Jan de Boer (Doanjewerstâl, 29 juny 1967) is in Nederlânsk teoretysk natuerkundige, fan Frysk komôf, dy't spesjalisearre is yn de snaarteory. Nei in dûbel masterdiploma wiskunde en natuerkunde aan de Ryksuniversiteit Grins helle te hawwen, promovearre De Boer oan de Universiteit Utert mei it proefskrift Extended conformal symmetry in non-critical string theory. Sûnt 2000 is er heechlearaar teoretyske natuerkunde oan de Universiteit fan Amsterdam.

Ferskaat Fan 1946 oant 1981 wie in net besibbe Jan de Boer (1911-2010) heechlearaar teoretyske natuerkunde oan deselfde ôfdieling fan de Universiteit fan Amsterdam. Hy wie spesjalisearre yn de termodynamika.

Awards en fellowships 1984, earste plak en gouden medalje, 15e International Physics Olympiad 1984, sulveren medalje, 28e International Mathematics Olympiad 1995-1996, James Simons Fellowship, Stony Brook University 1996-1998, Miller Fellowship, Berkeley

Keppeling om utens Wiidweidige CV Jan de Boer by de UfA

Kategory:Persoan berne yn 1967 Kategory:Frysk natuerkundige Kategory:Frysk heechlearaar Kategory:Nederlânsk natuerkundige Kategory:Nederlânsk heechlearaar Kategory:Heechlearaar oan de Universiteit fan Amsterdam Kategory:Persoan berne yn Fryslân (berteplak ûnbekend)