Rudersdal is in gemeente yn it noardlik diel fan Grut-Kopenhagen yn de regio Haadstêd (Deensk: Region Hovedstaden) yn Denemark. De gemeente waard yn 2007 foarme mei de weryndieling troch de ferieniging fan de gemeentes Søllerød en Birkerød.
It riedshûs fan de gemeente is fêstige yn it eardere riedshûs fan de gemeente Søllerød yn Holte, in ûntwerp fan Arne Jacobsen en Flemming Lassen.
De eardere gemeente Søllerød wie neffens it ynkommen en de reëele wearde fan it besit foar dessenia de rykste gemeente fan it lân. Nei de gearfoeging fan de twa gemeenten foarmet de gemeente de op ien nei rykste gemeente fan it lân.
Plakken PlakkenDanmarks Statistikbank Nr Plaknamme Ynwenners (2013) 1 Birkerød 20.008 2 Trørød, Gammel Holte, Vedbæk diel fan Hørsholm 12.443 3 Søllerød 7.975 4 Holte 6.373 5 Nærum 5.322 6 Skodsborg 1.169 7 Ravnsnæs 682 8 Høsterkøb 298
Kategory:Gemeente yn Haadstêd (Deenske regio) Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 2007