De NWO-Spinozapreemje is de heechste Nederlânske wittenskipsûnderskieding. De preemje wurdt sûnt 1995 alle jierren útrikt troch de Nederlandse Organisatie voor Wetenschappelijk Onderzoek (NWO) oan Nederlânske ûndersiker dy't by de ynternasjonale top fan de wittenskip hearre.
De NWO-Spinozapreemje wurdt it jier takend oan maksimaal fjouwer wittenskippers. Eltse winner kriget in bedrach fan 2,5 miljoen euro, dat hielendal nei eigen doel bestege wurde mei oan nij ûndersyk. (It bedrach fariearre tusken 1995 en 2000 fan 2 oant 4 miljoen gûne en wie fan 2001 oant en mei 2008 1,5 miljoen euro). De priis is neamd nei de filosoof Baruch Spinoza.
Oant en mei 2017 wiene 69 priiswinners manlju en 16 froulju. De priis waard 61 kear útrikt oan in bêta-wittenskipper (biomedyske wittenskippen meirekkene) en 20 kear oan in alfa- of gamma-wittenskipper. De winners binne trochsneed 50 jier at se de priis takend krije.De ene beurs lokt de andere uit. Sjoen op 2017-06-17
Winners De folgjende persoanen hawwe dizze priis krigen:Spinoza Laureates, NWO, 2014-03-11
1995 - Frank Grosveld, Ed van den Heuvel, Gerard 't Hooft, Frits van Oostrom 1996 - Johan van Benthem, Peter Nijkamp, George Sawatzky 1997 - Frits Kortlandt, Bob Pinedo, Rutger van Santen 1998 - Jan Hoeijmakers, Hendrik Lenstra, Pieter Muysken 1999 - Carlo Beenakker, René de Borst, Anne Cutler, Ronald Plasterk 2000 - Ewine van Dishoeck, Daan Frenkel, 2001 - Dorret Boomsma, Hans Clevers, Bert Meijer, Hans Oerlemans 2002 - Henk Barendregt, Els Goulmy, Ad Lagendijk, Frits Rosendaal 2003 - Lans Bovenberg, Cees Dekker, Robbert Dijkgraaf, Jan Luiten van Zanden 2004 - Jaap Sinninghe Damsté, Ben Feringa, Marinus van IJzendoorn, Michiel van der Klis 2005 - René Bernards, Peter Hagoort, Detlef Lohse, Lex Schrijver 2006 - Jozien Bensing, Carl Figdor, Ben Scheres, Jan Zaanen 2007 - Deirdre Curtin, Marcel Dicke, Leo Kouwenhoven, Wil Roebroeks 2008 - Marjo van der Knaap, Joep Leerssen, Theo Rasing, Willem de Vos 2009 - Albert van den Berg, Michel Ferrari, Marten Scheffer 2010 - Naomi Ellemers, Marijn Franx, Piet Gros, Ineke Sluiter 2011 - Heino Falcke, Patti Valkenburg, Erik Verlinde 2012 - Mike Jetten, Ieke Moerdijk, Annemarie Mol, Alexander Tielens 2013 - Mikhail Katsnelson, Piek Vossen, Bert Weckhuysen 2014 - Dirk Bouwmeester, Corinne Hofman, Mark van Loosdrecht, Theunis Piersma 2015 - René Janssen, Birgit Meyer, Aad van der Vaart, Cisca Wijmenga 2016 - Wilhelm Huck, Lodi Nauta, Mihai Netea, Bart van Wees 2017 - Eveline Crone, Albert Heck, Michel Orrit, Alexander van Oudenaarden 2018 - Anna Akhmanova, Carsten de Dreu, Marileen Dogterom, John van der Oost 2019 - Bas van Bavel, Ronald Hanson, Amina Helmi, Yvette van Kooyk 2020 - Nynke Dekker, Jan van Hest, Pauline Kleingeld, Sjaak Neefjes 2021 - José van Dijck, Marc Koper, Lieven Vandersypen, Maria Yazdanbakhsh 2022 - Thea Hilhorst, Klaas Landsman, Corné Pieterse, Ignas Snellen
Kategory:Nederlânske wittenskipspriis Kategory:Priis of ûnderskieding ynsteld yn 1995