Ann Leckie (Toledo (Ohio), 2 maart 1966) is in Amerikaansk skriuwster fan romans en koarte ferhalen dy't hearre ta de sjenres fan 'e science fiction en fantasy. Har debútroman Ancillary Justice waard yn 2014 bekroane mei de Hugo Award foar bêste roman (de wichtichste priis foar science fiction-literatuer), en wûn dêropta yn dyselde kategory de Nebula Award, de Arthur C. Clarke Award, de BSFA Award en de Locus Award, wat noch nea fertoand wie. Ek de ferfolchboeken Ancillary Sword en Ancillary Mercy waarden tige goed ûntfongen.

Libben en karriêre Jonkheid en oplieding Leckie waard berne yn Toledo, yn 'e Amerikaanske steat Ohio, mar groeide op yn St. Louis, yn 'e steat Missoery. Hja studearre yn 1989 ôf yn musikology oan 'e Washington Universiteit yn St. Louis. Neitiid hie se in ferskaat oan banen, wêrûnder dy fan servearster, resepsjoniste, lânmjitster en opnamespesjaliste by in platemaatskippij.

Karriêre Al yn har tinerjierren skreau Leckie science fiction-ferhalen, mar har besykjen om dat wurk publisearre te krijen, wie om 'e nocht. In romantysk koart ferhaal dat anonym yn it tydskrift True Confessions ferskynde, wie sawat har iennichste publikaasje út dy jierren. Nei't se yn 1996 en 2000 har beide bern krigen hie, brocht de ferfeling fan in bestean as húsmem har derta om it fannijs te besykjen.

De earste kladferzje fan wat úteinlik Ancillary Justice wurde soe, skreau Leckie yn it ramt fan 'e Nasjonale Romanskriuwmoanne yn 2002. Nei't se yn 2005 de Clarion West Writers Workshop fan Octavia Butler folge hie, skreau se de úteinlike ferzje fan Ancillary Justice oer in perioade fan seis jier. Yn dyselde snuorje skreau se dêrnjonken ek in grut tal koarte ferhalen, dy't se publisearre yn tydskriften as Subterranean Magazine, Strange Horizons en Realms of Fantasy. Fierders wie Leckie fan 2010 oant 2013 redaktrise fan Giganotosaurus, in online-tydskrift op it mêd fan science fiction- en fantasy, en tsjinne se fan 2012 oant 2013 as siktaris fan it skriuwersbûn Science Fiction and Fantasy Writers of America.

Yn 2012 joech de útjouwerij Orbit U.S. oan, Leckie har debútroman Ancillary Justice publisearje te wollen. Dat boek, it earste diel fan 'e Imperial Radch-trilogy, fertelt it ferhaal Breq, de iennichste oerlibbene fan in romteskip dat troch ferrie ferneatige is. It boek folget Breq, dy't de belicheming is fan 'e keunstmjittige yntelliginsje fan it ferwuostge romteskip, by har krewearjen om wraak te nimmen op 'e hearsker fan har beskaving.

Ancillary Justice kaam yn oktober 2013 út, en waard troch de resinsinten tige goed ûntfongen. Leckie wûn der yn 2014 de Hugo Award mei yn 'e kategory bêste roman, wat de wichtichste priis is foar science fiction-literatuer. Teffens waard Ancillary Justice bekroane mei de Nebula Award foar bêste roman, de BSFA Award foar bêste roman, de Arthur C. Clarke Award, de Locus Award foar bêste roman, en de British Fantasy Award foar bêste nijynkommeling. Dêropta waard it boek nominearre foar de James Tiptree, Jr. Award, de Philip K. Dick Award, de John W. Campbell Memorial Award for Best Science Fiction Novel en de Compton Crook Award. Om utens wûn Ancillary Justice de Prix Bob Morane (Frankryk) en de Seiun Award (Japan) foar bêste oersetting.

It ferfolch Ancillary Sword kaam út yn oktober 2014, en it lêste diel fan 'e trilogy, Ancillary Mercy, yn oktober 2015. Beide boeken wûnen de Locus Award foar bêste roman en wiene nominearre foar sawol de Nebula Award as de Hugo Award yn 'e kategory bêste roman. Ancillary Sword wûn ek de BSFA Award foar bêste roman. Night's Slow Poison en She Commands Me and I Obey, beide út 2014, binne koarte ferhalen dy't yn itselde hielal spylje as de Imperial Radch-trilogy. Datselde jildt foar de op himsels steande roman Provenance, út 2017.

Priveelibben Ann Leckie is troud mei David Hare. Hja hawwe twa bern, Aidan en Gawain, en wenje yn St. Louis, yn 'e Amerikaanske steat Missoery.

Wurk romans Imperial Radch-trilogy 2013 – Ancillary Justice 2014 – Ancillary Sword 2015 – Ancillary Mercy 2017 – Provenance (spilet yn itselde hielal as de Imperial Radch-trilogy) 2019 – The Raven Tower 2023 – Translation State (spilet yn itselde hielal as de Imperial Radch-trilogy) koarte ferhalen (in kar) 2006 – Hesperia and Glory (yn Subterranean Magazine; werprinte yn 'e ferhalebondel Science Fiction: The Best of the Year 2007) 2008 – Marsh Gods (yn Strange Horizons) 2009 – The God of Au (yn Helix #8; werprinte yn The Year's Best Science Fiction and Fantasy, 2009) 2009 – The Endangered Camp (yn Clockwork Phoenix; werprinte yn The Year's Best Science Fiction and Fantasy, 2010) 2010 – The Unknown God (yn Realms of Fantasy) 2010 – Beloved of the Sun (yn Beneath Ceaseless Skies) 2010 – Maiden, Mother, Crone (yn Realms of Fantasy) 2014 – Night's Slow Poison (yn Tor.com; spilet yn itselde hielal as de Imperial Radch-trilogy) 2014 – She Commands Me and I Obey (yn Strange Horizons; spilet yn itselde hielal as de Imperial Radch-trilogy) 2023 – The Long Game (koart ferhaal dat ûnderdiel is fan 'e searje Far Reaches, wêrfan't de oare dielen troch oare auteurs skreaun binne) 2024 – Lake of Souls (ferhalebondel)

Prizen en nominaasjes Jier Priis Resultaat Kategory Foar2013BSFA Awardwûnbêste roman Ancillary JusticeJames Tiptree, Jr. Awardnominearren.f.t.Ancillary JusticeNebula Awardwûnbêste roman Ancillary JusticePhilip K. Dick Awardnominearren.f.t.Ancillary Justice2014Arthur C. Clarke Awardwûnn.f.t.Ancillary JusticeBritish Fantasy Awardwûnbêste nijynkommeling (Sydney J. Bounds Award)Ancillary JusticeBSFA Awardwûnbêste roman Ancillary SwordCompton Crook Awardfinalistbêste debútromanAncillary JusticeHugo Awardwûnbêste roman Ancillary JusticeJohn W. Campbell Memorial Awardfinalistbêste roman Ancillary JusticeLocus Awardwûnbêste roman Ancillary JusticeNebula Awardnominearrebêste roman Ancillary Sword2015Hugo Awardnominearrebêste roman Ancillary SwordLocus Awardwûnbêste roman Ancillary SwordNebula Awardnominearrebêste roman Ancillary Mercy2016Hugo Awardnominearrebêste roman Ancillary MercyLocus Awardwûnbêste roman Ancillary MercyPrix Bob Moranewûnbêste oersetting fan in science fiction- of fantasyroman nei it FrânskAncillary JusticeSeiun Awardwûnbêste oersetting fan in science fiction- of fantasyroman nei it JapanskAncillary Justice2017 Grand Prix de l'Imaginairenominearrebêste bûtenlânske roman Imperial Radch-trilogywûnbêste oersetter (foar Patrick Marcel)Imperial Radch-trilogy (Les Chroniques du Radch)Seiun Awardnominearrebêste oersetting fan in science fiction- of fantasyroman nei it JapanskImperial Radch-trilogy

Keppelings om utens Offisjele webside fan Ann Leckie

Kategory:Amerikaansk romanskriuwer Kategory:Amerikaansk koarte-ferhaleskriuwer Kategory:Amerikaansk science fiction-skriuwer Kategory:Amerikaansk fantasyskriuwer Kategory:Amerikaansk ober of servearster Kategory:Amerikaansk lânmjitter Kategory:Amerikaansk administratyf meiwurker Kategory:Amerikaansk tydskriftredakteur Kategory:Amerikaansk bestjoerder Kategory:Persoan berne yn 1966