Frederikssund is in gemeente yn Nordsjælland yn de regio Haadstêd (Deensk: Region Hovedstaden) yn Denemark.
De gemeente waard by de weryndieling fan 2007 foarme en ûntstie troch gearfoeging fan de eardere gemeentes:
gemeente Frederikssund gemeente Slangerup (sûnder Uvelse) gemeente Skibby gemeente Jægerspris
It doedestiidsk yn de gemeente Slangerup lizzende Uvelse Valgdistrikt stimde op 15 jannewaris 2005 yn in referindum yn mearderheid (56,9%) foar oansluting by de gemeente Hillerød. It referindum bleau ynearsten sûnder gefolgen om't de gemeente Slangerup in mearderheid fan 75% easke. Lykwols kamen de partijen oerien in nij referindum út te skriuwen mei it prinsipe fan in gewoane mearderheid. De stimming fûn op 26 april 2005 plak en 54,6% keas op 'e nij foar Hillerød. Plakken Grutste plakken yn de gemeente Nr Plaknamme Ynwenners (2014) 1 Frederikssund 16.016 2 Slangerup 6.801 3 Jægerspris 4.099 4 Skibby 3.129 5 Græse Bakkeby 2.337 6 Skuldelev 939 7 Kulhuse 918 8 Gerlev 773 9 Store Rørbæk 578 10 Over Dråby Strand 419
Kategory:Gemeente yn Haadstêd (Deenske regio) Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 2007