Biologyske lânbou is in lânboufoarm dêr’t mei klam rekken yn holden wurdt mei miljeu-effekten en de libbenstier fan bisten en dy’t yn de 20e iuw ûntstie as reaksje op it yndustrialisearjen fan de produksje fan iten. Foar syn lânboumetoaden jilde strangere foarskriften as foar dy fan de konfinsjonele lânbou. De strangere easken belangje it brûken fan bestridingsmiddels, it brûken fan keunstdong en it brûken fan genetysk modifisearre organismen oan. Der binne ferskate keurmerken dy’t it neikommen dêrfan kontrolearje.

Skaaimerken lânbou Ien fan de útgongspunten fan biologyske bou is it idee dat it natuerlike boaiemlibben de fruchtberens fan de grûn ferheget en dat dat libben beynfloede wurde kin.https://www.ams.usda.gov/publications/content/organic-production-handling-standards Yn positive sin troch it brûken fan bygelyks kompost en dong, yn negative sin troch it brûken fan keunstdong, bestridingsmiddes en swier ark dat de grûn tichtset. Dêrnjonken besykje de measte metoaden de natuer sa min mooglik te skansearjen en dêr wêr’t dat mooglik is ekologyske ynsichten yn te setten foar in optimale produksje.

It brûken fan bestridingsmiddels Der wurde gjin syntetyske bestridingsmiddels brûkt yn de biologyske lânbou. Tastiene middels binne:Skal inputlist Sjippe minerale oalje izer(III)fosfaat baktearjepreparaten kopersulfaat swevel pyretrine plantaardige bestridingsmiddels Der binne neffens de EU-rjochtline fyftjin bestridingsmiddels (ynsektisiden, antyskimmelmiddels tastien, meast fergifstoffen út planten of baktearjes of mei in antagonistyske wurking. Sa is troch EU-feroardering nr. 404/2008 it ynsektiside (fan bakteariële oarsprong) Spinosad tastien. Spinosad is lykwols slim skealik foar bijen en mei dêrom net yn de bloeitiid brûkt wurde. Fierder legitimearret deselde feroardering ek it brûken fan kaliumkarbonaat en koperoktanoaat by de bestriding fan ferskate skimmelsykten.

Ek binne in tal ripingsbegeunstigers wol tastien. Sa is troch dizze feroardering it brûken fan etyleen yn beskate gefallen tastien, ûnder oare by it neirypjen fan sitrusfruchten.

Genetysk modifisearre gewaaksen It brûken fan genetysk modifisearre gewaaksen is ûnder de (net wetlik fêstleine) kritearia fan de International Federation of Organic Agriculture Movements (IFOAM) en de (wetlik fêstleine) Jeropeeske feroardering foar biologyske lânbou net tastien.

De gewaakssoarte en de wize fan ferbouwen Metoades dy’t brûkt wurde yn de biologyske ikkerbou en túnbou om it brûken fan bestridingsmiddels foar te kommen binne ûnder oare it kiezen foar resistinte rassen en fruchtwiksel wêrby’t gewaaksen minder frekwint op itselde stik boud wurde. Der wurdt in fruchtwikselskema fan fiif oant sân jier oanholden. By it opkommen fan sykten of pleagen rispje se bytiden earder. Wichtich is om te wurkjen oan de wjerstân fan planten en oermjittich bedongjen te mijen. Inkeld passe biologyske kwekers biologyske bestriding ta.

Keunstdong mei útsûndering fan kieserite mei net brûkt wurde, dong út oare feehâldersystemen sa min mooglik. Túch wurdt foar in grut part mei de hân of masinaal bestriden.

In soad biologyske boeren binne ek yn oare opsichten oars mei de lânbou dwaande as ‘gewoane’ boeren. Se ha faker in mingd bedriuw, (sawol ikkerbou as feehâlderij) en besteegje mear wurk en tiid oan natuerbehear op it bedriuw.

Skaaimerken feehâlderij Ek binne der tal fan regels oer de wize dêr’t mei de libbenstier fan bisten omgien wurdt.

Libbensomstannichheden It tal kante meters dat in bist ta syn foldwaan hat is grutter, der binne beheinings foar it op stâl setten en bargen, kij en hinnen krije deiljocht en in frije útrin nei bûten. It rûtinemjittich ôfbaarnen fan snaffels by hinnen en it sturtknippen by bargen mei net. It kastrearjen fan bargen is ek ferbean.

Iten Bisten moatte, dêr wêr’t dat mooglik is, fuorre wurde mei biologysk produsearre feefoer. Allinnich as der gjin genôch biologysk foer foarhannen is mei troch de feeboer oar foer ynkocht wurde, mar dat komt komselden foar. Herbifoaren moatte yn alle gefallen 100% biologysk fuorre wurde.

Medisinen Krekt as yn net-biologyske lânbou is it brûken fan groeihormoanen by it produksjeproses ferbean. Ek antybiotika meie net previntyf tatsjinne wurde, allinnich as in bist siik is. In fleisbaarch mei yn syn libben mar ién kear mei medisinen behannele wurde, drachtige sûgen foar twa ferskillende oandwanings jiers. Foar kij jildt ek dat se foar twa oandwanings jiers behannele wurde meie.

Skaaimerken fan makke iten Bedriuwen dy’t biologysk iten meitsje wolle moatte yn it besit wêze fan de krekte sertifikaten. Der moat in dúdlike administraasje byholden wurde fan biologyske grûnstoffen dy’t binnenkomme, en biologyske produkten dy’t levere wurde oan bygelyks winkels of oaren mei regulier itensguod.

Biologysk iten mei gjin gemysk-syntetyske rook-, kleur- en smaakstoffen hawwe en ek gjin konservearringsmiddels. Der binne ek strange easken oangeande de etikettearring. As útsûndering op de algemiene regel mei biologyske wyn oars wól sulfiten hawwe. Yn wêzen bestiet der gjin biologyske wyn mar is it wyn fan biologysk kweekte druven. De finifikaasje dêrfan stiet it brûken fan sulfyt ta.Voedingscentrum.nl: E-nummers, Factsheet Besjoen op 17 juny 2020.

Easken en wetjouwing Biologyske lânbou wurdt yn in soad lannen wetlik as produksjemetoade erkend. Om har te ûnderskieden fan konfinsjonele lânbou, mar ek fan oare produksjemetoaden wurde de produkten ûnder in keurmerk ferkocht dat garandearret dat de regels opfolge waarden op it mêd fan: sertifikaasje en tafersjoch; keunstdonggebrûk; medisyngebrûk, yn it bysûnder antybiotika; genetysk manipulearre organismen; komôf fan ynkochte produksjemiddels lykas feefoer; restriksjes yn it brûken fan gemyske bestridingsmiddels.

Jeropeeske wetjouwing en keurmerk De earste Jeropeeske Feroardering oangeande biologyske lânbouprodukten is fan 1991 (EU-Feroardering 2092/91) en line op de noarmen fan de IFOAM, de wrâldwide organisaasje fan de biolânbou. Anno 2015 jilde de Jeropeeske Feroarderingen 834/2007, 889/2008 en 1235/2008. Yn de Jeropeeske Lidsteaten kinne dochs noch ferskillen foarkomme as gefolch fan ynterpretaasjes fan dizze basiswetjouwing.

Yn de Jeropeeske Uny is ién keurmerk ôfpraat. It logo is grien en hat 12 wite stjerren dy’t meiïnoar in planteblêd foarstelle. Dit logo ferfangt it logo dat oant 1 july 2010 gou. Op produkten meie ek oare keurmerken set wurde.Organic Farming: Questions & Answers. Agriculture and Rural Development

Oare keurmerken Keurmerken dy’t de konsuminten ek op produkten tsjinkomme kinne, kinne minder strang of krekt stranger wêze as de Jeropeeske regeljouwing. Oan dy lêste wurdt soms it ferwyt makke dat se allinnich each hawwe foar lânboutechnyske kritearia, mei útsluten fan oare prinsipes fan ekologyske (b.g. biodiversiteit, enerzjy- en wettergebrûk, koarte keatlings) en sosjale (arbeidsbetingsten),Banken, Cathy, url= http://oikos.be/tijdschrift/ Participatieve garantiesystemen, Oikos, 2015, nr. 2, s. 63-74 of spirituele aard (b.g. antroposofy). Inkelde keurmerken:

It EKO-keurmerk wurdt takend troch Stifting EKO-keurmerk.eko-keurmerk.nl Dit keurmerk jout oan dat in bedriuw neffens biologyske kritearia wurket, koartwei sein dat gjin bestridingsmiddels fan keunstmjittich komôf of keunstdong brûkt wurdt. It Demeter-keurmerk jout oan dat der wurke wurdt neffens biologysk-dynamyske prinsipes, basearre op de antroposofy fan Rudolf Steiner. Milieukeur is in Nederlânsk keurmerk basearre op regeljouwing dy’t minder strang is as bygelyks de biologyske lânbou. It Belgyske keurmerk Biogarânsje. It Beter Leven skaaimerk fan de Nederlânske Dierebeskerming dat in skiedingsline oanjout tusken fleisprodukten út de yntinsive feehâlderij en de biologyske greidbuorkerij.Dierenbescherming: Beter Leven

De measte fan dizze keurmerken berêste op it prinsipe fan kontrôle troch in eksterne ynspeksje- en sertifikaasje-ynstelling, in proseduere dy’t lykwols foar in soad earmere boeren yn de wrâld te djoer en omslachtich is. Dêrom waarden al sûn de sechstiger jierren ferienfâldige prosedueres úttocht foar kontrôle ûnderinoar, basearre op betrouwen en it ûnderskriuwen fan mienskiplike prinsipes. Ien fan de âldste keurmerken is dat fan Nature et Progrès yn Frankryk (oprjochte yn 1964). Dit type fan keuring waard troch IFOAM formalisearre yn in partisipartyf garânsjesysteem (PGS), wêrmei’t ek bûten de lânbou betroubere keurmerken ôflevere wurde kinne.{url=http://www.ifoam.bio/en/value-chain/participatory-guarantee-systems-pgs PARTICIPATORY GUARANTEE SYSTEMS (PGS), IFOAM

Omfang De groep konsuminten, dy’t biologysk produsearre iten keapet, nimt ta. Njonken natueritensguodwinkels biede ek supermerken in hieltyd grutter assortimint biologyske produkten oan.

Nederlân Yn 2004 wie it merkoandiel fan biologysk itensguod 1,8% en it biologysk lânbou-areaal 2,5% (48.155 hektare) fan it totaal.Foar mear merkfynformaasje sjoch Bio-monitor 2006. Sûnt 2004 is it biologysk areaal stadichoan sakke nei 47.019 hektare oan de ein fan 2007 om yn 2008 wer te groeien nei 50.435 hektare.http://www.agriholland.nl/dossiers/bioland/home.html#omvang Yn 2010 wie it merkoandiel fan biologyske produkten omheech gien nei 2,5 persint.

Suvel Nederlân hie yn 2010 sawat 325 biologyske feeboeren. Troch de tanimmende fraach nei biologyske suvel is der krapte kommen. Yn 2010 moast biologyske molke ymportearre wurde út Dútslân en Denemarken.Verkoop biologische zuivel groeit, 29 septimber 2010

Biologyske produkten en sûnens De biologyske lânbou hâldt rekken mei syn belesting fan de natuer en kiest foar miljeu- en bistefreonliker produksjewizen, mar is net rjochte op it produsearjen fan ‘sûner’ iten. Dochs blykt út konsuminte-ûndersyk dat it grutste part fan de keapers fan biologysk iten dat dogge om reden fan sûnens.Elvi van Wijk-Jansen, Amber Ronteltap en Laura Jager, Het gezonde van biologisch voedsel: de beleving van consumenten. LEI Weinum UR, desimber 2009

Hoewol’t it net ûntinkber is dat biologysk guod sûner is, blykt út guon wittenskiplike ûndersiken dat dit ferskil net sinjifikant is. Yn 2012 bliek út in meta-analize fan 45 ûndersiken dat biologyske produkten sawat 30% minder oan pestisiden hat, mar ek de net-biologyske produkten bleaune binnen de feilichheidsmarzjes. Dêrfoaroer hat biologysk bargefleis mear E-koly-baktearjes, al geane dy dea as it goed trochbakt is. Biologysk fleis blykt wol minder risiko op te smiten op resistinte baktearjes. Biologysk iten wykt ek amper ôf kwa fiedingswearden fan yndustrieel makke iten. Allinnich fosfor komt faker foar, dêr’t in sûn persoan dochs al gjin brek oan hat.Ellen de Visser, Onderzoeksanalyse: biologisch eten niet gezonder. Volkskrant.nl, 4 septimber 2012 It Voedingscentrum beskôget biologysk iten like sûn as net-biologysk iten.Biologisch. Besjoen op 24 juny 2014

It konsumintebûn kaam nei ferlykjen fan 15 grienten ta de konklúzje dat biologysk kweekte gewaaksen amper in bettere fiedingswearde hawwe.Hoe logisch is biologisch?. Consumentengids, febrewaris 2006 De Ingelske Food Standards Agency die yn 2009 in mânske literatuerstúdzje fan alle wittenskiplik ûndersyk op dit mêd en kaam ta de konklúzje dat der op dit stuit gjin wittenskiplike basis is om biologysk iten as sûner as net-biologysk iten oan te tsjutten.Comparison of putative health effects of organically and conventionally produced foodstuffs: a systematic review. juli 2009 Ek in ûndersyk dat yn 2012 yn Annals of Internal Medicine publisearre waard konkludearre dat der gjin bewiis is dat biologysk iten gâns streksumer is. It risiko om oan in maksimaal talitten wearde fan in bestridingsmiddel te kommen ferskilt net folle tusken biologysk en konfinsjoneel iten.Smith-Spangler, Crystal e.a. Are Organic Foods Safer or Healthier Than Conventional Alternatives?A Systematic Review. Annals of Internal Medicine. 2012 Sep;157(5):348-366.