Høje-Taastrup is in gemeente yn de regio Haadstêd (Deensk: Region Hovedstaden) yn Denemark. De gemeente waard by de weryndieling fan 1970 oprjochte en yn 1974 útwreide mei de doedestiidske gemeente Sengeløse. De gemeentlike weryndieling fan 2007 hie foar Høje-Taastrup gjin gefolgen.
Høje-Taastrup is ien fan de grutste en grienste gemeentes fan Grut-Kopenhagen. Likernôch twatredde fan de gemeente bestiet út bosk, greide, lân en wetter.
Yn Høje-Taastrup wenje likernôch 50.000 ynwenners.
Plakken Grutste plakken yn de gemeente Nr Plaknamme Ynwenners (2011) 1 Taastrup 32.406 2 Hedehusene 11.421 3 Sengeløse 1.374 4 Reerslev 644 5 Vridsløsemagle 283
Kategory:Gemeente yn Haadstêd (Deenske regio) Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 1970