De trapeftigen (wittenskiplike namme: Otidiformes) foarmje in skift klasse fan 'e fûgels (Aves), de ûnderklasse fan 'e moderne fûgels (Neornithes), de tuskenklasse fan 'e nijkakigen (Neognathae), it boppeskift fan 'e nije fûgels (Neoaves) en de noch rangleaze groep fan 'e trapfoarmigen (Otidimorphae). Dit skift bestiet mar út ien inkelde famylje, nammentlik dy fan 'e trapfûgels (Otididae), dy't sels wer útinoar falt yn alve skaaien mei yn totaal 26 soarten. De trapeftigen binne nau besibbe oan 'e toerako-eftigen (Musophagiformes) en de koekoekeftigen (Cuculiformes).

Beskriuwing Trapeftigen komme foar op 'e steppes en yn 'e healwoastinen fan Jeraazje, Afrika en Austraalje. It binne skouwe fûgels dy't op 'e grûn libje, hoewol't se goed fleane kinne. Se hawwe stevige, mar lange poaten, in lange hals en brede wjukken. Ornaris binne se brún of griis en hawwe se dûnkere streken en plakken oan 'e boppeside fan it lichem, wylst se oan 'e ûnderkant witich, gielich of swart binne. Trapeftigen binne omnivoaren, dy't lykwols yn 'e regel plantaardich fretten beplúzje.

Skiftopbou

skift trapeftigen (Otidiformes) famylje trapfûgels (Otididae) skaai burdtrappen (Houbaropsis): 1 soarte skaai Eastafrikaanske trappen (Neotis): 4 soarten skaai grutte trappen (Otis): 1 soarte skaai hartlaub- en swartbúktrappen (Lissotis): 2 soarten skaai kraachtrappen (Chlamydotis): 2 soarten skaai lytse Yndyske trappen (Sypheotides): 1 soarte skaai lytse trappen (Tetrax): 1 soarte skaai reuzetrappen (Ardeotis): 4 soarten skaai Súdafrikaanske trappen (Eupodotis): 5 soarten skaai swarte trappen (Afrotis): 2 soarten skaai toeftrappen (Lophotis): 3 soarten

Kategory:Fûgelskift