De Grifformearde tsjerke is in tsjerkegebou oan de Mullumerleane yn Harns. Sûnt 2018 is it ien fan de trije tsjerken fan de Protestanske gemeente Harns-Mullum.

Skiednis De tsjerke waard yn 1953 troch de arsjitekt H. Eldering fan Ljouwert foar de grifformearden boud, nei't dy as gefolch fan de skuorring yn 1944 harren tsjerke oan de Noarderkade kwyt rekken oan it yn dy tiid nije tsjerkegenoatskip fan de frijmakke grifformearden.Reliwiki, oproppen 02.04.2018

Oan it begjin fan 2007 waard it ynterieur fan de tsjerke mei help fan frijwilligers renovearre en modernisearre. Sa waard û.o. it liturgysk sintrum fernijd en fan nij meubilêr foarsjoen. Ek waard it hiele gebou fan binnen farve en de flier mei laminaat belein. Boppe it liturgysk sintrum krige in leger plafond in stjerrehimel.Frysk Deiblêd, 23.02.2007

Op 1 jannewaris 2018 fusearren de grifformearden mei de herfoarme gemeenten fan Harns en Mullum.Harnzer Krante, 12.01.2018

Oargel It oargel waard yn 1951 boud troch de firma Pels & van Leeuwen (De Bosk).Side PKN Harns-Mullum

Oare tsjerken fan de PKN Harns-Mullum Grutte tsjerke, Harns Nikolaastsjerke, Mullum Keppeling om utens Disposysje oargel

Kategory:Bouwurk yn Harns Kategory:Tsjerkegebou yn Harns (gemeente) Kategory:Bouwurk út 1953