Bajartsetseg Altangereliin ('Bajartsetseg' is de foarnamme en 'Altangereliin' in patronym; Mongoalske foarm: Алтангэрэлийн Баярцэцэг, sekuerdere transliteraasje: Altangerelijn Bajarceceg) (Ulaanbaatar, 29 novimber 1990) is in Mongoalsk model en aktrise. Bûten Mongoalje wurdt har namme gauris ôfkoarte ta Bayartsetseg Altangerel.

Altangereliin helle yn 2015 it twadde plak by de skientmewedstryd Miss World Mongolia, en yn 2016, doe't se fannijs meidie, wûn se dy titel. Dêrtroch mocht se dat jiers har heitelân fertsjintwurdigje op 'e ynternasjonale Miss World-ferkiezing, dêr't se yn 'e top 11 einige en de publykspriis Miss World People's Choice wûn, as opfolchster fan 'e Fjetnamese Trần Ngọc Lan Khuê. Teffens wûn Altangereliin yn 2016 de titel Miss World Talent, as opfolchster fan 'e Guyanese Lisa Punch.

Kategory:Mongoalsk model Kategory:Miss Mongoalje Kategory:Mongoalsk filmakteur Kategory:Persoan berne yn 1990