Rødovre is in gemeente yn de regio Haadstêd (Deensk: Region Hovedstaden) yn Denemark.
De hjoeddeiske gemeente ûntstie yn 1901 doe't de parochy Rødovre ôfskieden waard fan de parochy Brønshøj-Rødovre en Brønshøj by de stêd Kopenhagen foege waard. De gemeente bleau by de weryndielings fan 1970 en 2007 ûnferoare en selsstannich.
Rødovre is te ferdielen yn fjouwer parochy's: Rødovre (13.145 ynwenners), Islev (11.581), Hendriksholm (6.512) en Grøndalslund (8.105 ynwenners),
De gemeente is folslein beboud, foar it measte mei hûzen, en is yn demografysk opsicht in multikulturele gemeente.
Berne Brigitte Nielsen (1963), model en aktrise Helle Thorning-Schmidt (1966), premier fan Denemark 2011-2015 Ole Bjur (1968), fuotballer Marc Rieper (1968), fuotballer Nikolaj Lie Kaas (1973), akteur Timmi Johansen (1987), fuotballer
Kategory:Gemeente yn Haadstêd (Deenske regio) Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 1901