Lyngby-Tårbæk is in gemeente yn Grut-Kopenhagen yn de regio Haadstêd (Deensk: Region Hovedstaden) yn Denemark.

Oant 1909 hiet de gemeente Lyngby Sogneråd, mar doe't Tårbæk fanwegen in skoallekwestje drige mei ôfskieding waard de namme yn Lyngby-Taarbæk feroare. De ried hie nammentlik besletten ta de bou fan in nije skoalle yn Lyngby, wylst Tårbæk in âlde ferfallen skoalle hie mar wol in soad belestingynkomsten ôfdroech. Om it foar Tårbæk dreger te meitsjen him los te snijen waard de namme feroare en krige in nije skoalle dy't yn 1914 iepene waard.

It besjen wurdich binne yn de gemeente û.o. it Iepenlofmseum fan it Deenske Nasjonale Museum, Slot Sorgenfri, de residinsje fan it Deenske keningshûs, en Marienborg, de simmersit fan de Deenske premier.

By de lêste grutte weryndielings (1970, 2007) fûnen der gjin feroarings plak foar de gemeente Lyngby-Tårbæk Plakken PlakkenDanmarks Statistikbank Nr Plaknamme Ynwenners (2016) 1 Lyngby 11.647 2 Ulrikkenborg 9.025 3 Sorgenfri 6.470 4 Virum 14.170 5 Lundtofte 5.960 6 Hjortekær 5.089 7 Tårbæk 1.480

Kategory:Gemeente yn Haadstêd (Deenske regio) Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 1899