De Frjentsjerter Omgong (Nederlânsk en offisjeel: Franeker Ronde) is in sportevemint dat sûnt 2016 elts jier holden wurdt yn 'e Fryske stêd Frjentsjer. It fynt plak yn it ramt fan 'e Agraryske Dagen, op in tongersdeitejûn yn 'e twadde helte fan 'e moanne septimber. It parkoers rint troch de binnenstêd fan Frjentsjer. De organisaasje is yn 'e hannen fan 'e Atletykferiening Spartacus út Tsjom, yn gearwurking mei de sportkommisje fan 'e Agraryske Dagen.

Underdielen De Frjentsjerter Omgong bestiet út ferskate ûnderdielen. Foar bern jonger as 16 jier is der de Kids-run, dy't bestiet út: 620 m foar bern fan 4 oant en mei 6 jier 1.240 m foar bern fan 7 oant en mei 9 jier 1.860 m foar bern fan 10 oant en mei 15 jier Foar dielnimmers fan 16 jier en âlder is der de Bedriuwe-run: in estafette foar teams fan 4 dielnimmers oer in ôfstân fan 5 km of 10 km de Senioare-run foar lju dy't it hiele ein sels drave, wêrby't men kieze kin út in ôfstân fan 5, 71/2 of 10 km.

Keppelings om utens Offisjele webside fan Frjentsjerter Omgong

Kategory:Sportevenemint yn Fryslân Kategory:Evenemint yn Frjentsjer Kategory:Hurdrinwedstryd Kategory:Weromkearend evenemint ynsteld yn 2016