Fredensborg is in gemeente yn Nordsjælland yn de regio Haadstêd (Deensk: Region Hovedstaden) yn Denemark. De gemeente hat in oerflak fan 112,13 km² en in befolking fan likernôch 41.000 (2018) ynwenners.
De gemeente ûntstie op 1 jannewaris 2007 yn it ramt fan de gemeentlike weryndieling troch gearfoeging fan:
de eardere gemeente Karlebo; de eardere gemeente Fredensborg-Humlebæk.
Yn de gemeente leit it Slot Fredensborg, de maaitiid- en hjerstresidinsje fan de Deenske keninklike famylje. Yn de gemeente stiet it Louisiana Museum of Modern Art, it meast bekende museum foar hjoeddeiske keunst yn Denemark.
Kategory:Gemeente yn Haadstêd (Deenske regio) Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 2007