De Agraryske Dagen (Nederlânsk en offisjeel: Agrarische Dagen) binne in fiifdeisk festival dat elts jier yn 'e twadde helte fan septimber fan in woansdei oant en mei de dêropfolgjende snein organisearre wurdt yn 'e Fryske stêd Frjentsjer. It evenemint ûntstie oarspronklik as in soarte fan doarpsfeest foar de stêd,Van Franeker 'dorpsfeest' naar regionaal evenement, yn: van Wad tot Stad, 18 septimber 2018, s. 9 en 11. en waard foar de earste kear holden yn 1954. De organisaasje is yn 'e hannen fan 'e Stifting Agraryske Dagen Frjentsjer (offisjeel: Stichting Agrarische Dagen Franeker).AD WaADhoeke (programmakrante AD 2018), 12 septimber 2018, s1 (foarside). Yn jubileumjierren wurde yn it ramt fan 'e Agraryske Dagen saneamde F-feesten holden, wêrby't ekstra grut útpakt wurdt.
2018 Yn 2018 fûn 'e 65e edysje fan 'e Agraryske Dagen plak yn it bredere ramt fan it projekt Ljouwert/Fryslân Kulturele Haadstêd fan Jeropa 2018. It tema wie dat jiers 'WaADhoeke' (AD foar 'Agraryske Dagen'), mei't op 1 jannewaris 2018 de nije fúzjegemeente De Waadhoeke ûntstien wie. Yn ferbân dêrmei èn mei LF 2018 waard yn 2018 ek in F-feest fierd (yn dit gefal F8), hoewol't it formeel gjin jubileumjier wie.
Aktiviteiten Op 'e woansdei fan 'e Agraryske Dagen fynt jûns de seremoniële iepening plak,Grandioze opening, yn: AD WaADhoeke (programmakrante AD 2018), 12 septimber 2018, s. 5. mar ek dêrfoar al binne der yn 'e stêd alderhanne eveneminten. Sa begjint dan de merke op 'e Foarstrjitte, dy't oant en mei snein trochgiet.Wat? Weer een kermis in Franeker?, yn: AD WaADhoeke (programmakrante AD 2018), 12 septimber 2018, s. 37. Fierder wurdt moarns en middeis de Plysje-PC holden op it Sjûkelân, wêrby't leden fan 'e Fryske plysje it yn in keatspartij tsjininoar opnimme. Dat barren is eins âlder as de Agraryske Dagen, en bestie yn 2018 69 jier.Politie Fryslân aan slag op Sjûkelân, yn: AD WaADhoeke (programmakrante AD 2018), 12 septimber 2018, s. 5. Fierders wurde der woansdeis aktiviteiten organisearre foar bernHeb jij alweer zin in de gezelligste kindermiddagen van het jaar?, yn: AD WaADhoeke (programmakrante AD 2018), 12 septimber 2018, s. 5. en foar de âlderein (mei bgl. yn 2018 in optreden fan sjongster Willeke Alberti).Willeke Alberti gaat de show stelen, yn: AD WaADhoeke (programmakrante AD 2018), 12 septimber 2018, s. 7.
Op 'e tongersdei wurdt yn Sporthal De Trije in sportdei holden dy't foarhinne bedoeld wie foar basisskoallen yn Frjentsjerteradiel, en dy't fan 2018 ôf útwreide is mei skoallen út hiel De Waadhoeke. Fierders wurde dy deis organisearre: in angelderswedstryd foar de jongerein oan 'e Ypeijsingel,Vang je vis, yn: AD WaADhoeke (programmakrante AD 2018), 12 septimber 2018, s. 9. in jiermerk foar froulju (de sûnt 2014 besteande 'Frouwen Fair') yn it Stedspark,Frolijke Flair op de Franeker Frouwen Fair, yn: AD WaADhoeke (programmakrante AD 2018), 12 septimber 2018, s. 11. de Frjentsjerter Omgong (Franeker Ronde): in draafwedstryd troch de binnenstêd,<ref>Laat ze je hielen zien, yn: AD WaADhoeke (programmakrante AD 2018), 12 septimber 2018, s. 9.</ref> de Nachtkeatspartij op it SjûkelânZachtebalkaatspartij op het heilige Sjûkelân, yn: AD WaADhoeke (programmakrante AD 2018), 12 septimber 2018, s. 11. en it tradisjonele optreden fan 'e Kristlike Muzykferiening Advendo op 'e Bredepleats.
De freeds is der in swimbarren yn it Swimbad Bloemketerp, en ek wurdt yn 'e binnenstêd it Strjitfestival Frjentsjerter Fratsen holden.Straatfestival Franeker Fratsen 2018, yn: AD WaADhoeke (programmakrante AD 2018), 12 septimber 2018, s. 19. Fierders is der in kulinêr barren yn it Stedspark mei as namme Smakelijk Franeker,Smakelijk Franeker: Culinaire hoogvliegers, yn: AD WaADhoeke (programmakrante AD 2018), 12 septimber 2018, s. 17. en in fuotbaltoernoai mei teams fan fiif leden op it Sjûkelân.Help, ik zie geen bal..., yn: AD WaADhoeke (programmakrante AD 2018), 12 septimber 2018, s. 13. De jûns is der live-muzyk op 'e poadia op 'e Bredepleats en it Riedhûsplein.Vrijdagavond Top Tribute Avond!, yn: AD WaADhoeke (programmakrante AD 2018), 12 septimber 2018, s. 21.
Sneontemoarns fynt tradisjoneel it 'agraryske' diel fan 'e Agraryske Dagen plak, mei wedstriden trekkerriden ('Trekkerbehindichheidstocht') yn 'e Fiverstrjitte,Aandachts... Trekkers, yn: AD WaADhoeke (programmakrante AD 2018), 12 septimber 2018, s. 31. in iepenloftbeurs op it mêd fan 'e lânbou mei as namme it Agrarysk Treffen (yn 2018 foar de 6e kear holden),Agrariërs tijden de Agrarische Dagen: dat treft!, yn: AD WaADhoeke (programmakrante AD 2018), 12 septimber 2018, s. 31. en in boeremerk oan 'e Ljouwerterein.Kom oogsten op de Boerenmarkt!, yn: AD WaADhoeke (programmakrante AD 2018), 12 septimber 2018, s. 33. Fierders is der dy deis in jier- en frijmerk yn 'e binnenstêd, in sjippekisterace op it Sjûkelân,Een kist, wat zeep en knallen maar!, yn: AD WaADhoeke (programmakrante AD 2018), 12 septimber 2018, s. 29. ferskate berne-aktiviteiten en middeis en jûns wer live''-muzyk. Yn 2018 koe men op 'e sneontemiddei ek abseile fan 'e toer fan 'e Martinytsjerke.Abseilen van de Martinikerk, yn: AD WaADhoeke (programmakrante AD 2018), 12 septimber 2018, s. 33. De sneon fan 'e Agraryske Dagen wurdt tradisjoneel ôfsletten mei in fjoerwurkshow op it Sjûkelân.Harder, groter, beter! AD vuurwerkshow nu met muziek, yn: AD WaADhoeke (programmakrante AD 2018), 12 septimber 2018, s. 37.
De sneins is de lêste dei fan it festival. Dan is it keapsnein, wurdt der moarns in oekumenyske tsjerketsjinst holden yn 'e Martinytsjerke,Oecumenische kerkdienst, yn: AD WaADhoeke (programmakrante AD 2018), 12 septimber 2018, s. 43. en fierders binne der by de Oldtimer Meeting (yn 2018 foar de 6e kear holden) oldtimers te besichtigjen yn 'e binnenstêdOldtimer Meeting, yn: AD WaADhoeke (programmakrante AD 2018), 12 septimber 2018, s. 43. en wurdt der in moadeshow holden op it poadium op 'e Bredepleats.Feestelijke Modeshow tijden Agrarische Dagen, yn: AD WaADhoeke (programmakrante AD 2018), 12 septimber 2018, s. 41. Ek is der de Boereloop, in kuiertocht fan 15 km troch it plattelân om Frjentsjer hinne.Boerenloop: In smaaklik rûntsje, yn: AD WaADhoeke (programmakrante AD 2018), 12 septimber 2018, s. 41. Yn 2018 wie der dy deis ek in timbersportsevenmint organisearre op it Riedhûsplein.Dat hakt erin!, yn: AD WaADhoeke (programmakrante AD 2018), 12 septimber 2018, s. 45. Oan 'e ein fan 'e middei wurde de Agraryske Dagen tradisjoneel ôfsletten mei in optreden fan Showband Sternse Slotlanders.
Keppelings om utens Offisjele webside fan 'e Agraryske Dagen
Kategory:Festival yn Fryslân Kategory:Evenemint yn Frjentsjer Kategory:Weromkearend evenemint ynsteld yn 1954