Peter van der Zwaag, (Hengelo, 1962), is in Frysk pianist, toetsenist, akkordeonist, komponist, arranzjeur en orkestlieder út Sint Anne.Muziekencyclopedie
Peter van der Zwaag studearre klassike piano oan it konservatoarium. Hy wurke foar artysten as Robert Long, Jenny Arean, Willeke Alberti , Liesbeth List, Rients Gratama en Gerrit Breteler, Piter Wilkens.<ref>[https://www.posthuistheater.nl/voorstellingen/672/Maaike_Widdershoven_Julia_Herfst_e_a_/De_dag_dat_ik_Robert_Long_ontmoette_ De dag dat ik Robert Long ontmoette op: posthuistheater.nl]</ref> Hy wie de begelieder fan Inez Timmer by har súksesfolle talittingseksamen foar lichte muzyk en sang oan it konservatoarium Hilfertsom.
Karriêre Oan it begjin fan de jierren tachtich spile Van der Zwaag yn de folkgroep Mecharon. Dy groep eksperimintearre mei selsmakke muzyk en tradisjoneel materiaal op de grins tusken folk en jazz. Peter wie de sjonger en spile dêrby piano, gitaar en akkordeon. Oare leden fan Mecharon wiene Dick Lont (gitaar, basgitaar), Annemarie van der Reyden (dwersfluit) en Anna Jansen (fioele).
Yn 1989 wie hy pianist en arranzjeur fan Douwe Heeringa, mei syn suksesfolle projekt Brel, in Fries. As útfierend musikus is er meastentiids pianist, mar ek wol toetsenist of akkordeonist. As komponist skriuwt Van der Zwaag lietsjes, jingles, leaders en oare muzyk. Hy docht dat foar ferskate artysten mar ek foar telefyzjeprogramma's en de produksje fan cd's en dvd's.
Geregeldwei skriuwt er arranzjeminten foar harmony, fanfare en brassband besetting, bygelyks it wurk fan Gerrit Breteler.Agenda Karmelklooster: Zomerconcert 3 Gerrit Breteler & Peter van der Zwaag Sûnt 2001 hat Van der Zwaag de lieding by it Amsterdams Kleinkunstfestival. As muzikale tûzenpoat is er sûnt 2012 muzikant, arranzjeur en orkestlieder by it Frysk Sjongers Gala yn skouboarch De Lawei yn Drachten. Frysk Sjongersgala 2017 ‘bêst genôch’, yn LC, 26 novimber 2017Achmeaculpa.nl Fan de CD Cohen yn 't Frysk wie hy de muzikaal lieder.muziekweb.l: In Frysk Earbetoan Oan Leonard Cohen - Cohen In Het Fries - De Partisanen
Priis Yn 1993 waard Peter van der Zwaag ûnderskieden mei de Scheveningen begeliederspriis.
Wurklist (kar-út) Muzikus 1989 - 1994 - Douwe Heeringa 1992 - Jenny Arean 1995-2006 - Robert Long 2001 - Chorus line - musical 2002 oant no ta - Willeke Alberti 2003 - Alleen op de wereld - musical 2005 - Tom Parker & New London Chorale 2005 - Kabaret - Iepenloftspul Jorwert (+ arranzjeminten) 2009-2015 - Cirque d'Hiver Roermond, wintersirkus 2011 - De Fleanende Hollanner - Piter Wilkens 2012 - Geraniums of Gladioalen - Rients Gratama Rients Gratama Grootsneek.nl: Gratama met Geraniums of Gladioalen in It Joo, 6 april 2012 2012-2015 - Liesbeth List 2013 - Sonneveld - Musical 2016 - Tusken heimat en heitelân - Inez Timmer
Komposysjes Frjemde kusten - Frysk Festival 2008 Grutte grize fûgel - Frederike Kleefstra lietsjes foar berneprogramma's Omrop Fryslân: Witwat , It Boskwyfke, Lân fan Efke Leader foar dokumintêre-rige 100 Jier Alvestêdetocht Retoer Ljouwert-Berlin, cd en teäterprogramma
Arranzjeminten BAUCK!, Fryske leginde Berltsum.com: Al vijf voorstellingen BAUCK! uitverkocht! 27 juny 2017 Cohen yn it Frysk Brel, in Fries Bonifatius, de musical''
Kategory:Frysk pianist Kategory:Frysk komponist Kategory:Frysk dirigint Kategory:Persoan berne yn de 20e iuw