yn 'e Harukush ek in grut tal hierlingetroepen, dy't harren foltiids op oarlochfiering talizze en yn ruil foar jild harren tsjinsten oan 'e tsierende stêdsteatsjes oanbiede. Troch jierrenlange ûnderfining binne sokke hierlingen tige bedreaun wurden yn wat foar harren ienfâldichwei in berop is.
Twa jongfeinten, de mentaal skeinde Rictus, waans stêd Isca troch in koälysje fan buorstêden ferslein, ferwuostge en útmoarde is, en de ideälistyske Gasca, dy't útnaaid is fan hûs om ûnder de twingerij fan syn dominante âldere bruorren út te kommen, moetsje inoar op 'e wei nei Machran, de grutste stêd yn 'e Harukush, dy't yn in suver mytysk ferline de sit fan in kening wie dy't it hiele lân regearre. Dêr oankommen jouwe se har by de hierlingekloft fan Jason fan Ferai, krekt op it stuit dat Jason en in grut tal oare hierlinge-oanfierders in kontrakt sletten hawwe mei Phiron fan Idrios, dy't foar in ûnbekende opdrachtjouwer in grut leger Machtyske hierlingen oan it gearbringen is. Pas nei't se nei de kust marsjearre en oan board fan skippen gien binne, makket Phiron bekend wa't dy opdrachtjouwer is: Arkamenes, in prins fan it Asuryske Ryk oarekant de see, dat hast de hiele bekende wrâld beslacht.
Prins Arkamenes hat nammentlik it plan opfetten om syn âldere broer, Ashurnan, de kening der keningen, dy't djip yn it binnenlân yn 'e stêd Ashur regearret, fan 'e troan te stjitten. Dêrta hat er in grutte legermacht gearbrocht fan Kefren, it goudenhûdige langhollige ras dat it Asuryske Ryk bewennet, en teffens ferskate legioenen Juthanen, in griishûdich, gieleagich slaveras. De Macht, lykwols, binne yn it Asuryske Ryk legindarysk om harren taaiheid en kriichshaftigens, en allinnich de oanblik oan harren al sil Arkamenes syn fijannen de skrik om it hert slaan litte, is syn hope. Dêrom hat er in moai part fan syn skatkiste útjûn om in Machtyske karkloft oer de see te heljen, dy't de rêchbonke fan syn leger foarmje moat.
De Macht geane yn 'e havenstêd Tanis, yn 'e westlike provinsje Artaka, oan lân, dêr't se harren by it Asuryske leger fan prins Arkamenes jouwe. Der binne op dat stuit sa'n 14.000 fan harren. Hja tsjogge troch de Gadinai-woastyn op nei it easten, wat by 't winter goed te dwaan is. De Macht moatte harren marstempo lykwols oanpasse oan 'e Asuryske troepen, dy't foar in grut part út oproppen hearrigen besteane en deis in folle lytsere ôfstân ôflizze as dat de Macht wend binne te dwaan. De ûnbidich grutte bagaazjetrein hâldt it leger noch mear op. Dêr makket ek prins Arkamenes syn mêtresse, frouwe Tiryn, diel fan út.
Oare kant de Gadinai, by it oerstekken fan in furde yn 'e rivier de Abekai, komt it foar it earst ta in treffen mei troepen dy't trou binne oan kening Ashurnan. Arkamenes lit de Macht dan in frontale oanfal útfiere, en hoewol't der ek taktiken mooglik binne dy't folle minder libbens easkje, lizze Phiron en Pasion fan Decanth, de generaals fan it Macht-leger, harren by dy oarder del. Yn 'e Slach oan 'e Abekai komme ferskate hûnderten hierlingen om, mar as se ienris troch de rivier binne, weve se fluch ôf mei de fijân, wêrmei't se bewize dat harren reputaasje fertsjinne is. It leger fan prins Arkamenes tsjocht dêrnei fierder troch de provinsjes Jutha en Istar. Honuran, de gûverneur fan Istar, is in oanhinger fan Arkamenes en jout him mei syn troepen by de opstân. Hja binne no yn it saneamde Middenryk, in grutte fan rivieren trochsniene flakte dy't de nôtskuorre fan it Asuryske Ryk foarmet.
Underwilens hat it nijs fan Arkamenes syn opstân einlings it fiere Ashur, de Asuryske haadstêd, berikt. Dêr begjint kening Ashurnan de mobilisaasje fan syn legers. Hy ropt syn legeroersten byinoar en jout oan Vorus, in âlde freon fan syn heit Anurman, it befel oer de striidmacht dy't de opmars fan Arkamenes tsjinkeare moat. Vorus is in Macht, wierskynlik de iennichste yn hiel it Asuryske Ryk, dy't dêr tritich jier earder by tafal fersyld rekke is en it ryk no as syn heitelân beskôget. Syn ûnderbefelhawwer is Proxis, de iennichste Juthaanske generaal yn it Asuryske Ryk. Dy beiden witte noch ear't de maityd goed en wol oanbrutsen is, harren ûnbidige leger troch de passen fan it Magron-berchtme te krijen. Yn 'e provinsje Pleninash, yn it Middenryk, moetsje de beide legers inoar úteinlik, op in lege rige heuvels dy't Kunaksa hjit.
Prins Arkamenes stelt syn leger op mei 10.000 man Machtyske hopliten yn falanksformaasje op 'e rjochterfleugel. De rjochterflank fan 'e falanks wurdt beskerme troch in 3.500 man Machtysk licht fuotfolk, bewapene mei swurden, werpspeetsen en reiden skylden. Gasca makket diel út fan 'e falanks, wylst syn maat Rictus yndield is by it lichte fuotfolk. As de slach losbrânt, tsjogge de Macht op en meitsje koarte metten mei lofterfleugel fan kening Ashurnan syn leger, dat bestiet út 40.000 man Asurysk fuotfolk. Oan 'e oare kant fan it slachfjild brekt it fuotfolk fan 'e kening al rillegau troch de wjerstân fan prins Arkamenes syn lofterfleugel. Generaal Vorus stjoert it hynstefolk út 'e provinsje Arakosia om 'e rjochterfleugel fan it leger fan prins Arkamenes hinne om 'e falanks fan 'e Macht yn 'e rêch oan te fallen, mar it Machtyske lichte fuotfolk wit de oanfal fan 'e Arakosianen ta stean te bringen, hoewol't se dêrby sels freeslike ferliezen lije.
Nei't se mei de lofterfleugel fan kening Ashurnan syn leger ôfweefd hawwe, draaie de Macht nei binnen ta en begjinne in opmars tsjin it sintrum fan it keninklike leger. Ashurnan sjocht oankommen dat dy oanfal ek de rest fan syn leger tebrekke sil, en beslút dan alles op ien kaart te setten: mei syn liifgarde fiert er persoanlik in kavaleryoanfal op 'e midden fan it leger fan prins Arkamenes út, dêr't er syn broer folslein mei oer it mad komt. Yn in persoanlik gefjocht deadet kening Ashurnan de prins, wêrmei't de slach foar de opstannelingen ferlern is. De Asuryske en Juthaanske troepen fan Arkamenes naaie út sa hurd as harren skonken har drage kinne en it leger fan 'e prins ferkrommelet ta neat. Inkeld de Macht behâlde harren formaasje. Hja befine har no yn in tige benypte sitewaasje, djip yn it lân fan 'e fijân, sûnder bûnsgenoaten. De generaals Phiron en Pasion stjoere patrûljes út om safolle mooglik fan harren eigen ferwûnen fan it slachfjild te heljen. Al mei al binne der no noch mar 10.000 fan harren, en it lichte fuotfolk is hast hielendal útrûge. De 800 fan harren dy't noch oer binne, wurde ûnder befel fan Rictus pleatst, om't hy mank harren de heechste yn rang is dy't noch libbet.
De slach einiget om 'e middeisoere hinne en de hiele fierdere dei steane de Macht yn formaasje mei harren swiere wapenrissen oan op 'e heuvel yn 'e gleone sinne, wylst se suver ferrêde reitsje fan 'e toarst. Vorus, de Macht-generaal yn Asuryske tsjinst, nûget harren oanfierders út om dy jûns foar besprekkings nei in tinte te kommen dy't kening Ashurnan healwei syn eigen troepen en de Macht opsette lit, mar oant dy tiid krije se gjin wetter. It leger fan kening Ashurnan is slim skeind, mei't de Macht de hiele lofterfleugel weifage hawwe, wylst ek it Arakosiaanske hynstefolk amper noch trochfjochtsje kin. De Macht wolle no inkeld noch werom nei hûs en wolle dêrta in brief fan frije trochtocht hawwe fan kening Ashurnan. Dyselde beslist lykwols dat hy foar ivich en altyd as in swak hearsker te boek stean sil as er de Macht gean lit. Yn syn optyk hearre de Macht net yn it Asuryske Ryk thús, hiene se dêr ek nea komme moatten, en is der no noch mar ien mooglikheid: harren mei ierde en oer útrûgje sadat sels de oantins oan harren ferflean sil.
Nei it fallen fan it tsjuster bejouwe Phiron, Pasion en de alve oare generaals fan 'e Macht, ûnder wa't no ek Rictus rekkene wurdt, har nei de tinte. Hja hawwe harren wapenrissen ôfdien en binne inkeld bewapene mei koarte swurden. Yn 'e tinte oankommen, wurde se ferwolkomme troch Vorus, dy't syn helm ôfset. As Phiron lykwols Vorus syn útstutsen hân fûstkje wol, slacht Vorus him mei syn helm de plasse yn, wylst efter fâlden fan tintedoek mei lange spearen bewarpene Kefren te foarskyn springe. Wylst de generaals fan 'e Macht harren swurden lûke om 'e ûngelikense striid oan te gean, oarderet Jason Rictus, dy't efteroan stiet, om in gat yn 'e tinte te fykjen wylst hysels harren de Asuryske soldaten fan it liif hâldt. Mei in trêde generaal, Mynon, dy't troch in klap op 'e holle eefkes út 'e tiid rekke wie, witte se te ûntkommen. Yn it tsjuster krûpe se werom de heuvel op, dêr't de rest fan 'e Macht alhiel gjin aan hat fan wat der yn 'e tinte bart. Underweis moatte se har beskûlhâlde foar in groep Kefren dy't de op spearen speetste hollen fan 'e oare tsien generaals nei it kamp fan kening Ashurnan bringt.
Ienris werom op 'e heuvel nimt Jason it kommando oer de Macht oer. De fermoarde generaals wiene de kommandanten fan militêre ôfdielings fan tûzen man, de saneamde morai, en Jason wiist no harren ûnderbefelhawwers yn harren plak as kommandant oan. Syn eigen ûnderbefelhawwer Buridan wurdt kommandant fan syn eigen mora, en hysels nimt Phiron syn plak yn as generaal fan it hiele Macht-leger. Jason fertelt de soldaten fan it ferrie fan Ashurnan en Vorus. Hy fertelt ek wat der no barre sil. Vorus sil perfoarst by moarnsdage de Macht op 'e heuvel oanfalle, wêrfan't er mient dat dy no sûnder lieders binne. Jason is net fan doel om dêrop te wachtsjen, mar beslút om daliks sels oan te fallen. De Macht dy't te slim ferwûne binne om mei, wurde troch harren maten út har lijen ferlost. Dêrnei set de falanks him yn beweging, mei de lichtere ferwûnen yn 'e midden fan in fjouwertkantige karreeformaasje.