Grumman F6F Hellcat 275px Rol Jachtfleantúch Makker Grumman Earste flecht 26 juny 142 Yn tsjinst Jannewaris 1943 Ut tsjinst 1960 Marine fan Urûguay"Uruguayan Navy." aeroflight. Sjoen: 27 maaie 2012. Tal makke 12.275 (1942-1945) BrûkersUnited States Navy, United States Marine CorpsRoyal NavyFrânske Marine Priis $35.000 yn 1945Ferguson 2005, s. 149–175.

De Grumman F6F Hellcat wie in Amerikaanske jachtfleanmasine út de Twadde Wrâldoarloch. It tastel opererearre fan fleandekskippen ôf. It wie de opfolger fan de Grumman F4F Wildcat.

Hoewol't de Hellcat op syn foargonger like, wie it in nij ûntwerp, mei in sterkere motor. Yn it ûntwerp waard rekken holden mei de gefjochtsûnderfining tsjin de Japanske Zero. Tegearre mei de F4U Corsair wie de Hellcat de wichtichste jager fan de Amerikaanske Marine yn de twadde helte fan de oarloch.

De Hellcat waard it meast súsesfolle marinefleantúch, mei in totaal fan 5.163 oerwinningen (kills) op fijanlike tastellen (56% fan alle U.S. Navy/Marine oerwinningen yn de loft yn de oarloch). Dêrby giene 270 Hellcats ferlern. Hy wie yn tsjinst fan de Amerikaanske Marine, Mariniers en de Britske Royal Navy. Nei de Twadde Wrâldoarloch waard it tastel stadichoan ferfongen, mar de lêste Amerikaanske Hellcats diene tsjinst oant 1954 as nachtjager.

Technyske gegevens thumb|Grumman F6F-5 Hellcat Gegevens F6F-3 Gegevens F6F-5 Langte 10,10 m 10,23 m Spanwiidte 13,05 m 13,08 m Hichte 3,97 m 3,99 m Draachoerflak fleugels 31,03 m² 31,03 m² Motor ien 18-sylinder-dûbelstjermotor Pratt & Whitney R-2800-10W Double Wasp fan 2000 hk Topfaasje 612 km/o op 5.280 m 621 km/o Normaal fleanberik 1.745 km 1.674 km Bemanning 1 1 Tsjinstplafond 11.720 m 11.369 m Gewicht leech 4.100 kg 4.152 kg Gewicht by start 5.160 kg 6.991 kg Bewapening seis 12,7-mm-Browning M2-masinegewearen seis 12,7-mm-mgs mei 400 patroanen it stiktwa bommen of seis raketten (maks. 907 kg)

Besibbe ûntwerpen Chance Vought F4U Corsair Nakajima Ki-84 Kawanishi N1K1-J Kawanishi N1K2-J

Kategory:Amerikaanske jachtfleanmasine Kategory:Amerikaanske fleanmasine yn de Twadde Wrâldkriich Kategory:Yntroduksje út 1942