Gribskov is mei in oerflak fan 279,44 km² de grutste gemeente yn Nordsjælland yn de regio Haadstêd (Deensk: Region Hovedstaden) yn Denemark. De gemeente waard by de weryndieling fan 2007 foarme en ûntstie troch gearfoeging fan de eardere gemeentes:
Græsted-Gilleleje; Helsinge.
Yn de gemeente wenje likernôch 41.000 ynwenners.
De gemeente Gribskov leit westlik fan de gemeente Helsingør en eastlik fan de gemeente Halsnæs, wylst de noardlike begrinzging foarme wurdt troch de kustline mei it Kattegat. It noardeastlike diel fan de Arresø leit yn de gemeente. Grutte dielen fan it Nasjonale park Kongernes Nordsjælland leit yn de gemeente.
Yn de gemeente leit in grutte konsintraasje fan hunebêden en grêfhichtes. Yn dit ferbân is Valby Hegn it neamen wurdich, in lyts natoergebiet yn de omkriten fan Helsinge mei net minder as sân hunebêden út it neolityske Stiennen Tiidrek. Plakken Grutste plakken yn de gemeente Nr Plaknamme Ynwenners (2014) 1 Helsinge 7.881 2 Gilleleje 6.491 3 Græsted 3.526 4 Dronningmølle-Munkerup 1.702 5 Ramløse 1.636 6 Tisvilde 1.531 7 Annisse Nord 1.441 8 Smidstrup 1.333 9 Esbønderup 1.170 10 Udsholt Strand 1.161
Kategory:Gemeente yn Haadstêd (Deenske regio) Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 2007