thumb|250px|Kolleezje fia Universiteit fan Nederlân fan Henk van Os oer de fraach wêrom't de Nachtwacht wichtiger is as oare skilderijen Hendrik Willem van Os (Harderwyk, 28 febrewaris 1938 - Amsterdam, 14 juny 2025) wie in Nederlânske keunsthistoarikus. Hy wie ûnder oare heechlearaar Keunst- en kultuerskiednis, direkteur fan it Ryksmuseum Amsterdam en telefyzepresintator fan keunstprogramma's.
Wurkpaad Henk van Os studearre keunstskiednis oan de Ryksuniversiteit Grins, dêr't syn heit, Frederik van Os, twa perioaden rektor-magnifikus fan wie. Ek studearre er in skoft yn Rome. Yn 1969 promovearre er yn Grins; fiif jier letter waard er dê heechlearaar Keunst- en Kultuerskiednis. Tusken 1984 en 1989 wie er teffens dekaan fan de Letterenfakulteit yn Grins. Fan 1989 oant 1996 wie die direkteur fan it Ryksmuseum Amsterdam en dêrnei universiteitsheechlearaar Keunst en Maatskippij oan de Universiteit fan Amsterdam.
Van Os waard by it grutte publyk bekend troch it presintearjen fan tf-programma's lykas Beeldenstorm fan de AVRO en Museumschatten fan de VARA, dy't ta doel hienen om keunst, benammen skilderkeunst, by in grut publyk ûnder de oandacht te bringen.
Ek organisearre er bûten it Ryksmuseum om ferskate grutte tentoanstellingen, ûnder mear yn it Grinzer Museum, de Nije Tsjerke yn Amsterdam, it Mauritshûs en Museum Catharijneconvent yn Utert.
Yn 2012 ferskynde in boek mei brieven dy't Van Os skreau mei syn soan Pieter. De brieven geane oer de driuw ta godstsjinst fan heit Van Os.
Van Os krige út wurdearring foar syn wurk in protte binnen- en bûtenlânske ûnderskiedingen, bygelyks de seldsume Earemedalje foar Keunst en Wittenskip behearend by de Hûsoarder fan Oranje. Parseberjocht Keninklik Hûs: Uitreiking eremedaille Huisorde van Oranje aan Henk van Os, 27 juny 2006 Parseberjocht Universiteit fan Amsterdam: Universiteitshoogleraar Henk van Os tweemaal gelauwerd
Publikaasjes (kar-út) mei Wim Hazeu, De vreugden van kunstgeschiedenis. Baarn, De Prom, 1993 De weg naar de hemel: reliekverering in de Middeleeuwen. Baarn, De Prom, 2000 Nederlandse kunst in het Rijksmuseum, dl. 1 1400-1600. Swol, Waanders, 2000 Beeldenstorm: naar keuze. Amsterdam University Press Salomé, 2002 Zien is genoeg. Amsterdam, Balans, 2003 / 2005 Moederlandse geschiedenis, 2005 (mei gearwurking fan Epco Runia), Droom van Italië. De Haach, Mauritshuis / Swol, Waanders, 2006 Augustinus op het strand. Amsterdam, Balans, 2008 De ontdekking van Nederland: vier eeuwen landschap verbeeld door Hollandse meesters. Nai Uitgevers, 2008 Jong in Groningen: kunst uit de periode 1945 - 1975. Grinzer Museum, 2009 Pioniers van de moderne kunst. Yn: tentoanstellingskatalogus Matisse tot Malevich. Pioniers van de moderne kunst uit de Hermitage, ûnder redaksje fan Albert Kostenevich, Hermitage, Amsterdam, 2010, s. 13 - 19 (gastkonservator: Henk van Os) Kijk nou eens. Balans, 2e druk, 2012 (Hast in heale iuw lang hâldt Henk van Os yn syn reproduksjesamling in map " Curiosa " by. Keunstwurken dy 't te gek foar wurden binne. Om ea noch wat mei te dwaan.....) 'Kunst is leven, leven is kunst', in: Ernst Ludwig Kirchner. Paradijs in de bergen, Bussum, Uitgeverij Thoth / Singer Laren, 2015 Heilige en onheilige families. Balans, 2015 Kunstzinnig: verzamelde columns. Feriening Rembrandt, 2017
Kategory:Nederlânsk museumdirekteur Kategory:Heechlearaar oan de Universiteit fan Amsterdam Kategory:Heechlearaar oan de Ryksuniversiteit Grins Kategory:Lid fan de Keninklike Nederlânske Akademy fan Wittenskippen Kategory:Nederlânsk keunsthistoarikus Kategory:Nederlânsk telefyzjepresintator Kategory:Feluwsk persoan Kategory:Persoan berne yn 1938 Kategory:Persoan stoarn yn 2025