Sölvesborg is in stêd yn de provinsje Blekinge län yn Sweden en is de haadstêd fan de gemeente Sölvesborg. De stêd hat 8.999 ynwenners (2016) en leit yn de histoaryske regio Blekinge.
Skiednis De stêd Sölvesborg hat midsiuwske woartels, mar neffens archeologyske fynsten is it plak al sûnt de brûnstiid bewenne. Nei archeologyske opgravingen yn 2021 waard in tûzen jier âlde wettermûne fûn yn in gebiet net fier noardlik fan 'e stêd.
Kastiel thumb|left|Ruïne fan it slot. It eardere kastiel yn Sölve is tsjintwurdich in ruïne. De earste skriftlike boarnen neame it kastiel yn 1343. Hjoed-de-dei binne allinnich de kastielheuvel, wat lytse resten fan 'e sintrale toer en fûneminten fan 'e kelder bewarre bleaun. By gefjochten tusken de Sweeden en de Denen waard it ferskate kearen troch brân ferneatige. Meidat ek de stêd syn stedsrjochten ferlear, rekke it kastiel yn ferfal en ferdwûnen de grêften. Yn 'e iuwen dêrnei wie it kastiel in groeve foar bakstienen, dy't foar nije hûzen brûkt waarden.
Sint-Nikolaastsjerke thumb|left|Beskildering ferwulft. De Sint-Nikolaastsjerke is it ienige oerbleaune midsiuwske bouwurk fan Sölvesborg. De oarsprong fan 'e tsjerke giet tebek oer op it lêst fan 'e 12e iuw. De tsjerke hat midsiuwske muorrebeskildering, dy't yn 'e tiid fan 'e Reformaasje oerskildere waarden, mar by de restauraasjes fan 1906 op 'e nij ûntdutsen binne. Under it alter leit in grêftombe. Yn 1486 skonk kening Hans de tsjerke oan 'e Karmeliten, dy't njonken de tsjerke in kleaster bouden. Oan 'e noardkant fan 'e tsjerke binne noch in pear stiennen fan 'e âlde kleastermuorren. Yn 'e tsjerke binne ek de resten fan 'e âlde doarren te sjen dy't de tagong joegen ta it eardere kleaster. De tsjerke hat twa runestiennen út de 5e iuw nei Kr., dy't ta de âldste fan Sweden hearre. De Stentoftenstien, fûn troch in boer yn 'e parochy Gammalstorp, is de meast bysûndere fan 'e twa.
Befolkingsûntwikkeling Jier 1960 1965 1970 1975 1980 1990 1995 2000 Sölvesborg 5.696 6.246 6.797 7.292 7.287 7.702 7.982 7.858Jier 2005 2010 2015 2020 Sölvesborg 7.883 8.401 8.972 8.832
Kategory:Plak yn Sweden