Tårnby is in gemeente yn de regio Haadstêd (Deensk: Region Hovedstaden) yn Denemark. By de gemeente hearre ek de Sont-eilannen Saltholm (in fûgelreservaat) en it keunstmjittige Peberholm.

Sûnt de gemeentlike weryndieling fan 2007 hat de gemeente in oerienkomst mei de gemeente Dragør sletten om in tal taken foar dy gemeente út te fieren.

Yn it eastlike diel fan de gemeente (Kastrup) leit de nasjonale luchthaven fan Kopenhagen.

De gemeente is ferield yn fjouwer parochy's mei tusken heakken it befolkingsoandiel:

Skelgård (31,2%) Kastrup (24,8%) Tårnby (24,1%) Korsvejen(19,9%)

Berne Jan Heintze (1963), fuotballer Fallulah, (1985), sjongeres Niki Zimling (1985), fuotballer

Kategory:Gemeente yn Haadstêd (Deenske regio) Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 1970