Anchnjam Ragtsjaagiin ('Anchnjam' is de foarnamme en 'Ragtsjaagiin' in patronym; Mongoalske foarm: Рагчаагийн Анхням, sekuerdere transliteraasje: Ragčaagijn Anchnjam) (1981) is in Mongoalsk aktrise. Yn 2012 waard har troch it regear fan Mongoalje de Kultuerwurkerspriis takend.
Ragtsjaagiin waard yn 2015 ynternasjonaal bekend troch har rol as Gasma yn 'e mannichfâld bekroande Sineeske dramafilm Wolf Totem, ek wol bekend as The Last Wolf of yn it Frânsk as Le Dernier Loup, dy't regissearre waard troch de Frânske regisseur Jean-Jacque Annaud. Op 'e ôftiteling fan dy film waard Ragtsjaagiin fermeld as Ankhnyam Ragchaa.
Ragtsjaagiin troude op 7 maart 2009 mei in Bajarsaichan Gotov, mei wa't se trije bern hat.
Keppelings om utens Anchnjam Ragtsjaagiin (Ankhnyam Ragchaa) op Unifrance.org Folsleine filmografy fan Anchnjam Ragtsjaagiin (Ankhnyam Ragchaa) yn 'e Internet Movie Database (IMDb)
Kategory:Mongoalsk telefyzje-akteur Kategory:Mongoalsk filmakteur Kategory:Persoan berne yn 1981