Helsingør is in gemeente yn Nordsjælland yn de regio Haadstêd (Deensk: Region Hovedstaden) yn Denemark.
De gemeente ûntstie by de gemeentlike weryndieling fan 1970 troch gearfoeging fan de gemeentes Helsingør Købstad en Tikøb.
Yn de gemeente Helsingør wenje likernôch 63.000 ynwenners.
Yn de skiednis hat it skipferkear troch de Sont de hjoeddeiske gemeente in soad stal jûn. Oan it meast smelle stik fan de Sont leit de haadstêd fan de gemeente, Helsingør. De stêd wurdt foar it earst yn 1231 as Flynderborg, in lytse merkstêd, neamd. Yn 1426 liet kening Erik fan Pommeren foar de trochfeart tol ynfiere. Boppedat stifte er fêstingwurken, dêr't yn 1580 de Kronborg út ûntstie.
Plakken Grutste plakken yn de gemeente Nr Plaknamme Ynwenners (2011) 1 Helsingør 46.279 2 Espergærde 11.458 3 Hellebæk 3.503 4 Hornbæk 1.125 5 Stenstrup 1.029 6 Kvistgård 712 7 Tikøb 391 8 Gurre 381
Kategory:Gemeente yn Haadstêd (Deenske regio) Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 1970