Fitamine B6 is de term dy’t brûkt wurdt om in groep fan natuerlike pyridinederivaten en har fosfaatesters oan te tsjutten dy’t yn it lichem yninoar omset wurde kinne. Fitamine B6 fungearret as ko-faktor yn mear as 140 biogemyske reaksjes. De measte fan dy reaksjes slane op de aminosoer-stofwiksel en oare stikstofhâldende ferbinings, mar ek yn de selenerzjyhúshâlding en de lipidestofwiksel en by de produksje en aktiviteiten fan beskate hormoanen hat fitamine B6 in rol. Fitamine B6 is in wetteroplosber fitamine.

Foarmen Fitamine B6 komt yn trije ferskillende foarmen foar, dy’t fan elkoar ferskille troch de groep op de 4-posysje: Pyridoksine (PN) (de alkohol pyridoksol) en pyridoksine-5-fosfaat (PNP). Pyridoksine is de foarm dy’t meast yn fiedingssuppleminten brûkt wurdt, sa goed as altyd bûn oan in hydrogloaride-groep (pyridoksine-HCl). Op de 4-posysje sit in hydroksymetylgroep. Pyridoksal (PL) (it aldehyde) en pyridoksal-5-fosfaat (PLP). Foar pyridoksine oer is by pyrodoksal de CH2OH-groep ferfongen troch in aldehydegroep (CHO). PLP is de metaboalysk aktive foarm. Pyridoksamine (PM) (it amine) en pyridoksamine-5-fosfaat (PMP). Foar pyridoksine oer is by pyriodoksamine de CH2OH-groep ferfongen troch in aminometyl-groep (CH2NH2).

Hoewol’t ek fan PMP in funksje as kofaktor bekend is, is de metaboal meast aktive foarm it pyridoksal-5-fosfaat (PLP), dat yn de lever foarme wurdt út pyridoksal.

4-pyridoksinesoer (PA) is it ôfbrekprodukt fan fitamine B6 dat mei de urine útskieden wurdt. Dizze foarm wurdt meast net ta de fitamine B6-groep rekkene.

Hoewol’t dizze fitamine yn trije foarmen bestiet, wurdt de term pyridoksine geregeld brûkt om de hiele fitamine B6-groep oan te tsjutten. De aktivearre foarmen fan pyridoksal en pyridoksamine (de fosfaatesters) binne aktive ko-ensymfoarmen en kinne yn elkoar omset wurde, in proses wêrby’t fitamine B2 en fitamine B3 as kofaktors nedich binne. Dizze ynterkonferzje spilet in wichtige rol by de biologyske funksjes fan dizze fitamine.

De minsken en oare primaten binne ôfhinklik fan de oanfier fan fitamine B6 út eksterne boarnen. Fosforilearre foarmen fan fitamine B6 wurde defosforilearre yn it maach- en termknaal foardat se opnommen wurde. Alle trije foarmen fan fitamine B6 (pyridoksine, pyridoksal en pyridoksamine) wurde yn de tinne term maklik opnommen. Oerstallich pyridoksine wurdt mei de urine útskieden.

Skiednis Fitamine B6 is ûntdutsen by in ûndersyk nei de oarsaak fan pellagra. Ferskillende groepen ûndersikers wiene oan de ein fan de tweintiger jierren fan de foarige iuw op syk nei de faktor dy’t pellagra foarkomme kin. Joseph Goldberger hie yn 1926 by rotten ûntdutsen dat tafoeging fan in lytse hoemannichte bakkersgist oan it iten in pellagra-eftige hûdsykte (dermititis acrodynia) tefoaren komme koe. De Hongaarske mikrobiolooch en biogemikus Paul György beskreau yn 1934 as earste fitamine B6 as de “rat pellagra previnsjefaktor” yn bakkersgist.György P. Vitamin B2 and the Pellagra-like Dermatitis in Rats (1934) Nature 133:498-499. Yn in [http://www.nature.com/nature/journal/v144/n3646/abs/144512a0.html lettere publikaasje fan György oer itselde ûnderwerp wurdt ferkeard (ferkeard sidenûmer) oan dizze publikaasje referearre.. Hy neamde de faktor "rat acrodynia factor" of adermine. Yn 1938 slaggen fiif ferskillende groepen wittenskippers, wêrûnder György, deryn om fitamine B6-kristallen te isolearjen út de faktor dy’t pellagra tefoaren komme kin fan Goldberger.Mooney S, Leuendorf J-E, Hendrickson C, Hellmann H., 2009-01-12,Vitamin B6: a long known compound of surprising complexity, Molecules, s. 329–51, issn 1420-3049 Dit is in open access artikel, beskikber ûnder de lisinsje Creative Commons Nammefermelding (CC BY; ferzje 3.0).

Yn 1939 wist in oare groep ûndersikers (Stanton A. Harris en Karl Folkers) de struktuer fan pyridoksine op te helderjen en waard de stof foar it earst syntetisearre. Paul György stelt dan de namme pyridoksine út, fanwege de strukturele besibbens oan pyridine. Yn 1945 toande Esmond Emerson Snell oan dat der twa oare foarmen fan fitamine B6 besteane, nammentlik pyridoksal en pyridoksamine. Alle trije foarmen fan fitamine B6 binne prekursors fan in aktivearre foarm, pyridoksal-5-fosfaat (PLP). Yn 1957 waard troch Snyderman foar it earst fêststeld hoefolle fan dizze fitamine de minske deis brek is.

Letter die bliken dat fitamine B6 yn 1932 al isolearre wie en beskreaun troch de Japanner Ohdake, dy’t dwaande wie mei de isolaasje fan oryzanine (fitamine B1) út rysslypsel. Hy fûn fitamine B6 as in byprodukt, beskreau de formule, mar wie him der net fan bewust dat er in fitamine ûntdutsen hie en wat it belang dêrfan wie.

Biosynteze Yn de natuer binne der twa ferskillende manieren bekend dêr’t fitamine B6 op de novo syntetisearre wurde kin. Yn eubaktearjes lykas Escherichia coli wurdt pyridoksine-5-fosfaat (PNP) makke út 4-fosfohydroksy-L-treonine (4HPT) en deoksyksyloaze 5’-fosfaat (DXP) mei help fan trije ferskillende biosynteze-aaiwiten. Dit reaksjepaad is ôfhinklik fan DXP, Yn baktearjes, archaea en eukaryoaten bestiet in twadde biosyntezerûte wêryn’t pyridoksal-5-fosfaat (PLP) makke wurdt út riboaze 5’-fosfaat of ribuloaze-5’-fosfaat yn kombinaasje mei ofwol glyseraldehyde-3’-fosfaat of dihydroksyasetonfosfaat en glutamine. Dit reaksjepaad is ûnôfhinklik fan DXP.

Njonken de direkte synteze fan nij PNP of PLP binne dizze foarmen fan fitamine B6 ek yn elkoar om te setten troch it saneamde "Salvaazje"-reaksjepaad. Dizze omsettings komme ta stân troch de aksje fan ofwol kinazes ofwol oksidazes. De measte dieren, wêrûnder de minske, beskikke allinnich oer it “Salvaazje"-reaksjepaad.

In wichtige stap yn it ôfbrekken fan fitamine B6 is de defosforilearring fan PLP/PMP/PNP, want dy stap makket bot de beskikberens fan aktive fitamine B6 kofaktors út. Hoewol’t ek net-spesifike ôfbraak fan fitamine B6 bestiet troch alkalyske fosfataze en soere fosfataze binne der by ferskillende organismen foarmen fan fosfatazes beskreaun dy’t spesifyk de fosforilearre foarmen fan fitamine B6 as substraat hawwe. Ien fan de bêst beskreaune foarmen is it ensym pyridoksal fosfataze (PLPP) by de minske. It komt yn ferskate weefsels foar, mar benammen yn de harsens, lever en testes. Dit ensym is foar syn wurking ôfhinklik fan magnesium.

Funksjes yn it lichem Yn de earste tiid nei de ûntdekking fan fitamine B6 waard oan fitamine B6 benammen in rol as groeifaktor taparte. Troch fierder wittenskiplik ûndersyk is ûnderwilens dúdlik wurden dat dat mar in tige rûge beskriuwing is fan de o sa útienrinnende rol dy’t fitamine B6 spilet yn ferskate krúsjale libbensfunksjes.

De ko-ensymfoarm fan fitamine B6 (pyridoksal-5-fosfaat) is essinsjeel foar de wurking fan mear as 140 fitamine B6-ôfhinklike ensimen. Dizze ensimen katalisearje ferskate biogemyske reaksjes yn de lea, wêrtroch de fysiologyske funksjes fan fitamine B6 ek slim útienrinne:

Aminosoerstofwiksel: Ién fan de wichtichte funksjes fan fitamine B6 is de funksje as ko-ensym by alle aminearjende en transaminearjende reaksjes. Dit binne reaksjes wêrby’t aminogroepen oerdroegen wurde. Sa hat fitamine B6 in wichtige rol by it omsetten fan aminosoeren en neurotransmitters en biogene aminen. Synteze fan mono-amine-neurotransmitters: Fitamine B6 soarget foar dekarboksylearring fan aminosoeren, wêrtroch’t amines makke wurde. In soad fan dizze amines binne wichtige neurotransmitters en hormoanen. Op dizze wize is fitamine B6 belutsen by de biosynteze fan op syn minst fjouwer wichtige (mono-amine) neurotransmitters: serotonine, dopamine, adrenaline en noradrenaline. Fitamine B6 is in essinsjele kofaktor fan twa ensimen yn it omsetten fan tryptofaan yn serotonine, nammentlik tryptofaanhydroksylaze en 5-hydroksytryptofaan-dekarboksylaze. In lege fitamine B6-status is dus ferantwurdlik foar lege serotinenivo’s. In groeiende hoemannichte ûndersyk relatearret in lege fitamine B6-ynname mei depresje.Williams AL, Cotter A, Sabina A, et al. The role for vitamin B-6 as treatment for depression: a systematic review. (2005) Fam Pract 22:532-537. fergees folsleine artikel.Almeida OP, Marsh K, Alfonso H, et al. B-vitamins reduce the long-term risk of depression after stroke: The VITATOPS-DEP trial. (2010) Ann Neurol 68:503-510. Yn dit Australysk ûndersyk namen 270 minsken yn trochsnee sân jier lang alle dagen in supplemint mei 200 msg foliumsoer, 25 mg fitamine B6 en 500 msg fitamine B12 of in plasebo.Sánchez-Villegas A, Doreste J, Schlatter J, et al. Association between folate, vitamin B(6) and vitamin B(12) intake and depression in the SUN cohort study. (2009) J Hum Nutr Diet 22:122-133. fergees folsleine artikel.Ford AH, Flicker L, McCaul K, et al. The B-VITAGE trial: a randomized trial of homocysteine lowering treatment of depression in later life. (2010) Trials 11:8. fergees folsleine artikel.Merete C, Falcon LM, Tucker KL. B6 is associated with depressive symptomatology yn Massachusetts earne oars (fergees). (2008) J Am Coll Nutr 27:421-427.. Synteze fan GABA: Fitamine B6 is belutsen by de foarming fan de neurotransmitter gamma-aminobûtersoer (GABA). It is in kofaktor fan it ensym glutamaatdekarboksylaze dat in soergroep fan glutaminesoer ferwideret. Synteze fan histamine: Om inselde reden is fitamine B6 belutsen by de histaminesynteze. Pyridoksal-5-fosfaat is wichtich foar it metaboalisme fan swevelhâldende aminosoeren (metionine, systeïne, taurine). It toksyske homosysteïne, in metaboalyt fan metionine, kin remetylearre wurde ta metionine of omset wurde fia transsulfurearring yn systeïne troch fitamine-B6-ôfhinklike ensimen (systationinesyntaze en systationaze), dy’t ek ôfhinklik binne fan fitamine B12 en foliumsoer. Sûnder fitamine B6 heappet homosysteïne him op en ûntstiet hyperhomosysteïnemy. Foarming fan fitamine B3: Fitamine B6 hat in wichtige rol by it omsetten fan tryptofaan yn nikotinesoer (fitamine B3). In lege fitamine B6-status sil dy omsetting remje. Om dy reden spilet B6 ek in rol yn de golesterolstofwiksel. Synteze fan hiemferbinings: Fitamine B6 is belutsen by it oanmeitsjen fan 5-aminolefulinesoer út it aminosoer glysine, de earste stap yn de porfyrinebiosynteze dy’t nedich is om hiemferbinings te foarmjen. Op dy wize is fitamine B6 belutsen by it oanmeitsjen fan hemoglobine, mar it is ek nedich by it ynkorporearjen fan izer yn it hemoglobinemolekúl, wêrtroch’t fitamine B6 it fermogen fan reade bloedsellen fergruttet om soerstof te binen en wer ôf te jaan. Hiemferbinings binne ek it aktive sintrum fan myoglobine, wat de rol fan fitamine B6 by de wurking fan hert- en skeletspieren ferklearret. Ek yn sytogroomferbinings yn de mitogondrye is hiem it sintrale molekúl, wat in ferklearring is foar it effekt fan fitamine B6-defisjinsje op de enerzjystofwiksel.

Boarnen Yn iten is fitamine B6 meast bûn oan aaiwiten. Pyridoksine komt benammen yn planten foar, wylst pyridoksal en pyridoksamine benammen yn dierlik weefsel oantroffen wurdt. Tige rike dierlike boarnen fan fitamine B6 binne hin (4,2 mg de kilo) en lever (kowelever, bargelever) (1,1 mg de kilo). Goede boarnen binne fleis (skinke) en fisk (tonyn, forel, heilbot, hjerring, Salm), aaien. Dierlike boarnen fan fitamine B6 befetsje benammen it goed op te nimmen pyridoksaal-5-fosfaat en pyridoamine-5-fosfaat.

Goede plantaardige boarnen fan fitamine B6 binne hiele granen, púlfruchten, bananen, nuten (wâlnuten 7,3 mg de kilo), bôle, mais en grouweitenbôle. Grienten en fruit binne relatyf earm oan fitamine B6, hoewol’t guon produkten út dizze kategory dochs noch synjefikante hoemannichten fitamine B6 hawwe, lykas beane en blomkoal, en rezinen.