Hillerød is in gemeente yn Nordsjælland yn de regio Haadstêd (Deensk: Region Hovedstaden) yn Denemark. De gemeente waard by de weryndieling fan 2007 oprjochte en bestiet út de gearfoeging fan de folgjende gebieten:

de eardere gemeente Hillerød; de eardere gemeente Skævinge; it Uvelse Valgdistrikt fan de gemeente Slangerup.

It doedestiidsk yn de gemeente Slangerup lizzende Uvelse Valgdistrikt stimde op 15 jannewaris 2005 yn in referindum yn mearderheid (56,9%) foar oansluting by de gemeente Hillerød. It referindum bleau ynearsten sûnder folgen om't de gemeente Slangerup in mearderheid fan 75% easke. Lykwols kamen de partijen oerien in nij referindum út te skriuwen mei it prinsipe fan in gewoane mearderheid. De stimming fûn op 26 april 2005 plak en 54,6% keas op 'e nij foar Hillerød.

Plakken Grutste plakken yn de gemeente Nr Plaknamme Ynwenners (2018) 1 Hillerød 32.689 2 Skævinge 2.638 3 Nødebo 2.058 4 Ny Hammersholt 1.307 5 Tulstrup 1.205 6 Gørløse 1.188 7 Gadevang 1.153 8 Uvelse 986 9 Store Lyngby 837 10 Meløse 635 11 Alsønderup 525 12 Nørre Herlev 425 13 Ny Harløse 217 14 Brødeskov 201

Kategory:Gemeente yn Haadstêd (Deenske regio) Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 2007